Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Wat is it dat je as skriuwer skriuwe? Hawwe je in boadskip dat je yn in moaie foarm getten oan ’e wrâld fertelle wolle? Of wolle je graach wat oandacht hawwe, in beskieden bekendheid opbouwe sadat je ego opkrikt wurdt?

En wannear’t je dan wat skreaun hawwe dat de wrâld yngiet en omtinken kriget, hoopje je dan dat de ferkeap fan jins boeken omheechgean sil, of fine je dat allinnich mar moai om jins earder neamde ego op te krikken? Dat je jesels yn ’e krante stean sjogge, is leuk en dat je (werris) filme wurde ek, mar it giet dochs om it skreaune, tinkt my. Dat wolle je graach de wrâld yn hawwe, mei boadskip of net.

Mar ik skriuw foar mysels, seit ien. As it no de wrâld yn giet of net, ik soe net ophâlde te skriuwen. Dêr leau ik net folle fan. Ik skriuw ek om’t ik der in soad niget oan ha. It kreative proses, ferdivedaasje, gewoan moai wurk om te dwaan. Mar as der gjin poadium wie om je geastesberntsjes as yn in kresj ta ûntwikkeling en groei komme te litten, dan wit ik it net. Soe dat kreative proses dan net opdroegje, sokssawat fan ‘lit dan ek mar’? It is in kombinaasje fan beiden, liket my sa ta. En dan is it moai dat Ensafh sa’n poadium biedt. Spitigernôch it iennichste poadium yn it Frysk…