Anneke van Renssen, Willem Winters

Afrika, Beethoven, Bolero, Händel / Swarte muzyk

logo.ensafh

Ik ha deis sa myn fêste programma. Om acht oere hinne út bed, twa grutte bakken kofje, de Folkskrante lêze, ûnder de dûs. Om tolve oere hinne in stikje bôle mei tsiis en in gleske molke. Willem soarget dêrfoar. Bytiden wol ik gjin tsiis mar in aaike. Sêft. As ik út ’e bân spring in tosty. Middeis is it tiid foar it echte wurk. Dan moat ik oan ’e gong mei de boekhâlding fan ús soan Marten, ik wit net wat foar oare putten foar him en neitinke oer wat ik no wer skriuwe sil. Tsjin fjouwer oere is it tiid foar myn deistige programma op tillevyzje: ‘Wie is de chef?’  Ferskriklik, mar ik bin no ien kear sljocht op iten siede en wol altyd witte hoe’t oare minsken dat oanpakke.
En dan moat er noch in hiele protte maild wurde oan freonen en bekenden. En sels iten siede fansels. Jûns haw ik it wer drok. Alwer maile. Want de kontakten moatte wol byhâlden wurde. Om in oere of tsien is it tiid foar ‘Nieuwsuur’ en as it in bytsje tasit ‘Het uur van de wolf’. Dizze wike wie it goed raak: ‘Beethoven in Afrika’. Prachtich! Tegearre mei Willem koe ik gjin genôch krije fan al dy moaie froulju yn moaie klean, oant de knibbels yn ’e drek mar ûndertusken sjonge as gealtsjes. Beethovens njoggende, de Bolero fan Ravel en sels Händel  fleagen der út as wie it neat. Ik ha my deagniisd, mar snapte der neat fan. Hoe koe dit? Wat hawwe de minsken yn Afrika te krijen mei dizze  Westerske muzyk? Neat neffens my. Se moatte dochs gjin inkele bining mei Beethoven, Ravel of Händel hawwe. Livingstone, kening Leopold fan België, sels Paul Krüger kin ik my foarstelle. Utrûpele, honger, oarloch en wat op trommels roffelje, maskers, dat is Afrika foar my.
Fout. Beethoven, Ravel en Händel hearre dêr no ek by. En de Stones, want Willem hat yntusken hjoeddeiske Afrikaanske muzyk út ’e biblioteek helle en no daveret it hûs sa no en dan fan Afrikaanske Stones. Wat in dokumentêre al net dwaan kin…

Anneke van Renssen

Swarte muzyk

Foar’t men it yn ‘e rekken hat spuit men de slimste foaroardielen. Mar nim no de swarte muzyk, binne swarten dêr dan net better yn as witen?
Fansels bin ik ek ree dat te tinken. Jazz & blues, echt swarte muzyk, dêr’t witen faak net oan tipje kinne.
Se binne der hast net mear, dy stokâlde swarten, dy’t mei harren gitaar, dêr’t se harsels op spyljen leard hawwe, achter it hinnehok de blues spylje. Krekt sieten se dêr noch yn it sintsje, sa stienen se yn Utert op it poadium.
Ik haw se noch sjoen, âlde gammele kearels, dy’t mei twa man op it poadium brocht wurde moasten. Siet san man ienkear op it krukje, sloech er twa trije akkoarden oan op ‘e piano, dan lei de hiele seal oan syn fuotten. Dy mannen spílen de blues net, hja wíene de blues.

De blues wie fan grutte betsjutting foar de popmuzyk. Tink oan de Rolling Stones, dy’t sels mei Muddy Waters – the man who put the unk into the funk! – spilen.
Mar ek yn de wat lichtere muzyk komme wy bysûndere swarten tsjin. Sa as Fats Domino, dy’t mei in hânfol nûmers al hast in heale ieu altyd wer it publyk by de kiel pakt.

Op in dei as hjoed – mistich, kâld, drippende beammen – mei ik graach wat blueseftige muzyk draaie.
Hat de swarte muzyk de wite sterk beynfloede, der is ek swarte muzyk beynfloede troch wite. Sa haw ik in kassettebantsje mei nûmers fan ik wit net wa, mar it begjint mei tradisjoneel trommeljen, dan falle de koperblazers yn, en dat giet my troch ieren en sinen. Yn’t earst komt it tige gaotysk oer, mar nee, dat is krekt moaie, it meislepende, de betsjoening.
En fan’e wike helle ik in cd út de biblioteek fan it Orchestra National da Borbes en dêr spilet my dit swarte orkest Sympathy for the devil, jawis, Stones!
Moaier foarbyld fan kulturele yntegraasje lit him net tinke of it moast dat orkest út ‘e Kongo wêze dat alhiel yn ‘e besnijing is fan ús klassiken as Beethoven (de 9e fansels, klop, klop, klop…) en Händel (fanwege de bling-bling music for the Royal fireworks) en Ravel (om’t it omtrint swarte muzyk is).

Nee, fan my bliuwt it noch in pear dagen dizenich en damp. Ik ynstallearje my by de kachel en draai de blues from all over the world.

Willem Winters