
Wêr sit it triedsje om te folgjen as men by de kearn fan Elmar Kuiper syn bondel Granytglimkes komme wol? Sjoch side 9:
ik krij in hân beet
knip de neilen fan myn deade heit
ik kom yn it libben
Sjoch side 31:
as in bidsprinkhoanne hapt yn ’e klaai
meditearje ik de knibbels stikken
liebherr
dit lân is myn lân
dêr’t ik de tonge lis op stielen ekers
en slyn fan it boerelulleljocht
genês my
as ik myn grûn ûntmantelje
it gers losskoef
Sjoch side 61:
adam triuwt in fertrietwin
nei it eachein
eva dolt in farske kûle
De nacht smyt modder oer de grutte
freet fan de mienskip
o tútsje my
Fan it gedicht ‘achte lêzer’ op s. 60 giet de earste rigel sa: ‘ik leau net yn it wûnder dat sêft tept oan it hier’. En dat lit de dichter op elke side, yn elke rigel sjen. Hy seit syn dingen rjocht út as in bargesnút, sûnder skrupules en hurd, ‘hûn dit is watsto fiele moast’ neamt er it yn de lêste rigel fan ‘achte lêzer’.
Ja, wêr sit dat triedsje nei de kearn net? Yn dizze nije bondel ferskûlet de dichter him op gjin inkele manier, is er foar de lêzer in iepen boek.
Granytglimkes is Elmar Kuiper syn fjirde bondel. Hy sette útein mei Hertbyt, in tige talige bondel, dêr’t de ‘ik’ wol yn oanwêzich is – ik soe sizze, sekundêr – mar benammen de bylden, assosjaasjes, de fantasy, de taalkonstruksjes, de wurden it omtinken freegje. En hoewol’t de ‘ik’ der yn foarkomt, it earste gedicht yn Hertbyt (2004) hyt ‘wy roppe de longen út it liif’ en de bondel einiget mei in gedicht oer in ‘hy’: ‘Olitsky is in fisker / Hy smyt syn angel yn in pearse see / lokies’. De dichter is benammen rjochte op de oaren, op syn omwrâld. En as er mei ‘ik’ oansetten komt, dan lit er him sjen as yngriper: ‘Ik ferbyn op eigen manneboet / de stikkene stâle / eardat de wyn beslút.’ De ‘ik’ is de dichter dy’t omstapt yn in (foar him) fersplintere wrâld, dêr’t er dan dy en dan wer oare splinters yn in nije wrâld, it gedicht, mei inoar ferbynt. De twadde bondel hyt Ut namme fan mysels (2006), in programmatyske en in folle direktere titel. It earste gedicht is binnen de bondel fuort in ultym gedicht, it hyt ‘yn my binne faam en feint ien’ en de earste strofe giet sa: ‘in wisse hân lûkt de grins / oer myn fel. ik knyp de eagen ta, / stiif foardel hasto de holle.’ De bondel einiget mei it gedicht ‘drôvige holle’: ‘de wolken pakke / der hinget in drôvige / holle oan ’e line. // ik kin der neat oan dwaan / as grien it wetter smoart. // wat moat ik der fan fine? // dyn fingers/ fertoarkje / yn myn burd.’ Yn dizze twadde bondel is Kuiper ‘talich’ in ein soberder dwaande, binne syn taallichems trochsichtiger, en mear noch, komt de ynhâld (folle mear) oan it oerflak. In seleksje út Hertbyt en Ut namme fan mysels ferskynde yn de twatalige bondel Roep de rottweiler op! Rop de rottweiler op! (2006). Mei dy titel wurdt foaral it talige en it byld- en fantasyrike aspekt fan Kuiper syn poëzy beljochte. De folgjende bondel mei nij wurk befettet Nederlânsktalige poëzy. De titel is Hechtzwaluwen (2010), in moaie en spannende nijfoarming. De bondel hinget ticht tsjin Ut namme fan mysels oan, mar is mear ynhâlden. De lêste sit fol útbarstingen: ‘asto temûk / ja seist / kinne se my likegoed / deameitsje’, yn de oare giet it folle yndirekter om en ta: ‘De dood briest dat het leven niets kan eisen // en stopt wat gember / in de kont van een Arabier / en eist de dolk op / die geniepige schittert in november.’ Mar yn beide gefallen dichtet Kuiper effektyf.
Al yn Ut namme fan mysels kaam de heit fan de ‘ik’ even om ’e hoeke, yn Hechtzwaluwen is de ‘heit’, of de ferhâlding mei de heit al mear oanwêzich. Yn Granytglimkes, de nije bondel, is der dan gjin hâlden mear oan. It wurdt dúdliker as dúdlik dat de auto-immúnsykte en de dea fan syn heit de relaasje mei de heit djipte jûn en op skerp set hat en dêroerhinne hat ien en oar de dichter uterst gefoelich en tagelyk skerp as in mes yn it libben pleatst. Yn in gedicht as ‘myn nuetsje’ (s. 13) komt dat allegear nei foaren:
in rijnlander
mei wat oar bloed
moast prûste en hieltyd
rûn út har sêfte eagen
fûl guod
ja jonge dy knyn is siik
sei heit
it like apart
it hie gjin gesicht
heit joech my in knap stik
ark dat ik wol brûke mocht
de medyske wrâld hat him
fierder holpen
heit hie morbus wegener
en libbe noch 19 jier
De bondel wurdt oan ’e iene kant oerhearske troch dea en fertriet, mar oan ’e oare kant troch twa reaksjes (twa ekstremen) dy’t dy beide saken te weech bringe, te witten langst nei leafde en libben, nei beskerming en dêrfoaroer grimmitichheid en hurdens foar wat yn syn eagen oan wrâld en minsken net doocht, wat de dichter as him fijannich beskôget. Wat dy grimmitige hâlding en dy hurdens oangiet: ‘ik kin in hâlding oannimme / dêr’t de swannen kjel fan wurde’ (s. 65).
Alle boppeneamde yngrediïnten binne te finen yn it gedicht ‘roekepoaten’ (s. 56). Dat gedicht is trouwens in gedicht dêr’t de ‘ik’ net yn foarkomt. Granytglimkes rekket yn sa’n gedicht oan de earste bondel Hertbyt en krekt dan falt ek de wei nei fersobering op dy’t Elmar Kuiper ôflein hat.
roekepoaten
in man
ferlit syn serviceflat
allinnich foar in kuier
meitsje dat de taliban wiis
meitsje alles wiis
kom smyt mei kluten klaai
fei de roekepoaten
út dy man
meitsje de taliban wiis
dat in man allinnich
foar in kuier
syn serviceflat
ferlit.
Fersobering? Ja fersobering. Yn Herbyt giet it sa: ‘De mûleman is fûgelman / Hy mûnet út / yn netten fan strûpte taal. // Grammatikale mûlen / plonderje de kiosk.’
It libjen yn en mei de natuer is tige oanwêzich yn Elmar Kuiper syn poëzy. Hy is rjochte op ’e grûn, dêr ferwachtet er it heil fan. Fan ’e grûn yn it gedicht ‘grûn’ (s. 10) seit er: brûst it gers derút // as ik sis datsto der wêze meist? // leisto klear foar my? krûp ik blyn yn dy? / rin ik ier yn ’e moarn samar oer dy hinne?’ En yn ‘net wolkom’ (s. 15) hyt it: ‘as ik net wolkom bin yn ’e wolken / omdat myn geast op ierde bliuwe wol // meitsje dan in stek om it fersekamp / en lit myn liif liif’.
In aparte belibbing by it lêzen fan Granytglimkes is, dat men hechte gedichten lêst dy’t jin sûnder omhaal meisûge, mar dat men tagelyk it gefoel hat dat de dichter oan it smiten is, hy klapt der op, elke rigel kin men ek as in klute sjen. De dichter smyt as razende mei kluten en raast ûnderwilens – it binne de lêste rigels fan de bondel (s. 83)- nei syn leafste, nei ús:
ik bin hjir
hâld my fêst
mei alle geweld
hâld
hâld my
hâld fan my
De titels fan de ôfdielingen dêr’t de bondel yn ferdield is, sizze alles: ‘hân’, ‘beul’, ‘hiem’, ‘brea’, ‘hûn’, ‘sear’. Alles oan Granytglimkes is ynoarder. Elma Kuiper syn teksten binne beswarringsformule en tekstwûnder yn ien.
Elmar Kuiper
Granytglimkes
Bornmeer 2011