Jelma Knol

Earbetoan oan Montserrat Figueras

logo.ensafh

Wat my hieltyd faker oerkomt nei gelang’t ik âlder wurd: ik tink oan in man of frou, praat oer him of har en in wike of wat letter stiet ynienen yn de krante dat hy of sy ferstoarn is. Ferline wike oerkaam my dat mei Montserrat Figueras, de grutte Spaanske sjongeres fan de âlde muzyk, frou fan Jordi Savall.
Sybe Krol makke my oait hiel nijsgjirrich nei de midsieuske en renessânse muzyk fan Spanje. Hy hie in kollekje lp’s mei oargelmuzyk út dy tiid. Ik wie driftich op ’e siik nei in frouljusstim. Ik hie nammentlik in fragmint fan in film sjoen oer de Spaanske Ynkwisysje. In frou dy’t troch dy rjochtbank feroardiele wurde soe, stie op yn de rjochtsseal en begûn by wize fan protest ûnferwachts te sjongen, mei in stim as in klok, in sopraanlûd dat eksoatysk en subtyl tagelyk wie. Yn 1992 kocht ik in goedkeap cd’tsje: ‘Espana. Anthologie de la musique espagnole’.  It earste nûmer wie de Cant de la Sibil-la, songen troch Montserrat Figueras en La Capella Reial de Catalunya. Dit wie de stim út de film, it koe net misse. Ik wie ferkocht en skafte my hast alles oan wat troch Hespérion XX makke waard, om te begjinnen mei de Katalaanske Sybil-la.
Paul van Nevel sei oait yn in televyzjedokumintêre dat grutte keunst faak hiel regionaal is. Dat jildt foar de Flaamske polyfonisten, wis. It giet ek op foar de âlde muzyk út Kataloanje. Montserrat Figueras en Jordi Savall wiene Katalanen, hiel bewust, en net elkenien yn Spanje fûn dat like aardich. Mei’t se hieltyd wrâldferneamder waarden, naam de argewaasje dêroer hurd ôf, hie ik de yndruk.
Foar de harkers bûten Spanje wie soks ek net fan belang. De muzyk dy’t Hespérion XX fertolke en ferneamd makke, beheinde har ek net ta Kataloanje. Dat grutte keunst faak in regionale oarsprong hat, seit boppedat net alles. De midsieuske muzyk dy’t út Spanje oerlevere is, referearret nochalris oan de ynfloeden dy’t dy kultuer ûntliende oan de Moaren en de Joaden.
‘Yn de grutte en prachtige stêd Marakesh ferrjochte de Hillige Faam in skitterjend wûnder oan in kening dy’t in gefaarlike oarloch fierde en help nedich hie. Hoewol’t se in folk wiene fan in oar leauwe en net leauden.’ Cantigas de Santa Maria, nr. 126. De Ynkwisysje slagge der lokkich net yn om al dy spoaren fuort te krijen.
Jordi Savall en syn ensemble makken sokke muzyk wer tagonklik foar de muzykleafhawwers fan no. En hoe! Midsieuske muzyk kin maklik op in sliepferwekkende wize útfierd wurde. Mar de útfierings fan Hespérion XX binne ritmysk hiel opwinend, swingend suver en as it om meditative teksten en meldijen giet as de Sybil-la suver ekstatysk. Tanksij it prachtige lûd en de yntelliginte ynterpretaasjes fan Montserrat Figueras.