A.IJ. van den Berg

In boek dat knarsen bliuwt as in te gol ynstruid grintpaad

logo.ensafh

Elske Schotanus hat yn har earste roman in prinsipiële kar makke, dy’t har geweldich beheint om wat te sizzen. Dat is skande. Ik ha der gjin aardichheid yn om fuortendaliks te sjen hoe’t in skriuwster harsels yn ’e foet sjit, om dan noch in hiel boek mei kreupelje te moatten.

No is dit in debút, en safolle romandebuten komme der net út yn Fryslân. Dus hat in tydskrift as Farsk de plicht hast wol om der omtinken oan te jaan. Yn in riker literatuerklimaat hie ik dat faaks net dien. Ek al om’t ik my wat sjanteare fiel troch de skriuwster om dit dochs in ymposant boek te finen. Hat sy net oer in frou skreaun dy’t har folslein iepen jout; wurdt ús de geunst net dien om te lêzen wat har yntymste gedachten binne?

De roman Skrik hat in hiel kwetsber minske as haadpersoan, dy’t djippe krises meimakket. Mar eins docht it der foar myn skôging net sa’n soad ta wat it ûnderwerp is. Foar my as besprekker telt allinne it literêre argumint: is dit boek in bytsje aardich yn syn opset slagge, ja as nee? Ik sil it dêrom fral ha oer de ambachtelike kant fan it skriuwwurk yn dizze roman.

Skrik set útein, nei in gedicht, op it momint dat de haadpersoan neaken in isolearsel yntreaun wurdt. Nei in pear pagina’s is dúdlik dat sy dêr foar har eigen goedenbêsten sit.

Hjir liket neat mis mei. Films begjinne sels faak sa, om’t der ynienen heechspanning is. De ramp hat bûten byld al plakfûn, allinne moat it publyk noch eefkes útfine wat der krekt gebeurd is. Dêrnjonken spilet fuortendaliks de fraach mei of alles noch goed ôfrinne sil, as net.

Schotanus handikapt harsels allinne geweldich troch har ferhaal te fertellen yn ’e earste persoan inkelfâld. Wy kinne dus noait fan in ôfstân nei har haadpersoan sjen, sa as mei in film wol mooglik is. De kar om hieltiten allinne in ‘ik’ oan it wurd te litten, betsjut dat de lêzer allinne troch dy ‘ik’ ynformeare wurdt. Mar dit boek hat wol in psychiatryske pasjinte as ferteller; ientsje dy’t inkeld dêrtroch al net te fertrouwen is.

Dus ha ik nei in pear pagina’s lêzen in protte wissichheden, en eins noch mar ien fraach.

Sa is fuortendaliks al hast wis dat it boek ferkeard ôfrinne sil.

It kin net goed ôfrinne mei de haadpersoan, want as hjoeddeiske romans goed ôfrinne, wurdt it begjin noait sa spannend makke. Dy boeken bouwe earst sfear op, sadat alle dramatyske ûntjouwings sa folle mooglik ympakt hawwe. Dat is hast in wet.

Ik jou ta, in skriuwer kin ek beslute om neat oan de útgongsposysje te feroarjen, en dy frou oan ‘e ein fan it boek noch altiten yn it isolear sitten te hawwen. Dy kar fereasket de ynset fan flashbacks, of oare metoades, om it ferhaal fan foar it romanbegjin te fertellen. Allinne wit de lêzer al dat ferteller yn in isolearsel terjochte komt. Troch fuortendaliks al safolle ynformaasje te jaan, wurdt it dreech dy flashbacks noch spannend te meitsjen.

Fan dizze roman is my dus fuortendaliks dúdlik dat dy net goed ôfrint, en dat alles dêryn fertelt wurdt troch in geastlik ûnstabyl personaazje. Mar ik wit fan psychiatryske pasjinten dan ek wer dat dy tidens harren wanen no krekt net troch ha dat se gek binne. Schotanus lit wat dit betreft mar in hiel bytsje romte om oan de lêzer oer te bringen wat der no echt mei de haadpersoan oan ’e hân is; of om ynteresse foar har te kweekjen. Om allinne dizze skriuwtechnyske problemen oer te kommen, is in hiel soad ûnderfining en talint nedich — folle mear as fan in debutante ferwachte wurde mei.

Under de tûzenen romans dy’t ik lêzen ha, wiene der net in soad wêryn it de auteur slagge is binnen fergelykbere beheinings dochs in akseptabel boek te skriuwen. Resint lies ik bygelyks noch Paradise fan de geweldich talintearre A.L. Kennedy, wêryn de ik-figuer in oan alkohol ferslaafde frou is [1]. Fan har wurdt hiel subtyl fia de skriuwstyl dúdlik wannear’t se dronken hat, as sy fertelt. Ferskriklik knap sa’t Kennedy dat dien hat, en dochs waarden de losse sênes mei-inoar noait in boek.

De iennichste fraach dy’t ik oer Skrik hie nei in pear pagina’s, wie of de reis nei de ûnûntkombere ein noch in aardige reis wurde soe. Oft ik nettsjinsteande alle foarsisberens noch ferrast wurde soe troch ynhâld of styl.

Mar nee, dit wie net sa. Ynhâld falt by Schotanus folslein gear mei skriuwstyl. Der is hast gjin momint dat de ik-figuer wat meidielt dat troch de lêzer ek oars ynterpretearre wurde kin. Doel is nammentlik fral om mei te jaan wat him ôfspilet yn ’e holle fan ’e haadpersoan.

De skriuwster docht dy meidielings yn koarte fragminten, en sels ek gedichten. En as it hiel slim is mei de ik-figuer, dan giet dy oer op in stakkato. In foarbyld fan sa mar in side:

Kalk oerklaait in âlde wrâld… wisket boarnen fan galle… Sir Paynes syn sizzen lit my — Lit my… No godferdegodferdomme einlings ris… ALLINNE (de oarspronklike tekst: Leave me alone… of wie it oarsom…) Twivelriedich wyt woe dat ik wit wêr wie… Lagen dy’t ûnsichtber meitsje… it indigo en swart as tiid en romte dy’t… troch de sinne yn it opkommen skowe… [113]

Hjirtroch wurdt de lêzer konfrontearre mei in mozayk fan losse sênetsjes en sintsjes, dy’t in soad oan rauwe emoasje trochjout en mar komselden wat oan ferhaal.

Dizze roman knarst dêrom op hast eltse side — sa’t in te royaal ynstruid grintpaad je noait ferjitte lit dat je oan it rinnen binne, sa wie der no gjin sekonde dat ik ferjitte koe eins leaver net fierder te wollen mei dit boek. Der wie fanôf it begjin net in momint dat der nije fragen opdûkten dy’t my nijsgjirrich makke hoe’t it ferhaal fierder rinne soe.

Skrik lit in alderyndividueelste ekspresje sjen fan in alderyndividueelste emoasje. Dit boek giet der ûnder oaren oer hoe slim as it is om wanen te hawwen, en dêrfoar sels opsletten te wurden. Allinne hat de auteur fergetten dat it publyk in boek net yn it earste plak út moederaasje lêst. De kar om letterlik alles troch in ik-figuer fertelle te litten, makket dit in te narsistysk wurkje, wêrtroch de tekst foar dea op ’e siden lizzen bliuwt.

Sjoen de kennis dy’t de skriuwster toant oer it libben yn in psychiatryske ynrjochting, hie der genôch materiaal west foar in folle minder solipsistysk ferhaal.

Elske Schotanus, Skrik
Roman
148 pagina’s
Utjouwerij Fryslân, Ljouwert 2007
ISBN 978 90 78559 07 8
priis: € 14,50

[1] Ja, boeklog.info is myn publike deiboek oer wat ik útlês. Ik sil dêr faker nei ferwize. Alle tekst dy’t fan my online stiet, is tegearre ien tekst.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *