Eric Hoekstra

Gedichten fan Durk Linige (ynlieding)

logo.ensafh

Rige Midfrysk goud

Yn dizze rige Midfrysk Goud sil ik de achttjinde ieu behannelje. Safolle is der net skreaun yn de 18e ieu. In noflike ûntdekking wie Durk Lenige. By de útferkeap fan de Fryske Akademy koe ik in boekje besette mei as titel De Fryske fersen fan Durk Lenige en oare Makkumers. Der sitte in lytse 100 gedichten fan Lenige yn, dy’t ik by gelegenheid as Linige oantsjutte sil, want sa skriuwt er him by gelegenheid. Fan oare Makkumers sitte der mar in pear gedichten yn, en it is net altyd dúdlik fan wa. It boekje is yn 1969 útjûn, redigearre troch J.H. Brouwer dy’t it in hastige ynlieding meijûn hat en nuttige wurdferklearrings. Wat men fan Brouwer ek sizze kin, hy hat dochs mar moai in protte Midfrysk út de 17e en 18e ieu útjûn.

De 18e ieu! Neidat de Renêssânse, dy faaie weromkear nei it tinken fan de Griken en Romeinen, hast de kristlike kulktuer út ‘e skroeven skuord hie, keart de sneinsrêst werom mei de machtsgreep fan de Reformaasje. Lykwols geane de opmars fan Rede en Wittenskip moai troch, as in filosofysk firus dat yn de Frânske revolúsje en de Yndustriële Revolúsje útbrekke sil. Wittenskiplike begripen dûke as metafoaren op yn 18e ieuske poëzy, lykas de swiertekrêft of de bloedsomrin. It nivo fan de poëzy, barokpoëzy, is aardich heech, mei’t de dichters kompleksiteit net ba binne.

Ik jou hieltyd earst it gedicht en dan myn ferheven kommentaar, dêr’t dat nedich is. Ienfâldige gedichten wurde sûnder kommentaar presintearre. Yn elke ôflevering fan Midfrysk Goud fan Durk Linige presintearje ik twa gedichten, in inkelde kear ien as it in langer gedicht is of trije at dat sa útkomt. Ik soe oanriede, lês it gedicht earst efkes stil troch om it nei te kommen en lês it dan lûdop. It is de muoite wurdich. By it foarlêzen moatte soms wurden fanwege it metrum gearlutsen wurde lykas dat yn sprektaal bart. In foarbyld:

Sa lang de rede op de wei / myn fuorman bliuwt, sil ik dizze dei

Dêr moat sil ik om it metrum útsprutsen wurde, krekt as yn sprektaal, as si’k.

Ik ha Linige syn gedichten omstavere en der gauris in titel boppe set as dy miste; as titel keas ik almeast in moaie regel út it gedicht sels. Brouwer hat de gedichten oernommen út hânskriften dy’t op Tresoar binne. Der sitte yn de hânskriften ek Hollânske gedichten fan Lenige, mar Brouwer seit net hoefolle, en dy binne nea útjûn: hjir leit in moaie taak foar in leafhawwer.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *