Wa wint de GJ-Priis 2009? (4)

logo.ensafh

Om ’e twa jier wurdt de provinsjale literatuerpriis ‘de Gysbert Japicx-Priis’ útrikt, om en om foar proaza en poëzy, dit jier foar poëzy. It giet om gedichtebondels dy’t yn ’e jierren 2005-2008 ferskynd binne.

De priis wurdt yn ’e twadde helte fan oktober útrikt en tsjin ’e ein fan ’e simmer wurdt de priiswinner bekend makke. Oant dat momint ta sil op Poadium alle wiken út ien fan ’e yn oanmerking kommende bondels in gedicht mei begeliedende tekst publisearre wurde.

Klik hjir foar de Long-list fan ‘e Gysbert Japicx-Priis. Wa wint de GJ-Priis: diel (1), (2) en (3).

Nyk de Vries – Motorman

Eerst stie dizze bondel ‘proazagedichten’ net op de lange list fan de Gysbert Japic-Priis 2009 foar poëzy, mar is troch in yntervinsje der dochs oan taheakke. By Nyk de Vries tinkst net daliks oan gedichten, mar sawol A.IJ. van den Berg (op Farsk, novimber 2007) as Eric Hoekstra (yn Hjir 6 2008) hat sein dat it gedichten binne. De redaksje fan de Friese Pers Boekerij hat yn 2007 soarge foar in stevich boekje mei in omslach fan Eduard Bezembinder.

omslach_motorman-nyk-de-vries

Ik sloech Motorman krekt iepen op samar in side, wist ik folle dat it side 22 wie:

Betiid fan ’t bêd

Myn gastfrou hie tasein my om healwei njoggenen
te roppen. Doe’t ik wekker waard en op myn klokje
seach dat it sa let noch net wie, kaam ik fan ’t bêd
en besleat it hûs te ferkennen, krekt sa’t ik dat
foarhinne die as ik útfanhûs wie by ien fan myn
âlde muoikes yn ’e bosken. Mei weemoed tocht
ik oan ’e tiid werom, oan hoe’t ik hoeden troch
de gongen slûpte en de doarren fan ’e tsjinstfam-
men besocht, ‘Dû bist let,’ seinen se steefêst,
wylst se my mei kracht de keamer ynlutsen.

In hiel ferhaal yn in miniatuer, dêr’t gjin wurd tefolle yn stiet om in wrâld oan eigen ynfolling foar dy te sjen. Winsk en dream gean hân yn hân en wine my in bytsje op, ik wit fansels net hoe’t it dy fergiet…

De kritisy ha de sjuery arguminten jûn om dizze boppeslach fan Nyk de Vries op de koarte list te setten.

jqsmînk


Gedicht? Proaza? Ik wit it net.Wol knap dat De Vries yn in lyts keamerke aardich wat meubels kwyt kin, sûnder dat it te fol rekket. Knap, mar docht it my wat? Sorry, nee, in leuke anekdoate, dat wol mar wat kin ’k dermei? Is der in relaasje tusken de gastfrou fan it begjin en de ‘gastfroulju’ oan ’e ein? En sa ja, so what. It hûs is in oar hûs as dêr’t hy froeger, ûnder muoikes dak de jongfammen skaakte. In hûs fol willich frouljusfleis, moai fansels, watte?! Mar oan ’e ein, ja, wat oan ’e ein? In glimlaits, ik sil it net ûntstride, mar ek al gau fergetten.
Dan fyn ‘k syn ‘gedicht’ ‘Metamorphose’ (ek yn De Spiegel) sterker, want mei folle mear ynterminsklike aspekten en folle minder jierdeis-anekdoatyk. Is dat in goed wurd?

Metamorphose

De winkel baarnde plat en ús famylje moast alhiel
wer fan foaren ôf oan begjinne. Ik hong der mar
wat by en holp amper mei om de saak wer op
poaten te krijen. Op in middei siet ik yn kafee
Metamorphose doe’t myn broer der yn kaam. Ik
wie klear om my te ferdedigjen, mar hy sei gjin
wurd. Hy gie foar my oer sitten en stoarre my
lang oan. Doe frege er de ober om in pilske en
foar my in Bacardi mei in flutske chocomel en
oardel klûntsje iis. In sterk besef kaam yn my nei
boppen. Hoe’n bytsje minsken moetest yn dyn
libben dy’t werklik mei dy meitinke?

edwindg

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *