Anneke van Renssen

Sikehûs

logo.ensafh

Ik ha wol ris heard fan minsken dy’t har tariede op ûnferwachte saken. Dy hawwe bygelyks in piama, skjin ûnderguod, in moarnsjas ensfh. klear lizzen foar as se yn it sikehûs belânje. Sa sit ik net ynelkoar. Mei as gefolch dat doe’t ik lêstlyn ûnfoarsjoens op ’e hertbewekking yn it MCL rekke, ik my net allinnich drok meitsje moast oer wat er oan ’e hân wie, mar ek oer wat Willem oan klean foar my meinimme moast. Ik ha net iens in piama, ik ha it leafst sa min mooglik oan yn bed. ‘Nim mar in pear T-shirts mei en wat ûnderguod. Dyn reade Sineeske moarnsjas mei draken, dy is skjin en myn moarnsjas is yn ’e was. In toskeboarstel fansels en o ja, myn sloffen mei sebraprint.’
De T-shirts kamen net fan pas, want ik krige in moai sikehûsjaske oan mei drukknoopkes oan ’e foarside, handich foar it gefal se my reanimearje moasten.  Dat hoegde gelokkich net.
Dêr lei ik. Ik siet fêst oan ik wit net hoefolle apparaten, koe myn bed net út en moast om alles freegje. Ek om skjin ûnderguod. De suster, foarsichtich, ‘wat wolle jo, dy deeglike of dy lytse kanten mei in strikje?’  ‘Jou my dy deeglike mar.’ Dat wie noch net sa slim. Mar de folgjende dei, doe bliken die dat ik net gelyk dea falle soe, waard it minder. Ik krige permisje eefkes út bed te kommen om nei it hûske te gean.
Ik die de reade Sineeske moarnsjas mei draken oan, en myn sloffen mei sebraprint. Foarsichtich om ’e hoeke sjen oft nimmen my seach. Omdoch. Teminsten fjouwer susters en teminsten trije pasjinten seagen yn ferbjustering my yn Alien-kostúm foarby skowen. Se koenen it laitsjen net ynhâlde. Eefkes letter kaam in suster: ‘Moaie outfit.’
Oan it ein fan ’e dei koe ik it sikehûs ferlitte. Mei myn hert is neat oan ’e hân, mei de longen ek net. Wat der wol oan ‘e hân is moatte de húsdokter en oare spesjalisten mar útsykje. Sa giet it tsjintwurdich yn sikehuzen. Ik wit ûndertusken wol dat ik dochs mar in needpakket meitsje moat. Yn it sikehûs belânje is ien ding. Foar gek lizze en rinne wat oars.