
No, sjoch ris oan: einlings ris in moaie boektitel! Dêr ûntbrekt it gauris oan yn de Fryske literatuer. Ik neam in pear resinte foarbylden: It ferline oerwûn, It spoar bjuster, It kin wier wêze, Frij as de wyn, Sibbeltsje, De ein fan ’e dyk en gean sa mar troch.
No is der lykwols Langst fan ’e dagen, de twadde dichtbondel fan Janneke Spoelstra, dy’t, neist har poëzijdebút Goeie is it wachtwurd ek de moaie ferhalebondel In Jikselibben it ljocht sjen liet. Ut de titel sprekt weemoed nei de simmers fan alear, sa stel ik my foar. Mar der sit ek in ûndertoan yn fan besef fan it âlder wurden. Yn feite hoege jo it boek hielendal net iepen te slaan, de titel en it mysterieuze omslach (sit dêr no in bist yn dy beam?) jouwe op harsels al genôch stof ta djippe prakkesaasjes. Mar sa kinne wy net fansels.
De fersen fan Janneke Spoelstra binne sa tagonklik as it mar kin, jo sykje omdôch nei postmoderne eksperiminten, surrealistyske bylden. Har fersen hingje betiden ticht tsjin de praterige fersen fan Obe Postma oan. Nee, in fernijend dichter is Spoelstra net. Mar wa seit dat dat moat? Yn alle gefallen is de ynhâld net tradisjoneel, meidat wat de leafde oanbelanget de damesleafde foar master opspilet. Neat bysûnders hjoed-de-dei soene jo sizze, mar benammen bern kinne wreed wêze yn soks. In bytsje in goede opfieding docht dan fertuten: ‘ôô, lesby, lesby/tsjotteret jongste/ja mar, dat is ek gewoan/tsjotteret âldste wer/it hyt allinnich oars/…’
De bondel bestiet út trije skiften, it foarste skift Fan in gebiet jout benammen ympresjes fan en jeugdoantinkens oan de Klaai en It Bilt. Yn it gedicht immen sette my in kikkert op ’e hân falt in kurieuze foarm fan ‘namedropping’ op, en it binne gjin ferneamde komponisten of keunstners, mar kunde fan Spoelstra, foar in part út it Fryske literêre wrâldsje: Sito, Sytse, Piter en Jeltsje… Ik fiel my suver wat tekoart dien, dat ik der net bystean. Mar dat kin fansels yn in werprintinge goedmakke wurde.
It twadde skift Mei de simmer mei set útein mei in wat minder fers, rigels as de folgjende komt net mear as poëzij op jin oer, it skjirret en gnjirret oan alle kanten, en benammen dat ‘HBO’ hie der net by moatten:
Houthakker waard ik, kleau wat pleage hie
Dwerstroch, hiemskrobber – mei HBO
Skodholle boer – skrobbe oergeunst op in jonge
…
Dat is ek oars kin docht bliken út it mearke-eftige yn ’e tuskentiid yn it hinnehok. ‘‘wat moatsto hjir,’ sei hoanne,/’do keakelest net en kraaist net’/’mar ik bin hjir al.’ Sei ik./…’ De dichter easket, en fertsjinnet besteansrjocht foar wat en wa se is.
De fersen út it lêste skift Fries te wêzen binne earder publisearre ûnder it pseudonym Jaen. Kin dat tsjintwurdich noch, fersen skriuwe oer jins Fryske identiteit en dan sa, dat se net per definysje thúshearre yn Lyts Frisia? Jawis, sa’t Janneke Spoelstra it docht, sa kin it. Lichtfuottich en fan in meinimmende ritmyk is bygelyks it gedicht Grutsk in Fries te wêzen. It fers spilet op Skylge yn de jierren 70. Ik sitearje de lêste twa strofen:
It wie ien fan dy simmers dat wy
– nei’t wy miskien nei de Boschplaat
west of midgetgolfd of in sorbet iten
hienen, want sa wienen wy ek noch wol –
op luchtbêden leinen of sieten op in
op ‘e kant setten kratsje, dat ien fan ús sei:
ik bin der grutsk op dat ik in Fries bin
en dat wy dêr allegearre, oer de râne
fan ‘e hals fan in fleske hinne,
wat om laitsje moesten, hijsels ek.
Ik haw yn myn besprek fan Goeie is it wachtwurd, Spoelstra har debút, al ris wat opmerkings makke op it ôfwikende Frysk dat Spoelstra brûkt. De dichteresse hat har der neat fan oanlutsen, sa docht ek hjir (‘moest’) wol wer bliken. Hoesa stiifkoppige Friezen, hoesa de almachtige kritikus?
It hear oersjend kom ik ta it folgjende sifer: in 7.6. Dat koe dus gâns minder. De mankelike fleurigens en de ierdske, mar ek luchtige toan soargje derfoar dat jo de bondel hieltyd wer op ’e nij oppakke wolle.
Langst fan ‘e dagen
Janneke Spoelstra
Friese Pers Boekerij 2011