Geart Tigchelaar

Sinjalemint Kofje ferkeard fan Margryt Poortstra

logo.ensafh

De nije ferhalebondel fan Margryt Poortstra hannelet oer minsken dêr’t mear mei oan ’e hân is as op it earste gesicht liket. Der binne ferhalen by, lykas it earste (‘De hichte’), dy’t suver ekstreem binne. Mar krekt it moaie is dat se wol oannimlik binne.
Men falt yn alle ferhalen der middenyn en sadwaande hat men wol in pear alinea’s nedich om te begripen wêr’t it ferhaal oer giet. Mar as men dat sa’n bytsje foar it snotsje hat, wol men trochlêze omdat der al gau ferskate fraachtekens te pleatsen binne. Wat is hjir no krekt oan ’e hân. Wat wol no de frou dy’t har as suster útjout fan de ik-persoan yn it ferhaal ‘De suster’? It gefoel bekrûpt jin dat der eat net doocht en dat wurdt op ’e ein mar al te dúdlik. De ferhalen hawwe yn Kofje ferkeard lang net altyd in happy end.
It jout neat, as it no giet om in famke dat ris meigiet nei in kamp fan Youth for Christ, in frou dy’t der tsjinoan skytskoarret om har frijfochten mem te fertellen dat se swier is, alle ferhalen binne leauwensweardich ferteld. Poortstra rint al efkes mei en dat is te merkbiten yn har skriuwen. De ferhalen binne stilistysk tige sterk en knap ferteld. Dit is in oanrieder foar de krystfakânsje!

Margryt Poortstra
Kofje ferkeard
Afûk, Ljouwert 2011