
Tresoar-www-ynternet moet objektyf materiaal oer de Fryske literêre histoarje publisearje – de ‘goeie smaak’, it boargerfatsoen, de pronksucht, en morele feroardielings sitte we net op te wachtsjen. Neitinkend oer de fyftich jier dat ik dwaande bin mei literatuer is it spitich te sjen dat guon wichtige literêre saken ûnder it kleed fage wurde. Literêre saken dêr’t ik mei anneks wie, dy’t ek belangryk foar de literêre histoarje binne. Yn’t algemien, en soms yn ‘t bysûnder allinne mysels oanbelangjend. Ik fyn dat se fêstlein wurde moatte. Trinus, Harmen, Itty, Sikke, Binne, André, Tjitte, Frâns, Jan Piter, Marten, Rink, Feije se binne der net mear, se kinne neat mear korrizjearje. Ik kin dat noch al. De jierren sechtich en santich – in foech tweintich jier – hawwe heel wichtich west foar de Fryske literatuer. Histoarje kinst net op ‘e nij skriuwe of feroarje, dy leit fêst. Literêre feiten bliuwe literêre feiten. De offisjele hoedster fan de Fryske literatuer, Tresoar, moat ek de oare literatuer beskriuwe en hoedzje. De literatuer moat pronkje, net persoanen en ynstellings.
1.’Wolkenboek’ op it net
Sûnt in tal wiken stiet it s.n. Wolkenboek (‘Zolang de wind van de wolken waait’, 2006) op it wrâld-wide-web. Dat is moai soe men sizze. Oangeande de moderne literatuer moat der lykwols in noat by setten wurde – Tresoar hat tastien dat negative en rankuneuze kritiken fan J. Veenbaas oer Frysk proaza opnommen binne as s.n. objektive literêr histoaryske beskriuwings.
It Wolkenboek skoffearret no ek op ynternet in part fan de moderne Fryske skriuwers. Dat is in kwealike saak. Underskate kritisy ha beswier oantekene tsjin foaral it haadstik oer it moderne Frysk proaza. Dêr is neat mei dien. De ynternet-edysje is in soarte fan twadde printinge, guon saken hiene oanpast wurde moatten. Ik neam in pear krityske noaten.
Goffe Jensma ‘fynt it in misset om de skiednis fan de Fryske literatuer ôf te sluten mei ien dy’t resinsjeskriuwen en literateurskiednis trochinoar hellet’. Oan de hân fan in resinsje oer It libben sels fan Piter Boersma stelt Jensma dat ‘Veenbaas in âlderwetske foarm fan wurdearjende literatuerskiednis beoefenet dêr’t al mear as in heale ieu mei ôfweefd is’ (‘It Beaken’, 2007).
Koos Tiemersma skriuwt yn ‘Op ‘e ljedder’ (sept.2006) dat it ‘in merkwaardige ynstek is om it moderne proaza net beskôgjend, mar hifkjend te beskriuwen middels resinsjes dy’t Veenbaas út de friezer helle hat, wat behoffene en sa yn it boek opnaam’.
It Nederlânsk Literêr Produksjefûns dat sybsydzje joech antwurde op myn fraach oft se ditsoart fan amateurisme normaal fine, dat ‘bij een eventuele herdruk aan Uw punt van kritiek aandacht besteed wordt. We nemen Uw brief zeer serieus.’ (okt. 2006)
Op myn brief oan it bestjoer, de direksje en de redaksje fan Tresoar/Zolang de wind… oer denigrearjende opmerkings oer my en myn wurk krige ik as antwurd fan T.Oppewal, koördinator Zdwvdww, dat ‘we uw brief zullen beantwoorden na overleg met Jabik Veenbaas wanneer de uitgever ons heeft gevraagd een tweede druk voor te bereiden. De directie van Tresoar is op de hoogte van ons standpunt en sluit zich hierbij aan.’ Mei oare wurden, slachter Oppewal keurt syn eigen fleis, de direksje en bestjoer fan Tresoar fine alles goed, antwurdzje sels net iens. Dit wie yn 2006.
Ons Erfdeel, Vlaams/Nederlands Cultureel Tijdschrift (febr. 2007) fettet alles aardich gear: ‘Helemaal bont maakt Veenbaas het als blijkt dat hij voor dit boek heeft nagelaten zijn ‘recensies’ te ontdoen van persoonlijk commentaar. Auteurs als Piter Boersma en Steven de Jong worden flink afgeblaft, en m.b.t. de roman Kikkerjaren en de auteur Josse de Haan wordt negatief geoordeeld en veroordeeld. De eindredactie had dit hoofdstuk nooit mogen handhaven’.
Pieter de Groot skriuwt yn in dwers fan maaie 2006 oer it tragysk fersom dat in skriuwer as Gerben Abma ûntbrekt – de man hat yn tydskriften sitten, hat romans skreaun en wie in soarte fan polemist. Mei syn broer waard er omskreaun as ‘de negers fan Fryslân’. Der ûntbrekke noch mear skriuwers.
De ‘twadde printinge’ op it wrâld-wide-web is net korrizjearre. It skoffearjen en oantaasten fan skriuwers fan modern proaza troch Tresoar wurdt fuortset. Dat is in kar. Dêrmei is Tresoar de iennige ynstelling yn Nederlân dy’t skriuwers offisjeel leechleit op it ynternasjonale www.
2. ‘Spiegel van de Friese poëzie’
Yn de twadde printinge fan de Spiegel van de Friese Poëzie (2008) ûntbrekke heel wat wichtige dichters. De kategory eksperiminten út de 60-er en 70-er jierren – benammen de sjoch-, de hark-, de konkrete en de fisuele poëzy, ek de praat- en fretpoëzy, dy’t publisearre waard yn de tiid fan Operaesje Fers en dêrnei – is folslein negearre. Ek dadaïstysk en surrealistysk wurk fynt men net werom.
Nettsjinsteande dit negative byld hie Fryslân doe kontakt mei eksperimintele dichters oeral op de wrâld. Yn New York folgen guon fan de beatgeneration, lykas Alan Ginsburg, Anne Waldman, Gregory Corso, John Giorno en John Perrault, mei DIAL A POEM, nei in pear moanne it idee fan de Fryske poëzy op de telefoanlinen. DIAL A POEM is no in conceptuel art keunstwurk yn it MOMA fan New York. De literêre stannemaatskippij waard oantaast.
Der ûntstie in kreative eksploazje – popart, op-art, Nij Realisme, Nul Beweging, minimal-art, conceptuel art, fluxus (heppening, teater), nouveau roman, etc. It hie wol wat fan de earste jierren fan dada en surrealisme. It wie in revolúsje fan it sjen en harkjen (û.o. ready mades en kollaazjes). Ik neam dat de Operaesje Fers-generaasje – dit teater fan boartlikens, wredens, erotyk, irony, absurdens, gekkichheid en fantasy komt net foar yn dizze Spegel.
Ik mis ditsoarte fan fersen fan Laverman, Van der Leest, Doele, Bylsma (M), Popma (L), De Haan, mar foaral ek fersen fan dichters dy’t likwidearre binne – Boomsma, Holtrop, Slofstra (R.), Van der Wal H.), Boarnstra (B.), Bethlehem, Oosterhaven, Van der Vliet, Hellinga, Huisman (B), De Jong (Jaap), Veeman (W.), Van der Zwaag, Holwerda, De Jong (A), Jongsma, De Jong (B.T.). Der binne noch mear. De lûden dy’t smoard binne hearre by de rûzige, grillige, surrealistyske ûnderstream fan de poëzy út de jierren ’60, ’70 en letter.
Mei oare wurden, dizze Spegel ûntkent in wichtich autentyk tiidperk dêr’t de Fryske poëzy nasjonaal en ynternasjonaal meispile. Tresoar hat in wichtich part literêre histoarje skrast troch it útjaan fan in ferminkte Spegel. As ek dit op it www komt krijt it ynternasjonale publyk in fertekene byld fan de literêre Fryske histoarje. Dy wie breder en mei de oare literatuer sleat se ynternasjonaal oan.
3. Oantaasting Leafdedea
Yn De Moanne-9, nov.’11 – www.demoanne.nl/?p=1441 – oer de tredde printinge fan de klassiker leafdedea haw ik oanjûn hoe’t Tresoar akkoart gongen is mei it omskriuwen fan dat boek as in tradisjoneel wurk ynstee fan in modernistyske roman middels it opnimmen fan ideeën fan oersetster Frou Caers en bewurkster Frou De Jong yn it neiwurd. Yn de twadde printinge – troch de KU útjûn yn 1994 – stie noch in neiwurd dêr’t de roman û.o. op fersyk fan de skriuwer yn de surrealistyske tradysje setten is. Dat is no allegearre skrast. Yn de Nederlânske oersetting sil it lêste haadstik ferdwine en sil haadstik IV feroare wurde.
As ek dizze behoffene roman leafdedea yn it orizjinele Frysk (3e printinge+oanfolling) én de koartwike Nederlânske oersetting op ynternet ferskine, lykas it Wolkenboek, wurdt de literêre histoarje ek hjir geweld oandien. It oarspronklike neiskrift oer de aparte resepsje by de earste printinge yn 1963, en it beskriuwen fan de surrealistyske sênes dy’t foar in part weromgripe op in Frânske surrealistyske skriuwer binne ferwidere. Ek de aspekten boartsjen sa’t Johan Huizinga yn Homo Ludens beskriuwt, dat oan de basis stiet fan dizze roman neffens de opdracht fan de skriuwer, binne folslein ferdwûn. Op ynternet sil dizze Fryske klassiker yn it Nederlânsk oantaast ferskine. De ferantwurding fan de oantaasting fan de literêre histoarje oangeande leafdedea leit by Tresoar.
4. Drachten, tentoanstelling Rinsema’s, Dada
Ein oktober 2011 is der yn Drachten in tentoanstelling iepene oer de bruorren Thijs en Evert Rinsema dy’t besibbe wiene oan it dadaïsme, De Stijl, Theo van Doesburg en Kurt Schwitters. De pakesizzer en nammegenoat Thijs Rinsema hat in hele moaie biografy oer de famylje (cq. Drachten) skreaun, opsierd mei wurk fan de twa manlju. Yn dit boek ferskynt ek de keunsthistoaryske wearde, de betsjutting en unike bijdrage oan de keunstskiednis fan de Rinsema’s troch de direkteur fan it Musem Drachten, Paulo Martina. It boek is yn feite de katalogus by de tentoanstelling.
Njonken dit unike wurk is der in bibliofyl boekje ferskynd Dada yn Drachten, útjûn troch Lichthart en Neumann, uitgevers (30 siden, €45,00). It is fan Mooi Rood Pers Ljouwert, oplage 55 exx.
Der stiet in ferhaal yn fan Hans Maarten van den Brink oer Kurt Schwitters (oarspronklik Nederlânsk), dat hielendal basearre is op it boek fan K. Schippers, Holland Dada, en dêrtroch ek weromwiist nei in eardere aparte trotwaer-útjefte fan 1971. Neat nijs dus. Dizze tekst is oersetten troch T. Oppewal, de koördinator befoardering Fryske literatuer. It ferhaal is ek al twa kear earder publisearre yn Noorderlicht en yn de Neue Zürcher Zeitung.
Fierder binne opnommen acht siden bekende dadafersen fan Anne Feddema oer en foar Kurt Schwitters, û.o. oer AnnA Blume. Dan stean der noch twa prachtige houtfiken yn oer it optreden fan Kurt Schwitters yn Drachten, makke troch Pieter Ploeger.
It kolofon fermeldt grutsk de keunstners en har personalia, dêr’t ek T. Oppewal breed as gearstaller, oersetter en koördinator fan Tresoar beskreaun wurdt (lykas by de oaren wurde bertedatum en prestaasjes fermeld).
Dizze man dy’t gjin affiniteit hat mei de moderniteit – mei dada, mei eksperiminten, mei it surrealisme (sjoch boppe en it stik oer leafdedea yn De Moanne) – stiet hjir as wichtige Fryske oersetter yn in bibliofile útjefte. Ynstee fan te pronkjen mei syn eigen namme hie it better west en organisearje út namme fan Tresoar (en de Fryske literatuer) foar dizze unike tentoanstelling in boekje mei orizjineel Frysk dada- en oanbesibbe wurk. Perio (Willem Winters) hie it fêst útjaan wollen, sels in dadatekst leverje kinnen.
Mei in bytsje kreatyf tinken – en minder eigen pronksucht – hie der wat prachtichs útkomme kinnen. Operaesje Fers (’68, e.f.) en trotwaer (’69 e.f., awyt en hjir) stean fol mei dit eksperiminteel wurk. Tresoar hie yn Drachten sjen litte kinnen, yn it ferlingde fan de tentoanstelling, hokker ynfloeden der west hawwe fan de Rinsema’s, fan DADA yn ’t algemien, fan Van Doesburg, fan I.K.Bonset (Ika yn Piksjitten op Snyp), fan Schwitters op lettere Fryske skriuwers. Ik neam Meindert Bylsma, Joop Boomsma, Reinder van der Leest, Sikke Doele, Bartle Laverman, Steven de Jong, Hessel Miedema, Marten Brouwer en noch folle mear.
In foarbyld fan mysels – in anarky, ôfbylde yn in boekwurk (earder yn hjir-19:1990) dat yn 2010 mei troch Tresoar útjûn is:
De fraach dy’t al faker steld is – wa en wat binne wichtiger, de Literatuerbefoarderer en de Pronksucht, of it wurk en de skriuwers(?) – komt ek hjir wer omheech. De oare literatuer is gjin misser wurdich, wol in mis op in echte dadaïstyske wize. De pronksucht en de ‘goeie smaak’ fan Tresoar lykje no wichtiger as de histoaryske feiten, en wierheden. WWW hat allinne belang by de lêste twa – by orizjinaliteit foar ’t neist. /em