
Nije ferhalebondel: ‘Dat it streamt’
Wilco Berga (Snits, 1947) skriuwt sûnt 1983 poëzij, proaza en toanielstikken yn it Frysk en Nederlânsk. Hy is ek byldzjend keunstner. Tegearre mei syn partner Tanja Blokland hat er in atelier/galery yn Harns, Atelier BB aansee, mei benammen wurk fan har beiden. Yn 1983 wûn er de Rely Jorritsmapriis foar in ferhaal. Nettsjinsteande is no pas syn earste ferhalebondel, ‘Dat it streamt’ útkaam. Yn hast alle ferhalen stean de haadpersoanen oan it begjin fan it ferhaal yn in ûndúdlike situaasje. Yn de measte ferhalen sit ek in flinke lading ‘suspense’. De ferhalen einigje mei in ferrassende ôfrin.
Wat kinst kwyt oer dyn nije ferhalebondel?
Wilco: ‘De ferhalen gean oer ferskate foarmen fan relaasjes, lykas dy fan twa susters dy’t net mear troch ien doar kinne yn it ferhaal ‘Dat it streamt’, in heit-dochterrelaasje yn ‘Perdido’ en in man-frourelaasje yn ‘Lang wykein’. Yn ‘De hierster’ giet it om in mem-dochterrelaasje. Om in echte mem en ien dy’t graach mem wêze wol. Yn it ferhaal ‘Lucy in the sky’ hannelet it om in leafdesrelaasje en yn ‘Taksy hinne en werom’ giet it om in heit-soanrelaasje. It ferhaal ‘Amateur’ giet dan wer oer in âlder echtpear en skaait wat de surrealistyske kant út. In pear ferhalen binne earder yn De Moanne publisearre, nammentlik ‘Lang wykein’ en ‘Lucy in the sky’, de oaren binne nij. Ik haw eins altyd wol ferhalen skreaun, mar publisearre dy inkeld yn tydskriften. Yn 1983, doe’t ik begûn mei skriuwen, ha ik de Rely Jorritsmapriis wûn mei it koarte ferhaal ‘De jonge frou en de hynst’. En ik fyn it ek moai wurk. Mei romans bist faak jierren dwaande, en dy kinne dy hielendal opfrette, wylst by in ferhaal de perioade fan konsintraasje folle koarter is. Kinst it makliker even lizze litte en der letter wer mei fierder gean. Soms ha ik fuortdaliks in plot, mar de oare kear moat in ferhaal groeie.’
Wat foar oplieding hast dien?
‘Ik ha fan 1967 oant 1972 de keunstakademy yn Grins dien, Academie Minerva. Alles stie yn dy tiid op ‘e kop. Der waard in soad protestearre tsjin de fêstige oarder en dêr die ik graach oan mei. Dat dwerse hie ‘k al op de HBS yn Snits. Al frij gau hie ‘k doe lang hier en rûn yn in wyt provo-spikerpak om, dus dat frege om problemen. Flak tsjinoer de HBS stie it feemerkkafee ‘Hotel Friesland’ dêr’t yn ’t wykein geregeld ús bands spilen, Cuby and the Blizzards of The Outsiders. Fan ‘e skoallieding mochten we dêr lykwols net komme, sels net yn ’t wykein. Geandewei botste it oan alle kanten en úteinlik bin ik yn ‘e fjirde klasse fan skoalle ôfgien, sûnder diploma. Ferfolgens ha ik allerhanne baantsjes hân en haw ek noch in jier op de kweekskoalle, tsjintwurdich de PABO, yn Ljouwert sitten. Gelokkich koe ik doe mei in talittingseksamen nei de keunstakademy. Dêr waard ek omraak protestearre en moast de skoallieding fuort omdat dy te autoritêr wie.
Ik bin in grut muzykleafhawwer en wie doe gek fan Bob Dylan, no noch trouwens, The Pretty Things dy’t rûger wienen as de Stones, en ek fan jazz: John Coltrane, Archie Shepp, Mingus. Yn Grins foel ik mei de noas yn ‘e bûter. Al hiel gau hie ‘k De Kroeg ûntdutsen, it kafee dêr’t ek de mannen fan Cuby and the Blizzards frij faak sieten. Dêrnjonken hiest noch Baboen, de soasjeteit fan Minerva, dêr’t in soad bekende Grinzers delkamen, lykas Sjouke Heins, de dichter Rikus Waskowsky en Belcampo. Ik stie faak nachtenlang achter de taap fan Baboen en siet sa middenyn dy fibrearjende wrâld fan muzyk en keunst. In geweldige tiid. Ik wie doe tweintich, en kinst wol sizze dat dy jierren my foar in grut part foarme ha. Op en nei de akademy hold it skriuwen mei hielendal net dwaande. Doe bestie inkeld it skilderjen en byldhouwen.’
Wat foar keunst makkest?
‘Ik ha njonken lânskippen ek altyd in soad bisten skildere, faak fûgels. Myn skilderstyl is nochal ris feroare, soms oan abstrakt ta, mar meastentiids is it ûnderwerp wol werkenber. Flak nei de akademy makke ik foaral akwarellen yn saneamde magysk-realistyske styl. Skilderje doch ik no net in soad mear, om’t it skriuwen hast alle tiid yn beslach nimt. Wol meitsje ik noch geregeld objekten fan hout of metaal, sink of koper, bygelyks koperen ielreagers en fûkepeallen. Ofrûne simmer noch haw ik yn de Jacobijnertsjerke yn Ljouwert meidien oan in groepstentoanstelling. Acht keunstners krigen in rút tawiisd en moasten in keunstwurk meitsje dat yn relaasje stie ta dat rút. Ik ha doe in grutte mobile makke fan koperbuizen mei blêden fan aluminium. Dat hat dêr de hiele simmer hongen.’
Wêr hâldst dy noch mear mei dwaande?
Wilco: ‘Ik skriuw ek al jierren graach lietteksten. It ôfrûne jier ha ‘k bygelyks hast alle lieten skreaun foar de krekt útkommen earste CD fan Tet Rozendal. Dy lieten binne ûnderdiel fan har teaterprogramma ‘It Wûnder út de Wâlden’. Dat programma giet oer de eardere wûnderdokters út de Wâlden, de saneamde strikers, en de lieten jouwe dy sfear ek safolle mooglik wer. Dêrnjonken haw ik dit jier de lieten skreaun foar in jûnfoljend sjongteaterstik foar in grut koar op It Amelân. Meiïnoar fertelle de lieten de skiednis fan it reddingswêzen op it eilân. Ek de acht ferdronken hynders meitsje dêr diel fan út. Dat stik is fannewike mei grut súkses opfierd op It Amelân. Yn 1999 ha ik tegearre mei sjonger/gitarist Ernst Langhout de CD ‘Sjonger en Dichter’ makke. Dêrfan ha ik alle teksten skreaun en Ernst de muzyk. Yn 2000 is fan ús doe noch de CD ‘Fryske Simmer’ útkaam, mei meiwurking fan it famkeskoar Toffe Meiden út Easterein. Dat nûmer wie eins bedoeld as persiflaazje op it Simmer 2000-barren, mar waard dochs serieus ûntfongen.’
‘Jierren earder ha Ernst en ik noch in kear meidien oan sjongfestival Liet. We waarden twadde mei mar ien punt ferskil. Hienen we dus absolút net op rekkene, om’t it we mear foar de gein meidiene. By ús optredens yn dy tiid, ûnder oare op Oerol, die ik de foardrachten, mar song ek wolris in refrein mei. No bin ‘k ek wer dwaande mei nije lietteksten, dy’t ik út en troch tegearre mei in muzikant op ‘e planken bring. Troch de jierren hinne haw ik dan noch de libretti skreaun foar in tal opera’s, lykas de rockopera ‘Gysbert Gysbert’ dy’t yn 2003 yn Boalsert útfierd is troch Reboelje. Dat projekt is spitigernôch mislearre en letterlik op reboelje útrûn om’t de regisseuze sa nedich hiele stikken tekst feroarje moast, sûnder oerlis. In jier letter is dat mei de folksopera ‘Fjoer en Wetter’, oer Bonifatius, yn Dokkum hielendal goedmakke. Dy stie as in hûs. En moai is ’t ek om dyn eigen teksten geregeld op ‘e radio werom te hearren. Lêsten kamen yn de Top 2000 sa’n alve nûmers lâns.’
Hoe is it begûn mei de galery en wêr ha jim dêrfoar wenne?
‘We wenje sûnt 2000 yn Harns en ha de galery no njoggen jier. Hjirfoar wennen we yn Twellegea yn in lisboks, in ‘Dubbelrijige Hollandse melkveestalling’ út de jierren sechstich, dy’t we ferboud hienen ta in soarte fan bungalow mei atelier. Der lei in enoarme tún omhinne, en op himsels wie ‘t in hiel moai plak om te wenjen. Spitigernôch sieten we flakby de tunnel yn de A7 en ’t ferkear raasde dêr mar troch, oant djip yn ‘e nacht. Moaie simmers ha we dêr hân, withoefaak as god yn Frankryk bûten sittend op ús feranda, mar elk jier waard dy dyk drokker, oant it echt in krime waard. It wie in reden om hjirhinne te ferhúzjen, oan ‘e haven en yn ’t sintrum, en stil as ’t hjir wêze kin! Boppedat spile it wurk in rol. Earder wie ‘k altyd ôfhinklik fan galerys om te eksposearjen, dy’t dan ek altyd perfoarst nij wurk ha woene. Dus besleaten we om foar ússels te begjinnen, lykas hieltyd mear keunstners dat dogge. Wy ha hjir no in permaninte eksposysje fan ús beider wurk, dêr’t we sa no en dan wat oan feroarje en fernije. Tanja kin hjir ek moai har aai kwyt. Eins is se argeologe fan berop, mar dêr is gjin droech brea mei te fertsjinjen. Begjin 2000 is se begûn mei it meitsjen fan objekten, meast fûgels, fan papier-masjee en semint, dy’t ienkear klear hjir yn de galery komme te stean. Sy runt ek de galery, wylst ik de measte tiid op myn wurkkeamer op souder sit te skriuwen. Tsjintwurdich binne we frij honkfêst, mar earder haw ik witwêr wenne en ferhuze sawat om de pear jier. Sibrandabuorren, Ljouwert, Hurdegaryp, Frankryk, Grins, Wommels, Piaam, Twellegea, yn dy folchoarder.
Yn de jierren santich makke ik lykas in hiel soad keunstners gebrûk fan de BKR, de Beeldende Kunstenaars Regeling, earder Contraprestatie neamd. Dêrby bieden je jins wurk oan by de eigen gemeente, dy’t dat dan oankocht en it jild oer in beskate tiid útsmarde. Sis mar as in útkearing krekt boppe bystânsnivo. De gemeente krige fansels op syn beurt it jild wer werom fan it Ryk. Foar de artistike beoardieling fan ‘t wurk wie der in provinsjale advyskommisje, dy’t de gemeente advys joech al of net oan te keapjen, want it wie gjin plicht. Yn ‘e stêden, benammen mei in read bestjoer, wurke de regeling hiel goed, mar op ’t plattelân mei meast CDA-bestjoeren wie dat wol oars. Yn Grins of Ljouwert hiest in grutte frijheid fan wurkjen, lykwols doe’t ik yn Piaam wenne, hie ‘k mei Wûnseradiel te krijen. Ik wurke doe frij abstrakt en gauris fûnen guon riedsleden dat harren lytse jonge soks ek wol koe. Wylst de advyskommisje in posityf oankeapadvys útbrocht hie, kochten se it dan net oan, gewoan om’t se ’t sels net moai fûnen. As moasten se ’t út eigen bûse betelje. In pear kear ha ‘k doe dan mar realistyske hynderportretten oanbean, mar dy wiisde de advyskommisje yn Ljouwert wer ôf om’t it net karakteristyk foar myn wurk wie. De gemeente lykwols fûn de hynders prachtich, mar ja, de advyskommisje wie negatyf, dus koene se net oankeapje. Want dat wiene de regels. Gefolch: sietst skoften sûnder jild, want bystân hiest ek gjin rjocht op, sietst ommers yn ‘e BKR. Doe ha ‘k eins needsaaklikerwiis in mingfoarm fûn foar myn wurk, earne tusken abstrakt en figuratyf yn. Hiest wer jild, mar fuort wie de frijheid. No hast de WIK, Wet Inkomen Kunstenaars. Dêr wit ik it fijne net fan, mar ik leau net dat it safolle better is.’
Wêrom de kar foar skriuwe yn it Frysk?
‘Ik ha achttjin jier yn Snits wenne en prate thús Nederlânsk en op strjitte Snitsers, wylst myn âlden altyd Frysk praten. Eins bin ik pas op myn tritichste begûn mei Frysk te praten. Op de HBS hiene wy Fryske les fan Douwe Tamminga, dat it skriuwen hie ‘k ek al frij gau ûnder de knibbel. Ik hâld ek in soad fan it Frânsk en it Spaansk, just om’t de klanken dêrfan my bot yntrigearje. Foar my stiet it Frysk dêrnjonken, benammen yn it dichtwurk, en dus ek lieten. Ik ha in pear kear de Rely Jorritsmapriis wûn en fielde dat wol as in oanmoediging om troch te gean mei it skriuwen. Doe begûn ik ek mear en mear mei myn susters en âlden Frysk te praten, wat fansels ynearsten flink wennen wie.
Yn 1990 kaam myn earste dichtbondel út, it twatalige ‘Reager, Fisk en Man’, dêr’t ek skilderwurk yn stie. Dy bondel wie in prachtige kombinaasje-opdracht fan it Anjerfûns en tsjinne as jubileumútjefte. Doe folge al gau de bondel ‘Fan dit lân in fresko’ by De Friese Pers Boekerij. Yn 1992 hat de Stichting Lift yn Amsterdam myn Nederlânsktalige dichtbondel ‘Gedichten en alles wat meegaat’ útjûn, as ‘Nationale Debuutprijs’, dy’t my doe útrikt waard troch Boudewijn Büch. Neist geregelde publikaasjes yn Trotwaer en letter De Moanne, hat it tydskrift Tirade troch de jierren hinne frijwat Frysk en Nederlânsk wurk fan my publisearre. In skoftlang ha ‘k besocht om in Nederlânsktalige roman útjûn te krijen, mar sûnder kroade komst nearne. En om’t al dat gedoch jin in soad tiid kostet en inkeld frustraasje opleveret, ha ‘k it der mar by sitte litten. Fan myn roman ‘Eilândochters’ út 2004 hat Jabik Veenbaas op fersyk fan it Produksjefûns noch al in Nederlânske proefoersetting makke, mar úteinlik is der neat fan op ‘e hispel kaam. Myn earste Fryske boeken kamen út by de Friese Pers Boekerij, doe waard al gau de Afûk myn fêste útjouwer. En ast ienkear in goeie relaasje hast mei dyn útjouwer, is dy faak ek wol ree om in folgjend wurk út te jaan, al wurdt it dizze krappe tiden fansels hieltyd dreger. Foar beide partijen.’
Wêr wurdst by it skriuwen troch ynspirearre? Wat foar boeken lêst sels?
‘Ynspiraasje helje ik út myn eigen libben, út wat ik meimakke haw en út de minsken dy’t ik ea tsjinkaam bin. Ik ha sân romans skreaun dy’t hast allegear inselde tema ha, dat fan de ienling tsjinoer de maatskippij, sis mar dy syn komplisearre relaasje mei de rest. Yn myn koarte ferhalen leit it wat breder en giet it mear om ‘e ferhâldings ûnderling. Benammen it wurk fan de fyftigers sprekt my bot oan, al doe’t ik sechstjin wie, mar ek no noch; Hugo Claus, Bert Schierbeek, Lucebert, Rikus Waskovski, Dylan Thomas. En datselde jildt ek foar de skilders en byldhouwers út dy tiid. Op de HBS mocht ik graach ferhalen skriuwe, mar dy kamen net fierder as de learaar Nederlânsk, de romrofte Frits de Vries, dêr’t ek Tryaterakteur Jan Arendz entûsjast oer ferhaalt yn syn solofoarstelling Jan Arends. Dy De Vries stimulearre my bot yn it skriuwen. Hy joech my njoggens en tsienen en skreau ûnder myn ferhalen dat ik in wiere skriuwer wie en foaral trochgean moast. Dat wie in ljochtpuntsje yn it tredde en fjirde skoaljier, mar ‘t koe net foarkomme dat ik úteinlik mei in lilke kop fuortrûn fanwegen in soad ûnrjocht mei sifers foar oare fakken. Wat ek wer te krijen hie mei myn lange hier en myn opstannigens. En dus myn Gille de la Tourette, mar dêr kaam ik sa’n fiifentritich jier letter pas achter. Eartiids hie noch gjin hûn dêr fan heard, dus wie ik foar mysels en foar oaren inkeld ûnrêstich en dwers. Tanksij De Vries bin ik doe wol mei dichtsjen begûn en stiene in jier letter myn earste gedichten yn Monôcle, de skoalkrante fan de kweekskoalle. Noch haw ik eins gjin geduld om te lêzen, mar ha der boppedat amper tiid foar om’t ik altyd oan ’t wurk bin, mei wat dan ek. Wol mei ik graach biografyen lêze oer minsken dy’t yn de jierren sechstich aktyf wienen, lykas Johnny de Selfkicker en Harry Muskee fan Cuby and the Blizzards. We gean net faak op fakânsje, mar at we gean wol ik noch wolris in boek lêze.’
Wat betsjut muzyk foar dy?
‘Hoe’t it sa kaam is, wit ik net, mar ik kom om yn ‘e finyl. In goeie tûzen lp’s leau ‘k, en fansels ek in nust cd’s. It is benammen moderne jazz út de jierren 50 en 60, rythm & blues, en dan noch Ingelsktalige popmuzyk, Bob Dylan, Frank Zappa, Dr John, Van Morrison. Ek hâld ik in soad fan it Frânske chanson, fan Brel en dy syn passy, dêr’t ik in soad fan mysels yn werken. Eartiids ha ‘k ek frijwat lietteksten fan him oerset yn it Frysk foar Douwe Heeringa. Muzyk hat altyd in grutte rol spile yn myn libben. Frjemdgenôch hat it lang duorre ear’t ik dêr letterlik wat mei die yn myn boeken. No dus al yn de nije ferhalebondel. En ik wol der no ek mear mei dwaan. Ik ha plannen foar in nije dichtbondel, dy’t suver inkeld oer muzyk en emoasje giet, sis mar: dy’t sels muzyk is yn ‘e meast brede sin fan it wurd. Ik bin ek dwaande mei nije lieten en foardracht op muzyk, dêr’t ik út en troch al wat fan hearre litten haw by optredens. Dat kin opnaam wurde yn de studio fan Hans Wijnbergen hjir yn Harns. Mar ik bin sels ek wol wat oan ‘t gûcheljen mei in muzykprogramma op de kompjûter, en mei in goeie mikrofoan komst in hiel ein. Optrede mei gedichten en lieten haw ik altyd geweldich fûn, ek al is der yn myn gefal amper sprake fan sjongen. Mar de latte leit by my altyd heech. Wat dat oangiet fyn ik dat it hjir yn Fryslân wolris wat te gau klear is en goed genôch. Yn ‘e útdaging begjint it pas. En graach seach ik ek wat mear rock ’n roll yn ‘e Fryske literatuer, deryn en der omhinne. Der mei wol wer wat mear pit yn!’