
In moai ferhaal en kear op kear wer prenataal om ’t jier op alle dagen. Sillich feest fan kearend ljocht, hillich de faam dy’t drage mocht, it neakene, it teare. Megasintraal: mei mear en mear wer oan ’e haal, it leit as lead op magen. Billiket baatsucht leugenljocht? Om it tredde laam nimmen tocht; folfretten frede beare. Ald krystkoraal ferwurdet klear sjongsum fan taal, trochtrillet alle lagen. Besibjend tankjen byinoar brocht. Dy’t thús kaam om de oaren socht, hy pleistere op ’t seare.