
Oare kear skreau ik oer it bieden fan in poadium oan skriuwers. Is der net in poadium, dan is it skriuwen gau oer. In blom hat wetter nedich, sa hat in skriuwer lêzers nedich en mooglik wat reaksjes. Reaksjes kinne altyd noch jûn wurde op it ensafhoarum (linkje) of skriuw in brief nei de redaksje.
No wol ensafh it/ít poadium foar Fryske skriuwers wêze, mar der moat ek romte wêze foar oare minderheidstalen. Sa dichtet Hein Jaap Hilarides yn it Biltsk en dy fersen pleatse wy graach. Op dizze lêste edysje fan it jier dêr wer in priuwke fan.
Wy slute dit jier ôf mei in bysûnder stik fan Marcel Plaatsman. Foarst bysûnder, om’t er foar it earst publisearret op ensafh. Oard bysûnder is dat it stik yn it Tesselske dialekt skreaun (en foardroegen!) is. Dat is dochs in dialekt bûten it Fryske taalgebiet, wat moat dat op in Frysk literêr tydskrift, sille guon sizze. Dat mei sa wêze, mar it is in minderheidstaal en as men it stik lêst, wat binne der dan in soad oerienkomsten mei de Fryske sitewaasje. Dêrom is it goed om ris oer de grins te sjen en sa te reflektearjen op ús sels. No is it Tesselsk faak al fierder yn ’e nederklits rekke, soe it tij noch te kearen wêze foar it Frysk? Faaks gjin nije diskusje, mar wol in nijsgjirrigenien. Dy krystgedachte woe ik jimme graach meijaan, it stiet jimme frij en diskusearje mei op it ensafhoarum.