Eric Hoekstra

Midfrysk Goud i — Ynlieding

logo.ensafh

Doel

Dizze rige artikelen hat twa doelen, in popularisearjend en in wittenskiplik. Op it foarste plak kin troch dizze artikelen gruttere bekendheid oan de Midfryske literatuer jûn wurde. De Midfryske literatuer heart ommers amper ta de kulturele bagaazje fan de Fryskskriuwers en Frysklêzers. Dat moat oars, want de Midfryske literatuer fertsjinnet better. By myn stúdzje anneks lêsaventoeren hat bliken dien dat it om nijsgjirrich en kwalitatyf heechsteand wurk giet. Boppedat wurdt ús troch dat wurk in blik yn in oare tiid jûn, mei oare noarmen en wearden, en dat makket it dûbel de muoite wurdich. Troch wervjend oer it Midfrysk te skriuwen wol ik de lêzers helpe om fan Midfryske literatuer te genietsjen, en der in better begryp fan te krijen. Moderne foaroardielen en ûnkunde steane ommers yn it paad fan it geniet fan keunst út oare tiden en kultueren. Njonken it popularisearjend doel ha ik ek wittenskiplike pretinsjes. Oant no ta is der net folle dien oan de literêre analyze fan Midfryske stikken. Der wie ommers ek safolle oar wurk te dwaan: de teksten moasten earst útjûn wurde, de taal moast earst bestudearre wurde, doe moast de saak digitalisearre wurde, en al sa. Mar no liket de tiid dan ryp foar de literêre stúdzje fan it Midfrysk, en dat hoopje ik sadanich te dwaan dat jim, lêzers, nocht oan de Midfryske literatuer krije.

Wurkwize

By it lêzen fan âldere literatuer, likefolle yn hokker taal, binne der deselde belemmeringen as by it learen fan in frjemde taal: de stavering is frjemd, en de betsjutting fan de wurden is net altyd like dúdlik. Dat jildt ek foar it Midfrysk. De stavering docht de moderne lêzer sear oan de eagen, en de betsjutting is soms sels foar de taalgelearden net nei te kommen. Dêrom haw ik de Midfryske teksten by dizze artikelen allegear omstavere nei de moderne stavering. As it Midfrysk foar de moderne lêzer net nei te kommen wie, ha ik de tekst “oerset” nei modern Frysk, safolle mooglik mei behâld fan rym en betsjutting. Myn doelgroep is dus de lêzer dy´t mei in minimum oan ynspanning wat Midfrysk lêze wol. Myn literêre analyzes fan de teksten, dy´t ik mar kommentaren neam, binne sawol foar gewoane lêzers as foar spesjalisten ornearre. Ik ha noch altyd de yllúzje dat it mooglik wêze moat om ferdivedearjend en dochs wittenskiplik ferantwurde oer literatuer te skriuwen. It materiaal ferskynt yn ôfleveringen op de ynternetside fan Farsk: earst de omstavere en oanpaste tekst, dan it kommentaar. Yn dizze earste rige ôfleveringen sil ik my beheine ta Midfrysk fan foar it jier 1700 (it Midfryske tiidrek rint ofsjeel fan 1550 oant 1800).

Betanknoat

Ik woe myn kollega´s op de Fryske Akadeemje betankje foar har hulp by de stúdzje fan it Midfrysk. Yn it bysûnder giet myn tank út nei dr. Frits van der Kuip, dy’t kolleezje Midfrysk yn Amsterdam jûn hat. Dy hat trije fraaie kursusklappers makke, allegear oer it Midfrysk. En dy wiisde my derop dat it Midfryske materiaal, yn oarspronklike stavering, te finen is yn in taaldatabank fan de Fryske Akadeemje. Dêrhinne ferwiis ik dan ek dejinge dy´t myn omstavering anneks bewurking mei de Midfryske orisjinelen ferlykje wol. Wa´t ek wat oer de Nederlânske literatuer út dy tiid witte wol, kin terjochte op de site fan de Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren, benammen it hânboek fan Te Winkel is de muoite wurdich.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *