C.O. Jellema, Edwin de Groot

Driuwjacht

logo.ensafh

 

Plat op ‘e rêch de lange leppelearen, lei hazze yn ’e greppel op ’e skûl, en ik, wyls dat ik neieroan kaam, die, myn taak as driuwer dus fersaakjend, as waard er net sjoen, net de eagen pûljend yn noed, in lege blik as seach er my net, net achter my de wide frijheid, mar in neat yn him, in gat dêr ‘t er foar lei, te djip, te breed en doar te springen. Doe, mei in stap fan my oan him foarby, yn ien tel wie er fuort – my omdraaiend (flok út ‘e sleatswâl wei, lykwols gjin skot) … Lês fierder