Wa wint de GJ-Priis 2009? (7)

logo.ensafh

Om ’e twa jier wurdt de provinsjale literatuerpriis ‘de Gysbert Japicx-Priis’ útrikt, om en om foar proaza en poëzy, dit jier foar poëzy. It giet om gedichtebondels dy’t yn ’e jierren 2005-2008 ferskynd binne.

De priis wurdt yn ’e twadde helte fan oktober útrikt en tsjin ’e ein fan ’e simmer wurdt de priiswinner bekend makke. Oant dat momint ta sil op Poadium alle wiken út ien fan ’e yn oanmerking kommende bondels in gedicht mei begeliedende tekst publisearre wurde.

Klik hjir foar de Long-list fan ‘e Gysbert Japicx-Priis. Wa wint de GJ-Priis: diel (1), (2), (3), (4), (5) en (6).

 

Elmar Kuiper – Ut namme fan mysels

De jonge dichter Elmar Kuiper is al tsien jier tritich fan ’t jier en op side 30 fan Ut namme fan mysels, dy’t by Bornmeer útkaam yn 2006, stiet it earste titelgedicht:

do ropst my ta. ik lis myn bestean oer, smar de wurden as wûnderoalje út.
dyn lûd draacht fier. ik wachtsje as in laam op de pûsters út dyn mûle.

reint it ferwiten, dan sil ik dûnsje yn diggels. mar feint,
ik bedriuw magy. ik draach dyn lea en myn bonken binne dines.

op ierde klaai ik dy út en streakje dyn hûd mei de hannen fan in tsjoender.

De bondel, dy’t fansels ek meidocht oan de Gysbert Japicxs-Priis 2009 foar poëzy, sjocht der likernôch sa út:

utnamme

Mar dan moatst der noch in boekje, moai foarmjûn troch Gert Jan Slagter, fan tachtich siden omhinne tinke. Piter Yedema hat oer dizze bondel skreaun yn Hjir 4, 2008 ûnder de titel

‘Ut namme fan X’: ‘Nêst de fûle en hjir en dêr gemiene teksten, steane der ek rêstige, mylde en suver relekste teksten yn dizze bondel’.

Op side 73 en 74 stean de lêste wurden fan dizze dichter yn it folgjende fers:

drôvige holle

de wolken pakke
der hinget in drôvige
holle oan ’e line.

ik kin der neat oan dwaan
as grien it wetter smoart.
wat moat ik dêr fan fine?

dyn fingers
fertjoarkje
yn myn burd.

wyld eintsje slobbet
it kroas fan myn netflues

pak me dan als je kan

de pit ûntbrekt
earm klokkehûs
bim bam bûnzjend hert

ik sil dy krije.

wyn boazet oan
it siket om rein.

sûne wurden rûgelje
samar yn dyn skurte.

ik ha de leafdestoarst ferslein,
bin in rottige apel, fertsjinje
dyn redenrike mûle net.

einepikefel
rouplakken
ûnder it grien.

der hinget in drôvige
holle oan ’e line.

Ien dy’t de leafdestoarst ferslein hat, kin gjin fjirtich wêze of hy leit op it stjêrbêd en dêr begûn de bondel al mei; it earste skift hjit nammentlik: de measte minsken stjerre op bêd. ‘Hat er mei passy libbe?’ freegje de Griken.

jqsmînk

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *