
Lytse swiete
Lytse swiete as wy tegearre boartsje,
is der op ’e wrâld gjin grutter nocht.
Do seiste, kom gouden, ik sis, kom hartsje,
De iene wol al dat de oare docht.
Do seiste, kom gouden, ik sis, kom hartsje,
De iene wol al dat de oare docht.
Tjalle, wolste boartsje?
Tjalle, wolste boartsje?
Doch dan de doarren ta.
Oars ha ik gjin nocht,
want as ien it sjocht.
Wat stieste sa?
Tjalle, Tjalle, wolste boartsje,
doch dan de doarren ta.
Dizze beide sankjes sprekke fierhinne foar harsels. Opmerklik is dat der yn de sankjes likefaak in frou as in man oan it wurd is. En hoe treflik wurdt it leafdesspul yn ‘Lytse swiete’ karakterisearre mei de rigel ‘De iene wol al dat de oare docht’.
Giacomo Vredeman
Mar hoe sit it no mei dy Vredeman? Wa wie it? Galama seit der yn syn artikel fan 1966 yn It Beaken neat oer, nei alle gedachten om’t er it net wist. Aldergeloks is der ek noch it Muzikologysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy. It romrofte lid ds. Dr. Bernard Smilde: MUZYK YN FRYSLAN kin ús lang om let wat mear oer de mystearjeman Vredeman ferhelje. Syn lêzing stiet op de site fan de Fryske studinteferiening fan de VU, Natio Frisica. Dêr haw ik de neikommende ynformaasje wei.
Jaques Vredeman de Vries, berne te Mechelen 1558 of 1559, is in soan fan de romrofte skilder-arsjitekt Hans Vredeman, dy, doe’t er fan Ljouwert nei Flaanderen kaam, de tanamme De Vries krige. Jaques Vredeman is letter fia Antwerpen en mooglik noch ien of mear tuskenstasjons nei Ljouwert (werom) kommen, dêr’t er yn 1589 boargerrjocht krige. Hy waard dêr foarsjonger yn de Grutte Tsjerke, learaar oan de Latynske skoalle en lieder fan it Collegium Musicorum, in selskip fan ynstrumintalisten en sjongers. Dat selskip wurdt foar it earst neamd yn 1593 en hat ek nei Vredeman syn dea noch in pear desenniën bestien.
Neffens Smilde is Vredeman syn wurk op in feiling yn Amsterdam boppe wetter kommen, mar hy wit fan nijsten net wêr dy’t feilinghâlders it wurk wer wei hiene. Vredeman hie oars ek de muzykredaksje dien fan de Friesche Lusthof fan Jan Jansn. Starter (1621), dêr’t er sels ek noch in pear meldijen oan bydroech. Hjerstmis fan dat jier is er stoarn, singelier itselde stjerjier as fan syn grutte tiidgenoat Jan P. Sweelinck, waans wurk hy kend hat. Sweelinck wie de grutste Nederlânske komponist fan syn tiid. Mar ja, Hollanners hoedzje har kultureel erfgoed ek net, want syn wurk wie oan koartlyn yn Nederlân sels oeral weirekke. Aldergeloks hiene se yn it bûtenlân syn wurk bewarre.
Oer de meldijen moat ik ek noch kwyt dat dy hieltyd op ’e nij brûkt waarden yn de Midsieuwen en Renessânse: se komponearren hieltyd wer nije teksten op bekende meldijen. Sa besteane der op ’e meldij fan it Wilhelmus noch allegear folle âldere teksten. En sa is it ek net gek, dat der op de meldij fan it Frysk Folksliet ek in Heidelberchs bierliet bestiet. Eeltsje Halbertsma hat dy meldij gewoan wer brûkt foar it Fryske folksliet.

De heit fan Jacques – Giacomo, Hans Vredeman de Vries (1527-1606) – is yn hiel Europa ferneamd as arsjitekt, skilder en ûntwerper fan tunen. Sykje marris mei Google op dy namme. De romrofte Vredeman de Vries-priis is nei him neamd. En de Vredeman de Vriesstrjitte yn Ljouwert en de Ljouwerter keunstakademy allyksa. Hans Vredeman de Vries wie ûntwerper, arsjitekt, skilder en yngenieur. Hy makke etsen en tekeningen dy’t er ek ôfprinte yn modelleboekjes (‘pattern books’) mei tekeningen foar ferskate ûnderwerpen: foar fersieringen fan objekten lykas spegels (‘industrial design’ soene wy tsjintwurdich sizze), foar pylders, foar fonteinen, foar de oanlis fan stêden, foar karyatiden en grotesquen, foar de oanlis fan tunen, foar perspektyf. Al dy ôfbyldingen binne op nij útjûn yn twa mânske dielen yn de rige Hollsteins’s Dutch & Flemish etchings, engravings en woodcuts 1450-1700. Volume 47 en 48 (1997, gearstald troch Peter Führing, redigearre troch Ger Luijten) befetsje it wurk fan Vredeman de Vries.
It stiet op de PB om yn te sjen. Syn boek oer perspektiven is opdroegen oan Prins Maurits en de bestjoerders fan Ljouwert. Dit wie yn de tiid dat Fryslân noch syn eigen keningshûs hie, de Fryske Nassaus, dy’t de ûnôfhinklikens fan Fryslân, Drente en Grinslân befochten (úteinliks foar de lettere steat Nederlân). Vredeman de Vries syn modelleboeken giene hiel Europa troch.

It geometryske wurk fan Vredeman de Vries, dêr’t wiskundige ynsjoggen yn ferwurke binne, is nau besibbe oan dat fan in oare Ljouwerter, Escher. Escher makke ek geömetryske ôfbyldingen dêr’t er wiskundige (ûn)mooglikheden yn ferwurke. Vredeman de Vries hat ek noch besocht professor wiskunde te wurden oan de universiteit fan Leien, mar ek al wie it op foarspraak fan Prins Maurits, dat gie net troch. Mar soks bewiist fansels syn wiskundige ekspertize.

Eins is it nuver dat sokke dingen amper yn de literatuerskiednis fermeld wurde. Literatuerskiednis heart yn myn eagen altyd kultuerskiednis te wêzen. En oarsom haw ik argewaasje fan skiednisboeken dy’t nea út de literatuer fan dy tiid sitearje; ik miste bygelyks yn Waterbolk syn Twee eeuwen Friese geschiedschrijving ynsjochrike oanhellingen út de Nederlânske of Fryske literatuer fan dy tiid, dy’t ommers in goed byld jaan kinne fan de tiidgeast dêr’t de Fryske ‘geschiedschrijving’ by bestie.