
Gelokkich: de hjeldagen binne sa’n bytsje foarby. Willem en ik hawwe in ôfgryslike hekel oan benammen de Krystdagen. Al dy ferskriklike krystbeammen, hiele strjitten mei lampkes, al dy supermerken fol mei ‘lúkse foar elkenien’. Dy lúkse bestiet dan út gourmetguod, rollades, kant-en-kleare sauskes, woarstjes, gebak ensfh. Allegear fierstente folle foar in normaal húshâlden en fierstente djoer yn dizze tiden fan krisis natuerlik. Want it is krisis, dêr komme wy net ûnderút. Takom jier moatte wy mei syn allen besunigje en net sa’n bytsje ek. De broekriemme moat oanhelle wurde.
Mar deis nei de Kryst krige ik in moaie ynfal, fyn ik sels. It barde yn ’e AH yn Lichtenvoorde, yn ’e Achterhoeke, dêr’t wy de hjeldagen op in ferlitten kempinkje trochbrochten. It hoecht hielendal net, dat besunigjen! It iennige wat barre moat is in feroaring fan tinken. De hiele winkel stie fol mei oanbiedings: -35%. Al dat gourmetguod, rollades, sauskes, gebak, woarstjes ensfh. foar altemets de helte fan ’e priis. Ik tocht ynienen: wat besunigje op lúkse foar elkenien: wy moatte gewoan de hjeldagen ferpleatse. Kryst net mear op 25 en 26 desimber fiere, mar twa dagen letter. Itselde mei âld en nij. Wat in foardielen! Alles yn ’e útferkeap, buffelje foar elkenien en ek noch foar in prikje. Mei in bytsje gelok ek noch in krystbeam fergees en de krystkaarten yn ’e oanbieding lykas yn it Dûtske Bocholt, krekt oer de grins. Ald en nij ferskoot dan ek in pear dagen, mei deselde foardielen. Oaljekoeken en appelflappen hast fergees. Krekt as al dy slaatsjes.
Dan wurde de hjeldagen pas echt in feest!