
It famke lei op in bedsje fol mei reade roazen, de sniewite hannen gear oer it justjes wulve boarst, de eagen wiid iepen. Har eachlidden trillen betiden in bytsje, se wie dus net dea. In swiere sucht, it begjin fan triennen, in huverjen dat oer har hiele lichem hinne luts, fan boppen nei ûnderen, en wer werom. In mankelyk liet oer dappere ridders en sierlike jonkfrouwen rôle fan har bleke lippen, har lûd wie heas en ûnfêst.
‘Heidi! Sjit ferdomme ris op! Hast de wekker net setten? Oer in kertier begjint de skoalle al!’
‘Ik bin net lekker mem, ik fiel my mislik.’
‘Wat bin dat foar skytmerakels, doch dy doar iepen, no daliks!’
Sêft snokjend gie it famke oerein, draaide de kaai om en liet mem deryn. It lytse, dûbelde wyfke har mûle foel letterlik iepen fan ferbjustering, doe’t se de roazen op it bêd lizzen seach. Har gebyt hie syn bêste tiid hân, safolle wie dúdlik.
‘Wat…’
‘It binne klaproazen hear mem, ik haw se sels plukt, it binne gjin echten…’
‘Do bist net lekker, sis dat wol, hoe krijst it yn ’e plasse! Ik haw in soad meimakke, mar… No daliks in jiskepûde pakke en dy brot oprêde. Do meist hjoed thúsbliuwe, mar ik belje aanst de dokter foar in ôfspraak. Dit doocht net. Nee, no, hè, gûl mar net mear, do kinst der ek neat oan dwaan. Lit ek mar, ik rêd it wol op.’
Mem joech it famke in tút op it wang, aaide har oer it hier en stjoerde har nei de supermerk om in boadskip. Se mocht ek wat lekkers foar harsels keapje.
It wie in kertierke rinnen nei de winkel. It famke sette har kapusjon op, ek al wie it droech en sêft simmerwaar. Se woe net dat de bern fan har skoalle har werkenne soene.
It wie al aardich drok yn it winkelsintrum, by de plantebakken hong in groepke allochtoanske jonges om, dy’t lynjend op harren scooters de froulju neirôpen en fan ‘psst’ diene. Der wie ek in jonge by dy’t der wat útrûn, net wat gedrach oanbelanget, mar syn uterlik hie wat bysûnders, moaie grutte brune eagen en koart kroljend hier.
It famke raande fan binnen doe’t de jonge ‘Hee mooi meissie’ tsjin har sei. Se krige in kaam en rûn gau de winkel yn, efter har hearde se de jonges laitsjen. Se kocht in blikje Red Bull en in KitKat foar harsels en foar mem bôle en tsiis.
Der wie gjin oare útgong, dat se waard wer mei it groepke konfrontearre. De kreaze jonge rûn op har ta en flústere har wat yn it ear. Wer waard it har gleon oer it hiele lichem hinne en se knikte. De jonge sei wat yn syn eigen taal tsjin de oaren, dy’t dêrop wer yn in snokkerjend gnyskjen útbarsten.
Tegearre rûnen se nei syn wite scooter ta, harren eagen lieten inoar gjin momint los. De jonge starte de motor, stapte op en it famke krûpte tsjin syn rêch oan, rûkte oan it swarte lear fan syn jaske, en sloech har earms om him hinne. Dit wie har prins, de prins op de wite scooter.
Hoewol’t it ferbean wie, ried de scooter mei grutte faasje rjochting de útgong fan it winkelsintrum, in stjonkende wolk fan útlitgassen efterlittend.