Beart Oosterhaven

Tiid foar wittenskiplik ûndersyk nei Frysktalige lichte muzyk

logo.ensafh

Op ’e sechsde ynternasjonale streektaalkonferinsje fan ’e Stichting Nederlandse Dialecten (23 septimber 2011 yn Heerde), haw ik yn in lêzing sein, dat de Frysktalige muzyk hjoed de dei ‘draait as in tierelier’. Dat hat wolris oars west! Yn ’e neamde lêzing haw ik ek oanjûn, dat it Frysktalige liet yn ’e 18de en yn ’e earste helte fan ’e 19de ieu frijwat yn ’e ‘nederklits’ siet. Sels by de boarterslietsjes fan ’e bern sloech it Hollânsk doe foar master op!

Nei in oanrin fan goed 20 jier, hat de Frysktalige lichte muzyk sûnt it begjin fan ’e njoggentiger jierren fan ’e 20ste ieu in geweldige flecht nommen. In wichtige rol dêrby spile de groep Reboelje, dy’t yn ’e 16 jier fan har bestean (1987-2003) mar leafst 10 album-cd’s ferskine liet, trije muzykteaterproduksjes makke en ’e Frysktalige popmuzyk ek live yn oare Europeeske lannen brocht, oant op ’e Ingelske BBC-radio ta!

Wat syn belang foar de ûntjouwing fan ’e Frysktalige lichte muzyk oanbelanget, moat fansels ek de singer-songwriter Piter Wilkens (1959) fan Marsum neamd wurde, dy’t nóch geregeld (fier) om utens is. Dat ús provinsjaal bestjoer wurdearring opbringe kin foar wat oft de krektneamde acts út ’e wei set hawwe, docht bliken út it feit, dat beide de heechste ‘ûnderskieding’ foar Frysktalige en Fryske streektalige muzyk, de Bernlefpriis, takend krigen hawwe: Reboelje yn 2002 en Piter Wilkens yn 2010.

Yn myn yn 2005 ferskynde boek De fûgel yn dy. 35 jier Fryske folk- en poplietteksten 1969-2004, skreau ik (op s. 58), dat 35 jier lichte muzyk yn Fryslân wol sáfolle oan lûddragers mei goede Frysktalige nûmers oplevere hat, dat dêr maklik in radiostjoerder, 24 oeren deis, mei ‘te foljen’ wêze soe. Omrop Fryslân hat fan dat sizzen (skriuwen) ûnderwilens it bewiis levere. Earst, sûnt begjin foarich jier, mei de livestream op ynternet ‘Omropnonstop.nl’, en letter, yn ’e hjerstfakânsje fan 2011 (17 o/m 22 oktober), mei de Fryske Top 1000!

Neffens de webside fan ’e Fryske Akademy bestiet har Musikologyske Wurkgroep yn 2012 santich jier (www.fryske-akademy.nl) Dy ploech hat de jierren troch gâns publikaasjes ta stân brocht, sa’t ek op dy webside gewaar te wurden is. Undersyk nei de skiednis en ûntjouwing fan ’e Frysktalige lichte muzyk hat de wurkgroep lykwols mar amper dien. It soe dêrom in goede saak wêze, as de wurkgroep, bygelyks yn it ramt fan har 70-jierrich bestean, ris foarseach yn dy omisje.

Om my kin dat ek skoan yn oparbeidzjen mei de op 19 novimber 2011 fan ’e ein giene University Campus Fryslân (UCF), dêr’t de Fryske Akademy no oars, neffens Leeuwarder Courant-kollumnist Pieter de Groot (LC, 26/11/2011), ‘als het vijfde wiel aan de wagen lijkt te fungeren.’ En dan fansels by de hotspot ‘Meartaligens’ fan ’e UCF, dy’t de Fryske Akademy, út har saakkundigens wei, dochs foar it grutste part fan content foarsjen moatte sil. Op sa’n wize soe in wichtich, nijsgjirrich en tige libben part fan ’e Frysktalige kultuer by in nij en jong wittenskiplik publyk yn it omtinken brocht wurde kinne!