Anneke van Renssen

Provinsjale Kikkert

logo.ensafh

Yn ‘e jierren ’50 en ’60 opgroeie op It Hearrenfean is neffens my omtrint like slim as opgroeie yn bygelyks Buitenveldert yn Amsterdam. Neat te dwaan. Mei ien ferskil: de jongerein út Buitenveldert wie yn tsien minuten op ’e brommer yn it sintrum fan Amsterdam, dêr’t nozems, dijkers, pleiners en provo’s harren útlibje koenen. Op it Fean wie neat. Fansels, der wie in groepke dwerslizzers. Ik woe dêr graach by hearre. Dat slagge net. Ik sil noait ferjitte dat myn âldelju de âlde keukentafel en -stuollen oan de jongerein fan it Soerkoalpakhûs weijoegen, dêr’t grutte feesten organisearre waarden. In moai gebeart soest tinke. Mar ik mocht der net hinne. Gjin sprake fan. ‘Wat moatsto tusken dat túch?’
Dan mar sa fluch as mooglik de doar ut, de frijheid temjitte. Nei Leien, yn ’e ferpleging. Ek net sa noflik mei in tiranike haadsuster dy nochal wat beswier hie tsjin myn hier omdat it yn in grutte hiertûfe oer myn foarholle hong. It hearde neffens my by alles wat mei in nije tiid, mei frijheid te krijen hie en de haadsuster koe de pot op.
Mar wist ik folle wat de nije tiid wie? Ik wie in provinsjaaltsje. Gelokkich hie ik in brommerke en in omke yn Delft. Ik dêr mar ris hinne. Want omke hie ûnder oaren postrinder west en noch in postcape lizzen. Dy woe ik graach hawwe, want ik seach yn Leien de jongerein der mei rinnen en dat like my ek wol wat.
Dat haw ik witten. Dy cape, sa die bliken, wie net sa mar in cape. Dy cape hearde ta de outfit fan de Kikkerts, yn Den Haach en Leien ferneamd. Se hiene dêr ûnder oaren de Bullen, de Artistikelingen en de Kikkerts, allegear te ferlykjen mei de Dijkers, de Pleiners en de Provo’s.
Dêr siet ik in Leien, grutsk en wol op myn brommerke, wapperjende cape oan. Hearde ik ynienen driigjend neist my: ‘Ben jij een Kikker?’ In Kikkert? Ik wie gewoan dat provinsjaaltsje yn in grutte cape dy’t tocht dat se hip wie.
It komt derop del dat ik goed as neat meikrigen ha fan ’e jierren ’50 en ’60. Yn ‘e jieren ’50 krekt te jong (ik bin fan 1948) en yn ‘e jieren ’60 mocht ik fan thús neat. De doar út wie de iennige opsje. Bist einlings frij, wurdst in Kikkert neamd. It hat lang duorre foar’t ik yn ’e smizen hie dat it gjin skelnamme foar in provinsjaaltsje wie, mar dat ik yndield waard by in rivalisearjende ploech. Wylst dy cape in symboal fan frijheid foarstelle moast.