Josse de Haan

Langhierrich wurkskou túch kontra It skouwe koarthierrige ark

logo.ensafh

Op 6 novimber 2010 hâlde HIPPO – ea in jongerensintrum yn Ljouwert (1974-1982) – in reüny. It omfette it tiidrek 1965 oant 1982, in perioade dat der yn Ljouwert heel wat groepen aktyf wiene. Ek de ‘foarâlden’ fan Hippo – Provadya?, Axies, Kloppend Hart, Pow Wow, Kaktus en bygelyks Swatte Jat – hiene út soarte in wichtich lûd. Ut it iene ûntstie it oare.

Dizze reüny wie in gefolch fan it inisjatyf fan it HCL (Historisch Centrum Leeuwarden), dat in útstalling makke oer ‘Jongeren in de Friese hoofdstad tijdens de jaren ’60 en ‘70’. Tagelyk ferskynde it fotoboek Langharig Leeuwarden (Friese jongerencultuur in de jaren ’60 en ’70). Op Omrop Fryslân ferskynde yn it sneinsprogram in dokumintêre oer de begjinjierren, en fierder ha der in tal lêzings en diskusjes west yn it HCL oer de sixties. Foar skoallen wiene der edukative aktiviteiten.

In oare tiid

Fan 1957 oant 1962 haw ik yn Ljouwert op de Rykskweekskoalle sitten – oan it Schavernek yn it sintrum fan Ljouwert. In tal ûntwikkelingen haw ik dêrtroch sels meimakke. Mar ek dêrfoar kaam ik regelmjittich yn Ljouwert as ik útfanhûze by myn muoike. Ik haw myn earste film yn Ljouwert sjoen – as jonkje fan njoggen mei myn omke en myn neef. Yn  de roman Piksjitten op Snyp (1999) haw ik de earste filmbesite fan in jonkje beskreaun.
Sa haw ik ek mei myn neef en twa famkes út de strjitte yn 1956 nei de film Rock around the Clock west, dêr’t Bill Haley and his comets foar master opsloegen. Ik wie fyftjin. Nei dy film waard it wat roerich, sa’t soks ek op âldjiersnacht plak fynt, foaral op de Nijstêd. Op in stuit skeaten de plysjes as pylken út har fêsting op dy Nijstêd en begûnen yn te huffen op de mannichte opslûpen jonges en famkes.
Dy film waard doe daalk ferbean yn de Ljouwerter bioskopen. Ik haw dat barren as oanlieding brûkt foar in gedicht yn Poëtisch Leeuwarden (2006):

Filmreüny

nei Bill Haley’s orkaan fan kometen, plysjes yn spagaat
rûnen wy letter ûnder in blêdetek fan beammen, ien lampe
op it paad fan brutsen skulpen fûnst har, de kastanje
– sjoch, se spegelet, moatst bewarje, kin gelok betsjutte –

jierren letter hat se tearen yn ‘e holle, knipperet tsjin it ljocht
heucht har as de dei fan juster de film, Rock around the Clock
mar ek de singeliere dûns yn de lette nacht, de Koperen Tún
de hân dy’t mei har boarte, tûk tusken de boarsten skode

ik koesterje har al jierren lang, no op myn buro, yn cinemaskoop
tink oan de Rock, dy nacht, Panders byld, dêr’t ik op like
de kastanje projektearret de bylden, begrypt myn langst
ik gean werom, betink farianten, keppele oan dizze tiid

oant ik nei safolle jierren wer yn de Cinema sit, itselde plak
ik mis de smook fan sigaretten, cola, it buske foar de blinen
freegje my ôf wa’t op dizze stoel genoaten, singels of pearkes
oft ik dizze filmfreonen sammelje kin, swart-wite reüny

mar soks jildt allinne foar de libbenen, lykas spilers yn in film

Yn 1956 barde der noch wat dat ek grutte gefolgen hie, en ynfloeden hawwe soe op de hele wrâld – foaral op dy fan de dichters, de performers en de heppenings. In wichtich lid fan de Beat Generation yn Noard-Amearika – de dichter Allen Ginsberg – publisearre syn grutte gedicht ‘Howl’. De earste rigels benammen binne tige bekend wurden:

Yn ferstekeningen-tekenfersen (mei Joop Huisman) haw ik yn 1971 yn
it fers ‘koe ik mar skilje’ de earste rigel fan Allen Ginsberg brûkt – ‘Ik seach de bêsten fan myn generaesje/ laitsjen stribjen smokend deagean’.

Agry young men and women

De tentoanstelling Langharig Leeuwarden hie foaral te krijen mei in feroarjende tiid. It wie in eksposysje fan foto’s, posters en oar byldzjend materiaal fan tweintich jier opstân, alternatyf libjen, oantaasten fan de autoriteitskultuer oer de jierren ’60 oant ’79 as Herman Brood foar in 7000 jongeren yn de Prinsetún in konsert jout. De fotografen Piter Doele, Paul Janssen en foar in part Sikke Doele hawwe histoaryske heppenings fêstlein.
Ik siet op ‘e Rykskweekskoalle en moast yn 1960 yn ferbân mei de akte foar skoalmaster in skripsje skriuwe foar Cuma (kultuer en maatskippij). Ik keas in wurkstik mei de titel Angry young men and women. It is in fyftich siden grut en eindiget mei de wurden: ‘Rebelly en idealen fynst werom yn it boek La nouvelle vague, portraits de la jeunesse, Gallimard, fan Françoise Giroud’.
Yn de skripsje wurdt foaral beskreaun hoe’t jonge minsken yn it lêst fan de 50-er jierren har benammen yn Amearika en West-Europa fersetten tsjin it fanselssprekkende. Se wiene tsjin de wrâld, tsjin de âlderein, tsjin it establishmint en foaral tsjin de status kwo. Ik wie achttjin, njoggentjin, it wie myn generaasje.

Yn dy skripsje wurde begripen neamd lykas Nozems, asfaltjeugd, massajeugd, gepolijste jeugd, Swingnozems, Pleiners, ongrijpbaren, Brozems. Yn Ingelân hjitten se Edwardians of Teddyboys. Yn Frankryk Blousons-Noirs, Zazous en Tricheurs, yn Dútslân Schlürfe, Swingleute of Halbstarken. Yn Amearika sloegen de wurden Beatniks of Beat Generation foar master op. Hipsters en Squares kaam ek foar. Grutte literêre nammen yn dit ferbân wiene de al neamde Allen Ginsberg, Gregory Corso (mei Sportive Bombs) en Jack Kerouac (mei On the road en The subterraneans). Nei oanlieding fan Operaesje Fers (1968) yn Fryslân rjochten guon fan de Beatniks in heal jier letter Dial a Poem op yn New York. Dizze telefoanpoëzy is no yn it MOMA (NY) permanint as concept-art út de jierren sechtich te sjen. We wurken mei har gear en dêrtroch hawwe û.o. Fryske fersen yn New York te beharkjen west en gedichten fan har yn Nederlân.
Yn maart 1960 ferskynde it earste nûmer fan TWEN (analooch oan in Dútse útjefte), in jongerenblêd dêr’t de nije tiid op it gebiet fan moade, muzyk, literatuer en keunst nei foaren kaam. Ek út it bûtenlân – foaral út Frankryk en de USA. De nûmers 2,3 en 4 hjitte TABOE. Yn dit tiidskrift begjint al de tiidsgeast fan de sechtiger jierren. De Jazzkelder oan de Bierkade yn Ljouwert sleat treflik oan by dit blêd en by ús belangstelling.

Jazzkelder (’60) en BEEG (’62)

Sikke Doele hat yn 1988 in soarte fan stambeam makke fan alle foarâlden fan de politike beweging PAL yn Ljouwert. Dêryn stean fanôf de Rock and Roll-rellen fan 1956 alle progressive en alternative groepen dy’t yn Ljouwert bestien hawwe – alles skematysk beskreaun, it iene ûntstiet út it oare.
Yn 1970 hie it literêre tiidskrift Trotwaer (1969) al in kultuerstambeam tekene dêr’t alle kumulative kultuerposysjes mei de ynherinte freontsjespolityk beskreaun wurde. De stambeam fan Doele is it tsjinoerstelde. Sa’t ik beskreaun haw yn myn skripsje skriuwt it blêd Hipporama (jubileumedysje 6-11-’10) dat der yn de jierren ’60 en begjin ’70 noch in grut ûnderskied bestie tusken de wurkjende en de skoalgeande jeugd.
Yn Amsterdam hiene je bgl. de (br)(n)ozems en de pleiners (Leidsplein mei Reinders en Eylders – studearjende jeugd). Yn Ljouwert wiene de Dingly-boys dúdlik oars as de jeugd fan Beeg en de Jazzkelder. Ik haw dat ferskil noch heel skerp meimakke.
Fan de ynstellings en organisaasjes yn de stambeam fan Doele haw ik by in tal aktyf en passyf belutsen west. Guon wichtige inisjativen op kultuermêd yn dy jierren wurde hjir noch net neamd. De stambeam fan Doele:

Fanôf ‘58/’59 kaam ik regelmjittich yn de kofjebar fan Wybs yn de Doelesteech. Dêr kamen de jongeren fan de kweekskoallen, de hbs, de mms, it gymnasium en oare middelbere skoallen. Sus, de frou fan Wyb, wie in betûfte barjuffer, in maklike prater dy’t yn har iepen sportauto gauris nei Amsterdam fleach en dan wer mei de lêste en nijste ûntwikkelingen thús kaam. Ek mei nije blêden lykas Twen, de nijste literatuer en platen foar de jukebox. Yn Wybs dronk ik kofje en foaral milkshakes dy’t ik betelle mei it jild dat ik mei pokerjen en dobbeljen wûn. We hâlden yngewikkelde petearen oer mins en maatskippij, mar foaral oer de keunst, de literatuer en it eksistinsjalisme.
Streekrjocht ferbûn mei Wybs wiene yn myn belibbing de Jazzkelder dy’t yn ’60 oan de Bierkade opset waard, de keunstgalery fan Van Hulsen op de Nijstêd, en letter de keunstnerssociëteit en eksposysjeromte Beeg ’62. Dêr kamen skriuwers, dichters, muzikanten, skilders en oare ‘artistikelingen’. It offisjele keunstsintrum yn de Prinsetún spile in lytsere rol.

Tsjin it establishment

It boek Volg het spoor terug fan J.B.Charles (Prof.Dr.W.H.Nagel) hat foar de studearjende jongeren yn de 50-er jierren tige wichtich west. Nagel hie as Charles djip yn it ferset sitten (Grins en Utert) en fertelt yn dit boek oer dy tiid, oer de skoftestreken fan de Dútsers, oer it ferset sels, en dat alles yn in skerpe neat ferblikjende taal – streekrjocht foar de raap.
Hy skriuwt foaral oer it op ‘e nij opkommende fassisme, oer it kollektive, oer it ferhearlikjen fan nasjonalisme en folk, oer it negative fan groepsfoarming, oer de restoraasje fan de suilen, oer it nije autoritêre gedrach fan bestjoerders. Hy jout iepening fan saken oer de oarloch dêr’t wy neat oer hearden op de legere skoalle en op de middelskoalle. En…hy wie net fertocht, in grut fersetsman, dy’t ek nochris de religy op in pypfol hie.
Charles stiet mei dit boek oan de basis fan heel wat frijheidsbewegings yn de sixties – it autoritêre en totalitêre pakt er oan. Hy wie ek net fiis fan de RAF en oare révolúsjonêre groepen. As foaroansteand ynternasjonaal kriminolooch hie er in grutte ynfloed. It boek krige hele negative en hele positive kritiken – Nagel hat der literêre prizen foar krigen.
Doe’t ik  dizze tige ynformearjende tentoanstelling by del gong foel it op dat de Fryske Literêre wrâld hast net oanwêzich wie, de Fryske kultuer ûntbruts, it foel ek op dat yn de grutte utjefte ‘De LC 250 jaar’ dêr’t 250 foarpagina’s ferskine al dizze Ljouwerter aksjegroepen nea pagina 1 helle hawwe. De stedsredakteur út dy tiid – Wiebe Pennewaard – beweart dat se net alles opskriuwe koene, ‘want der moast rekken hâlden wurde mei de âldere abonnee’. Tagelyk kinne je lêze (mar hy hat it my ek faak sels ferteld) dat redakteur Sikke Doele dy’t by heel wat Axies belutsen wie op aaien rinne moast, omdat er oars ûntslein wurde soe by de LC. De publikaasjes fan Het Vrije Volk en De Friese Koerier fanôf 1960 oant ’70 wiene objektiver en breder. De LC hearde by it establishmint (sjoch bgl. hoe’t se te kear gongen tsjin quatrebras, tsjin Jozum Walstra en syn Galery De Blauwe Hand yn Harns – Piter Doele, de broer fan Sikke wie troud mei de suster fan Walstra – sjoch hoe’t se oer Paul Panhuysen en syn Bende van De Blauwe Hand skreaune yn ’64), Sikke Doele moast as ien fan de grutte foaroanmannen fan de feroarings yn Ljouwert heel foarsichtich wêze as redakteur by de LC.

Sikke Doele

NewLeft/BKF-WKF/Axies/A-WYT

Ik haw te krijen hân  as net-Ljouwerter (ik wenne yn Peins, even yn Ljouwert, en letter yn Hjerbeam) mei New Left en Axies. Feije Sixma van Heemstra – de baron dy’t as Homme Earnstma de roman Leafdedea skreau – joech it meartalige Frysk literêre tydskrift A-WYT út begjin sechtiger jierren. As opmakkers hie er Jozum Walstra (quatrebras en De Blauwe Hand), en Tom Hageman fan New Left.
Yn A-WYT ferskynden stikken oer kultuer, keunst en maatskippij, ek proaza en poëzy. Reinder van der Leest, Meindert Bylsma en ik hawwe der gauris oan meiwurke. Yn A-WYT haw ik oer Ljouwert skreaun. De ideeën fan New Left en letter ek dy yn de politike beweging Axies kamen oerien mei wat A-WYT woe, en wat wysels – guon lju dy’t letter yn Operaesje Fers, Trotwaer en KU mei de Fryske kultuer dwaande wiene – op it each hiene. Wy woene de Kultuerrie – de seksjes letteren en keunst – fia de BKF (Beeldende Kunst Friesland) en WKF (Wurkgroep Kultuer Fryslân) op in oare wize wurkje litte, demokratysker en fan út de balanghawwenden fuort. De Kultuerrie wie in sletten pommerantefront.
Ik hie yn Trotwaer-70/2 in stik skreaun oer De 50 fan de slach by Warns, in evaluaesje fan twa jier krewearjen foar Operaesje Fers, oer twa jier tsjinwurkjen troch de Kultuerrie, troch de Provinsje Fryslân, troch it FLMD, yn feite troch de kulturele en politike pommeranten dêr’t ek New Left, Axies en oare groepearringen tsjin fochten. Yn de BKF en de WKF wurken wy gear mei Axies.
Yn septimber ’70 gong it yn Trotwaer supplemint-1 oer de Kultuerried – it tuskenferslach fan de wurkgroep WKF waard presintearre. Yn oktober ’70 (supplemint-2) lansearren wy de kultuerstambeam fan de politike en kulturele freontsjes en ferskynde myn idee oer in demokratisearre Kultuerrie oangeande keunst en letteren. Yn dat ferbân haw ik doe heel wat petearen hân mei Theo van Haaren, mei Suus Hagenbeek en mei Sikke Doele fan Axies. Yn de Fryske kultuer (kultuer yn Fryslân) moast Ljouwert in haadrol spylje neffens ús. Sikke Doele en ik wiene yn dit kader de troch ússels beneamde represintanten fan de Fryske skriuwers.

Kultuerstambeam


Seksje letteren


Langharig Leeuwarden

De eksposysje yn it HCL wie tinkt my in moai begjin fan in takomstige beskriuwing en it fêstlizzen fan de sixties en letter yn Ljouwert. Dêrby soe de rol fan de kranten yn dy dagen ek besjoen wurde moatte – de LC, HVV, FD, FK, en oare media. Op 16 maart waard der mei in diskusje troch sjoernalisten út dy tiid yn it HCL al in begjin makke.
De provinsjale en de gemeentebestjoeren kinne neirûn wurde op it flak fan feroaring of ferstjurring, lyksa de politike partijen. It ferskil tusken it plattelân en de stêd sil faaks nei foaren komme. Foaral de status kwo dy’t yn ûnderskate organen, ynstellings en bestjoeren foar master opsloech soe analysearre wurde kinne. Ek demokratysk keazen lju hawwe krityk en ferfarsking nedich.
Bestie der in grut ferskil tusken Fryslân en oare provinsjes, tusken Ljouwert en oare grutte(ere) stêden yn Nederlân is ek in nijsgjirrige fraach.
Elke persoan, elke groep dy’t wat nijs woe, dy’t in feroaring needsaaklik achte fan it klimaat – op kultuergebiet, op muzykgebiet, yn de keunstsektor, yn de letteren – moast faak fjochtsje oant de helsdoarren en fierder ta. It konservatisme en de behâldende tendinzen wiene grut yn dy tiid. De foto-tentoanstelling en it boek ‘Langharig Leeuwarden’ jouwe in nijsgjirrige ympresje fan de striid om de foarútgong.

quatrebras, Hessel Miedema (Princessehof), Kunstzaal Van Hulsen, De Keunstakademy Vredeman de Vries, Operaesje Fers (telefoanpoëzy), De Bende van de Blauwe Hand en Galerie De Blauwe Hand, de tiidskriften A-Wyt, Sonde en trotwaer kamen net foar op de tentoanstelling, mar ek dy eleminten fan kultuerferoaring (Frysk en net-Frysk) hawwe foar Ljouwert en Fryslân wichtich west. De oanset dy’t it HCL makke hat is in moai begjin.