Piter Boersma

It Fryske literêre libben (6): De Rink van der Velde-priis 2012 en PR

logo.ensafh

Op woansdei 15 febrewaris is de winner fan de twajierlikse Rink van der Veldepriis 2012 bekend makke en de priis útrikt.
Op freed 10 febrewaris waard wrâldkundich  hokker boeken troch de sjuery foar de priis nominearre wiene:

‘De sjuery fan de Rink van der Veldepriis makket, yn oerlis mei de ynstellers fan de priis, de gemeente Smellingerlân en de Friese Pers Boekerij bv, hjirby de kânshawwers bekend foar de Rink van der Veldepriis 2012:

Hidde Boersma – De gewoanste man
Ferdinand de Jong – It dak fan de wrâld
Bart Kingma – Griene simmer
Margryt Poortstra – Kofje ferkeard
Willem Schoorstra – Rêdbâd’

De bekendmakking fan it priiswinnende boek en de útrikkking fan de priis oan de skriuwer wie neat mis mei. It wie in sfearfol barren yn it gemeentehûs fan Smellingerlân yn Drachten. Der wiene moai wat minsken. De widdo fan Rink van der Velde wie der as fêste earegast. De nominearre skriuwers, op ien nei, wiene der, sa ek guon útjouwers en fertsjintwurdigers fan ûnderskate literêre organisaasjes en ynstânsjes wiene der. De ûntfangst yn it gemeentehûs wie yn oarder. De presintaasje fan it hiele barren wie neat op oan te merken. It wurdsje fan de wethâlder kreas. It wurdsje fan de sjuery ek, al wie it sjueryrapport faaks wat koart om ’e hoeke, mei’t allinne oer it priiswinnende boek wat sein waard. De drankjes en hapkes neitiid, it wie allegear tige yn ’e es.
Der wie moai wat parse oanwêzich: Omrop Fryslân, ferslachjouwers fan de Ljouwerter Krante en it Friesch Dagblad, de lokale parse, in hiel bataljon fotografen. Dy lêsten wie de priiswinner Ferdinand de Jong mei it boek It dak fan de wrâld suver wat ferstuivere oer.
Omrop Fryslân radio liet fuort nei de útrikking lûdsfragminten fan de útrikking hearre en hie de priiswinner live yn de ynstjoering. De jûns wiene der bylden fan de útrikking te sjen yn de nijsrubryk Hjoed fan Omrop Fryslân televyzje. De oare deis stie in ferslach + foto fan de útrikking yn sawol de Ljouwerter Krante as it Friesch Dagblad. De lokale parse sil syn paadsje ek wol skjin makke ha.

Foto: Eddy Joustra yn Breeduit, gemeente Smellingerlân

Mar no de oanrin nei de bekendmakking fan de priis en de útrikking derfan. Op freed 10 febrewaris, dat wol sizze mar krapoan seis dagen foar de útrikking, waarden de nominaasjes bekend makke. Der stie in berjocht op Sirkwy (de Fryske literatuerside fan Tresoar), dêrnei op de webside fan De Moanne en doe ek op Ensafh-ynternet. Ik bin it bekendmeitsjen fan dy nominaasjes net tsjinkommen yn de twa Fryske deiblêden, oft der op ’e ien of oare wize omtinken oan jûn is op Omrop Fryslân wit ik net.

Wêr’t ik lykwols eins op komme wol is de lette bekendmakking fan de nominaasjes. Men mei der fanút gean dat men mei it wurkjen fan nominaasjes in PR-doel op it each hat. In PR-doel oangeande de priis op himsels en in PR-doel oangeande de nominearre boeken. Mei sa’n lette bekendmakking hat it PR-effekt fansels nul west. Wis, foar de auteurs is it moai om yn dat rychje te stean, foar it yncrowd-wrâldsje fan Fryske skriuwers, útjouwers en literêre ynstânsjes is it rychje ek moai om it even oer te hawwen. (Men kin it der oer ha hokker boek men yn it rychje mist, wêrom no krekt dizze kar, in mjuks fan oan ’e iene kant mear literêre boeken en oan ’e oare kant flotte lektuer mei de klam op in spannend ferhaal, net dreech, dat om dy redenen ornearre foar in breed publyk, de kar fan de sjuery foar it boek dat mear as de oare fjouwer dy lêste skaaimerken hat [dat yn oerienstimming is mei it doel fan de priis om it skriuwen fan soksoarte wurk oan te moedigjen] ensfh.). Mar mei it bekend meitsjen fan de nominaasjes is no net it lêzerspublyk op de nominearre boeken attint makke. Der koe no yn ’e oanrin nei de nominaasjes ek neat oan promoasje fan de boeken dien wurde, noch troch de útjouwers, noch troch de skriuwers sels, noch troch de media, noch troch Tresoar (It Fryske Boek) of Boeken fan Fryslân, organisaasjes dy’t har mei de propaganda en de ferkeap fan Fryske dwaande hâlde.
No binne by de organisaasje fan de Rink van der Velde-Priis en dan benammen it foartrajekt – it fêststellen fan de list fan boeken dy’t yn oanmerking komme, it sykjen fan sjueryleden – Tresoar (It Fryske Boek) en de Friese Pers Boekerij belutsen, ynstânsjes dy’t dochs witte moatte hoe’t de PR om literêre saken hinne oanpakt wurde moat. En de gemeente Smellingerlân moat dochs ek wat leard ha sûnt de priis tsien jier lyn foar it earst útrikt waard.
It giet dêrby om in goed plan, om it útsetten fan it begjin ôf oan fan in goed trajekt. It giet om in goeie organisaasje, om koördinaasje en kommunikaasje, om optimale gearwurking.

De gong fan saken om de Rink van der Veldepriis 2012 hinne stiet spitigernôch net op himsels. De PR is binnen de Fryske literêre wrâld in swak stee, de nominearring by de Rink van der Velde-priis 2012 is dêr it safolste bewiis fan.
It is gauris sa dat men bliid is dat in boek der is, dat men nominearret, dat men wer in priis útrikt hat, dat der wy in Moanne fan it Fryske Boek ha, mar dat de PR der om hinne ferwaarloazge wurdt of net goed út ’e ferve komt. Wannear komt it ris safier dat ris mei krêft ynset wurdt op in profesjonele oanpak fan de promoasje en it yn ’e merk setten fan de Fryske literatuer en Frysk-literêre saken? Wannear oerwinne wy hjir in kear it amateurisme op it mêd fan PR? Dat sil allinne kinne as der mear jild, mear talint, mear ynset, mear kompetinsje oan wijd wurdt.

Ferdinand de Jong, lokwinske mei de takenning fan de Rink van der Veldepriis 2012. Ik hoopje dat de Friese Pers Boekerij it foarinoar krijt om in moai stikje PR om dyn boek hinne te organisearjen sadat dat boek fan dy útferkocht rekket en in twadde printinge belibbet. De útjouwerij hat der sels dochs ek alle belang by. Dat boek moat binnen in wike oeral lizze, mei in wikkel der omhinne: Rink van der Veldepriis 2012. Wat tinkt de potinsjele keaper/lêzer as er it stean sjocht? DAT IS NOCHRIS IN OANREKOMMANDAASJE! DAT KIN IK WOL RIS WEAGJE!

Mei dat boek fan Ferdinand de Jong moat it noch goed komme kinne. Dat hat de priis. Wat spitich dat dy oare fjouwer boeken dy’t nominearre binne net it profyt fan inkele nominaasjewiken hân ha. De Fryske literatuer hat wer in kâns ferskiten, de lêzer is wer net optimaal betsjinne, der is wer net besocht om him te ferlieden.

Sis ús ta Smelllingerlân, sis ús ta Tresoar, sis ús ta Friese Pers Boekerij dat it oer twa jier oars sil en meitsje dat wier!

Eardere ôfleveringen fan It Fryske literêre libben:

Nû. 1

Nû. 2

Nû. 3

Nû. 4

Nû. 5