Anneke van Renssen, Willem Winters

Idols foar keunstners?/Idols-keunst

logo.ensafh

Ik ha in pear rare trekjes as it om tillevyzje giet. Sa bin ik bygelyks hielendal gek fan The Voice of Holland. Earder eefkes fan Idols en The X-Factor, mar dat wie gau oer. Foaral Idols. Dêr hie ik al hiel gau myn nocht fan. Nederlânske ‘talinten’, waarden troch in ‘fakkundige’ sjuery ûnder lieding fan Henk Jan Smits oant op ’e boaiem ôfbrutsen. Ik bin net de iennige dy’t Idols ta Persona Non Grata ferklearre. De sjochsifers binne tsjintwurdich noch mar in fraksje fan wat se west hawwe. Idols is út, dat is dúdlik. Net omdat ik der genôch fan hie, mar omdat tegearre mei my in hiele protte minsken yn ’e smizen hie dat it programma net doocht. De dielnimmers wurde oan kant set as rânedebilen. En no komt it Fries Museum tegearre mei Omrop Fryslân mei in Idols foar keunstners. Se krije dêr ek noch 4,5 ton fan ’e Bankgiroloterij foar. Yn 2013 (!) wurdt it ûtstjoerd. Dan leit neffens my Idols al hielendal op syn gat. Mar wat is de bedoeling fan Omrop Fryslân en it Museum? Neffens de parse moat it in Idolssoartich programma wurde, wêryn’t (Fryske?) keunstners stride om ’e haadpriis: in eksposysje yn it nije Fries Museum. No, as ik in Frysk keunstner wie soe ik my wol hûndert kear op ’e harsens klauwe. Idols foar keunstners… Ik haw dêr neat oer te sizzen, mar wol by dizzen Fryske keunsters, begjinnend of net, oproppe om net mei te dwaan. Foar’t se it witte sitte se yn in programma dat kant noch wâl rekket en wurde se oant kant set as rânedebilen. En ik bin der wis fan dat it publyk slap op ’e bank sit fan it laitsjen en ropt dat it lytse suske fan fiif it better kin.
Ik wol der om wedzje dat Huub Mous al frege is om de rol fan Henk Jan Smits op him te nimmen. Tom Mercuur foar fierder kommentaar? Om der wat ekstra smeudigens oan te jaan moat Douwe Heeringa it plak fan Gordon fan ’e X-Factor mar ynnimme? Wa’t de rol fan Patricia Paay oernimme moat wit ik eefkes net. Anita fan de Roos van Tudor wit in protte fan keunst mar is gjin diva en fierstente aardich. Itselde jildt foar Saskia Bak.

Anneke van Renssen

Idols-keunst

Ik hâld net fan moadrige siswizen as ‘dêr sakket my de broek fan ôf’.
Mar dochs hat sa’n siswize somtiden in grut werklikheidsgehalte.
Dat die bliken doe’t ik de krante fan 8 febrewaris trochraffele om alle nijs oer de Alvestêdetocht mar te missen. Myn each foel op in lyts berjochtsje:

‘It Fries Museum, yn ’e mande mei Omrop Fryslân, sil in Idols-achtich programma meitsje. Mar dan mei jonge keunstners.’

Dêr sakket my no – stjerrende wier! – de broek fan ôf. Want jo kinne hûnderten ûnderwerpen betinke dy’t in wedstriidkarakter hawwe, bygelyks alles wat mei kennis te meitsjen hat of mei feardigens: wa wit it meast fan de Sineeske literatuer, wa makke de bêste klompen? It is bekend oan hokker kritearia in klomp foldwaan moat wol it in goeie klomp wêze. Mar dan is it noch gjin moaie klomp, gjin keunstwurk.

Nimmen wit ommers in algemiene definysje fan keunst te jaan, hoewol’t jo yn de mear filosofyske keunstboeken wolris in definysje fine, binne dy faak sa abstrakt of yngewikkeld dat jo dêr yn ’e deistige praktyk net sa folle mei kinne.
Oft jo net witte wat keunst is dan hawwe jo ek gjin mjitlatte om goeie fan minder goeie keunst te skieden. Jo kinne jo foarkar hawwe foar keunst dy’t jo oansprekt.
Mar dat leit foar elkenien oars, dêr hawwe jo dus ek neat oan. En oft jo no freegje: Wa makket it bêste skilderij fan de tsjerke? Dat liket konkreter, mar is better ek moaier? Kinne jo dêrmei de wurkstikken wol oarderje?
Nee, jo doele op realisme en tinke dat de keunstner dy’t de tsjerke sa presys mooglik neiskildere, de bêste keunstner is. Alwer mis. In boutekening fan de tsjerke soe dan it bêste en it moaiste wêze.
Nim bygelyks de skilderijen dy’t Monet makke fan de katedraal fan Rouen. Hy woe – op syn wize – presys wurkje. It gyng him om it ljocht, sa’t dat op de katedraal foel. Hiene jo wat oars yn gedachten? Fine jo Monets wurkstikken – hy skilderde in hiele searje fan hieltyd deselde gevel mar by oar ljocht – net sa presys?

Flap fan it nije museum

It is wol dúdlik.
Fan de keunst út besjoen kin Idols-keunst oars net as in grutte mislearring wurde. Hawwe wy it noch net iens hân oer de fraach, kinne wy tradisjonele skilderkeunst en ynstallaasjes, ynternetkeunst, performances, ‘land-art’, ensfh. samar ferlykje?
Bliuwt oer: in soad razen en wyld publyk: en it smyt net mear op as de earmhertichste, de midsmjittichste ‘keunst’.
Der is ien mooglikheid dat it net trochgean kin om’t men de noadige sjueryleden hjir net fine kin, want dêrfoar moatte jo in lege holle ha en knap wat ûnsympatike trekjes besitte en jinsels geniaal fine.

Wurdt Idols-keunst ien fan de beliedslinen fan it nije Fries Museum, dan hiene se better dien en bou in mjuks fan feesthal, teaterhal, bierhal, pophal, ensfh., yn plak fan in museum.
Mar by it museum tinke se alles beflappe te kinnen ûnder harren ûnbiedige flap.
Keunstidols, wat in gekte!

Willem Winters