Jelma Knol

Achte hear Anne Hettinga

logo.ensafh

Tanksij dy fijne Arriva-yn-en-úttsjekpealtsjes is myn OV-chip-foardieloerekaart nei de barebysjes. En ik haw djip begrutsjen mei jo personiel krigen. Wat dy minsken allegear wol net útstean moatte. De winteroerlêst, yn- en úttsjekpeallen dy’t sy net makke, mar jo wol besteld hawwe: allegear saken dêr’t se gjin inkelde ynfloed op hawwe, mar dy’t der wol foar soargje dat it segryn fan it hiele folk op jo personiel ôfreagearre wurdt.
Ik sei noch tsjin dy echt aardige kondukteur of kontroleur dy’t my fanwege myn earlike blauwe eagen gjin boete joech: ‘It liket hjir wol Kafka yn de trein.’
Dat is dan ek it iennichste literêre wurd dat yn dit stikje falt. De Arriva-peal seit tsjin myn OV-chipkaart as ik him foar de peal beweech: ‘Leesfout’. Nochris besykje: ‘Leesfout’. By in tredde besykjen: ‘Afgehandeld’, of soksawat.
It Arriva-personiel wie sa freonlik om my yn Ljouwert foar te dwaan hoe’t ik de kaart wol foar it apparaat hâlde moast. Fral in bytsje fluch, begreep ik. En dan oardel minút wachtsje en it nochris dwaan, dan wie ik wer úttsjekt. Mar wat ik ek besocht, úttsjekke wie der net by.
Dus ik nei it NS-loket. Dêr siet in hiele aardige mefrou yn unifoarm. Ik frege oft ik by har úttsjekke koe. ‘Ik ben geen uitcheckpunt.’
Dus ik it mar even útlizze. Doe reagearre se, nóch aardiger: ‘Oh, in Arriva-automaat. Oh wat zijn we daar geweldig blij mee!’
En se lei myn OV-chipkaart tsjin in apparaat. Der rûgele in grut papier út de printer dat ik meikrige. ‘Nou, u heeft geluk gehad, u heeft gratis gereisd.’
En dêrnei nochris fergees it advys om by in Arrivapealtsje, en dan mar in oarenien as sakrekt, nochris út te tsjekken. Ik sei al: it personiel is bêst aardich, dêr leit it net oan.
Mar ek dat oare pealtsje begûn wer oer: ‘Leesfout’. Ik haw no de moed mar opjûn.
Bêste menear Hettinga, wêrom dogge de yn- en úttsjekapparaten yn de bussen har wurk wol goed? Wat moat ik no mei myn foardieloere- anneks OV-chipkaart? Kin ik dy kaart eins noch wol brûke? Wêr kin ik wol úttsjekke? Kin ik dan sûnder bekeuringen wer kaartsjes keapje en brûke yn de trein? Ik wit it echt net mear. Jo lykje my echt wol in hiel aardige man ta, menear Hettinga. Jou my ried, ik doch noch ien kear in berop op jo!