
Achte sjueryleden,
As ien de Rely-sjueryrapporten fan de lêste jierren nochris lêst, sil it dyjinge opfalle dat der nuten kreake wurde.
Bêst genôch as in sjuery har “wrakseljen” mei de “pro’s and cons” fan de ynstjoerings wrâldkundich makket. It gefaar is dan wol dat de “cons” tefolle klam krije en de feestfreugde gjin deugd dogge.
Guon fûnen de miening oer myn winnende gedicht net alhiel posityf. Ik gean der net yn mei. It stikje oer tefolle slachrjemme esfh. fyn ik goed ûnderboud. Ik bin it der net alhiel mei iens mar kin my der fan alles by tinke.
By my gie de feestfreugde al earder ûnderút. Yn it begjin fan it rapport wurdt opmurken dat de sjuery har ôffreget “oft de priiswinners fan dit jier it helle hiene as sy harren ynstjoering in jier earder ynlevere hiene”.
Mei sok praat helje Jo de winners mar ek Josels as sjuery ûnderút.
In fers of in proaza-ynstjoering foldocht oan de kwaliteitseasken of net. Yn hokker jier moat net útmeitsje.
De sjuery hoecht de priis net út te rikken. It alderslimste wat Jo as sjuery dwaan kinne is in priis útrikke en Josels dan hurdop ôffreegje oft it gjin kar út earmoede west hat.
Stel de sjuery hat te krijen mei 6 of mear ynstjoerings dy’t foldogge oan de kwaliteitseasken. Moai dreech putsje wurdt dat en sneu foar dyjinge dy’t it net helle hat. Maksimaal fiif priizen is in betingst dêr’t gjinien wat oan dwaan kin. Wol de kwaliteit mar gjin priis. Soer!
Stel de sjuery hat te krijen mei 0 ynstjoerings dy’t foldogge oan de kwaliteitseasken. Net sa dreech liket my.
Neat útrikke, blinder!
Sa nimt elkenien de priis ek serieus. Mar rik net de priis út en meitsje sa’n opmerking. Dat is ek soer, mar dit soer hiene Jo tefoaren komme kind.
Mei freonlike groetnis
Edwin de Groot