Willem Winters, Anneke van Renssen

Sport / Fuotbalje

logo.ensafh

Ik bin gjin sportman.
Justermiddei, de tillefoan giet, Anneke nimt op. Frank, oft ik meiwol nei It Hearrenfean. Spilet tsjin NAC. Ik skodzje ferheftich fan nee, nee! Ik sjoch my al tussen dy skreauwende massa’s sitten. Sneu foar Frank, want hy hie in kaartsje oer. Mar ik haw hielendal neat op mei fuotbal, eins hielendal net mei sport, net om sels oan mei te dwaan, net om nei te sjen.

Nim no dy reedriderij. Rûntsjes ride, altyd linksom, dy lju moate it mei de eagen ticht dwaan kinne. Se trene der jierren op en dan binne se allinne mar goed om sa en safolle baantsjes, net mear en net minder, linksom te riden. Yn de praktyk hawwe jo der neat oan. Wat dat oanbelanget hat sport faak mear fan keunst.
Swimme, hurdfytse, drave, springe, motor- en autosport, it is meastentiids ‘baantsjeriderij’. Boppedat, it wurdt faak fergetten, binne de striders hast allegear like sterk, it ferskil tusken winners en ferliezers is nihyl.
Ik fyn it stomferfelend, al dy opwining oer in 100ste fan in sekonde.

De Tour de France op tv, dat fûn ik wol aardich, om’t sa no en dan yn in flits in plak opdûkte dêr’t wy op fakânsje ek ris yn ‘e buert wienen. Mar ja, is dat wachtsjen op dy flits de muoite wurdich? Nee, eins is dy hiele toer neat wurdich. Krapoan alle dagen falt de beslissing yn de lêste kilometers. Ik freegje my ôf wêrom’t se dan hûnderten kilometers ride en dan mei in grouwe ein yn ’e bek (wit ik wol… fyn ik leuk), oer de streek gean. Dan kinst dochs folle better allinne dy lêste kilometers ride.

En de lêste tiid tink ik, krantlêzend, dat wy al dy sportferdwazing ek noch oan dy ferrekte Griken te tankjen hawwe!

Willem Winters

Decor ploech fan ‘t Hearrenfean seizoen 1949-50; 4e fan links is Abe

Fuotbalje

As de Europeeske of Wrâldkampioenskippen op tillevyzje binne freegje de buorlju al lang net mear oft wy ek komme om meiïnoar te sjen. En dan al dat oranje yn ‘e stêd. Ferskriklik. Dat kaartsje foar Hearrenfean-NAC, oanbean troch in freon, hoegde ik dus krekt as Willem ek net. Dat is dúdlik. De lêste kear dat ik yn in stadion fan binnen sjoen ha wie mei ‘Abe’, it spektakel fan Tryater. Dat wie wol aardich, mar telt fansels net mei. No haw ik in soarte fan dûbelde bining mei It Hearrenfean. Ik bin dêr opgroeid, mar sûnt se dêr sa’n bytsje alles plat slein ha wat fan wearde wie, is it dêr hast like slim as yn Drachten of Bûtenpost. Oan ‘e oare kant: myn roots lizze dêr en as ik earlik bin hat it wat te krijen mei fuotbaljen. En it hat te krijen mei saken dy’t der eigentlik net ta dogge. It Hearrenfean is sportplak nûmer ien fan Nederlân en de supporters fan It Hearrenfean binne ferneamd. Mar it hat folle mear te krijen mei, alwer, myn jeugd. Us heit wie speaker op It Hearrenfean. Bytiden mocht ik mei. Ik wit noch dat myn sneinske jurkje skuorde wylst ik oer in stekje stapte. Ik wie heechút in jier of fiif, seis. Ik siet dan neist him yn in romte mei grutte finsters, in soarte fan VIP-boks avant la lettre. Us heit hie in moai lûd. Ik ha noch meimakke dat er Abe Lenstra oankundige en ik hear him noch ‘Eén nul voor Heerenveen’ sizzen en wa’t it doelpunt makke hie. Dan seach ik yn ‘e fierte in boerd feroarjen. Mar it moaiste wiene de skoften, as de spilers nei de klaaikeamer rûnen. Dan fleach ik nei bûten. Dêr stie ik dan, yn myn sneinske jurkje mei in skuor. Ik koe oan de koppen sjen oft se tefreden wienen of net. En wat stonken dy kearels nei swit! Fan deodorant hie nimmen eartiids heard. En dûse wie der eartiids ek net altyd by. Ik tink dat myn grutte swierrichheid mei fuotbal is dat ik it úteinlik rûke wol, net sjen.

Anneke van Renssen