Daam de Vries

Friezen fan profesje

logo.ensafh

Fryslân, it bêste lân fan d’ierde. Mei rjocht en reden neame wy dat sa, want wat der yn it bûtenlân allegear wol net bard is net bêst.

Nim no sa’n Berlusconi. In man mei in wat diktatoariale ynslach en in ympearium dêr’t jo it benaud fan krije. Of ien as Strauss-Kahn dy’t net foar ien gat te fangen is. Dat binne de bekendere foarbylden. Is it frjemd dat ynwenners fan sokke lannen it gedrach fan harren ljochtsjende foarbylden begjinne te kopiearjen? By it korrupte om’t ôf?

Immen gerive om wat klear te krijen en yn de posysje wêze dêrfoar immen oars dy’t troch in bloedbân oan de te geriven persoan ferbûn is in baan taskikke. Korrupsje.
Immen saaklik yn de tange hawwe en dyselde ynskeakelje foar priveeprojekten. Dy priveeprojekten dêrnei presintearje as maatskiplik ûndernimmen. Net sjyk.
Jongfolk útrûpelje om jins eigen grize netwurk draaiende te hâlden. Slavewurk.
Bestjoersleden beneame dêr’t oantoanbere saaklike bannen mei binne. Ienmanskoöptaasje.
It útskriuwen fan referinda mei stjoerende fragen. Mislieding.
Opkommende nije media de geunst net gunne troch op politisy yn te praten. Diktatuer.
Skriuwers ûnder druk sette yn tsjinst fan it media-ympearium. Twang.
Sjoernalisten primeurs jaan sadat se gjin oare wierheden op papier sette. Sensuer.
Publikaasjes it ljocht sjen litte dy’t oan alle einen en kant rammelje mar dêr’t jo de skribent fan letter faaks noch ris brûke kinne? Kontneukerij.
Politisy skewiele mei it kwasy-ûnnoazel fan de wrâld reagjen fan ûnôfhinklike perioadiken inkeld en allinnich om’t de lieding jin net oanstiet. Diskriminaasje.

Yn it bûtenlân fan DSK en Berlusconi giet alles no ienkear wat oars as yn it bêste lân fan d’ierde. Us heitelân. Hjir komme sokke dingen net foar. Dêr om utens soene se noch in soad leare kinne fan ús Friezen fan profesje.