
somtiden kin ik sa feroarje: ik kin fleane! net yn gedachten mar mei in fielsum fleugelliif. ik strûs hjir sa it dakrút út omheech ik bin net bang: ik bin it sels dy’t fljocht en rêstich leit te sliepen tajûn, dat hat wat raars lemstra pisset bij de buorren dêr strúnt ien bij aukje’s ruten en gjin hûn dy’t ta de oarder roppen wurdt sa kin ik oeren sweve earst om de toer dan heger nei de wolkens en nei de fraach: de hichte of werom as waarme dream lis ik neist dij te sliepen en foar it sjongen fan … Lês fierder