Willem Winters

Swarte Waaksens (3)

logo.ensafh

Foaropwurd

Yn de byldzjende keunst is it net ûngewoan dat in keunstner seit ûndersyk te dwaan nei de ferhâlding tusken X en Y, tusken it iene en it oare.
Yn dat ramt hat ûndersyk in tige subjektieve betsjutting, dat yn tsjinstelling ta wittenskiplik ûndersyk dat objektyf heart te wêzen.

Sa moat men Swarte Waaksens ek sjen as in eksperimintsje (in ûndersyk) om nei te gean hoe’t tekst en byld harren ta inoar ferhâlde en wat it effekt is.

Ik fûn wûnderlike plaatsjes fan in man yn in ûnderbroek mei frjemde rûtes op syn liif.*
Sokke foto’s, dêr moast ik wol teksten by meitsje.

De bysûndere spanning tusken byld en tekst dy’t dan ûntstiet, dêr giet it my om, it suggestive útgeand fan krekt dizze teksten mei dy bylden.
Earder kombinearre ik ta dat doel tekeningen út in âld gymnastykboek** mei sitaten fûn yn Geheimen uit Egypte** fan Sax Rohmer. En yn 80 bollen***, keppele ik 80 foto’s fan bolfoarmige strjitlampen oan 80 teksten oer bolfoarmen.
It resultaat is elke kear in ferrassing.

* yn J.C. Mom, Physische therapie [1927]

**Willem Winters, Egypte [Perio 2005] ill. út: Leichtathletisches Wintertrainig fan dr Otto Bäurle; sitaten út Sax Rohmer Geheimen uit Egypte

*** Willem Winters, 80 bollen [Venus 2007]

(Swarte Waaksens wurdt yn fjouwer ôfleveringen publisearre, dit is ôflevering 3, ôflevering 1 en 2 stean respektivelik yn nûmer 9 en 10.)

Swarte Waaksens (3)

11

by-tekst-11-2007-12-10-12-29-05_edited-4

Wêr hie er dy stimme – kerrelich, gjalpend heech, dan wer sa leech, dat it ûnder de gehoardrompel kaam – earder heard?
Hy groef yn syn ûnthâld – as wy hjir sa’n petrifisearjende útdrukking brûke meie – mar koe him de namme fan it stedsje dêr’t er – hoefolle jierren tebek? – yn in âld hotel ien nacht slept hie net te binnen bringe.

12

by-tekst-12-2007-12-10-13-40-15-2

Hy hie der slim tsjinoan sjoen. En it die bliken dat it noch slimmer wie as dat er tocht. De âld man hie him blykber yn jierren net wosken, de sf hie er op 28° en it praten gyng him min ôf om’t er gjin gebyt yn ’e mûle hie en troch de enoarme hoastbuien, dy’t hieltyd einigen yn in smoard racheljen.
De âld man soe der mar yn bliuwe, dan siet er der mei.
Hoe soe er ommers syn oanwêzichheid hjir op dit stuit ferklearje kinne?

13

by-tekst-13-2007-12-10-13-42-11-2

Oan ’e râne fan de bosk wie wat beweging te sjen. Hy huvere, want wa wienen dat? Freonen? Fijannen?
Hy besleat ôf te wachtsjen. Mar nei in setsje bekroep him it gefoel dat der wat net doogde.
Mar wat?
Foar’t er dêr in antwurd op betinke koe wie it al bard.
Hy wie net mear te rêden.

14

by-tekst-14-2007-12-15-20-03-09-1

De papieren steapelen har op. (frjemde siswize eins, want dy papieren wurde opsteapele.) Mar wat ferrassends siet der nea by, altiten ferfeelsum, ja folders fan ûndernimmingen dy’t dé oplossing foar al dyn problemen hiene.
Syn brieve-iepener brûkte er as dolk.

15

by-tekst-15-2007-12-15-20-05-20-15

Ierdetsjuster wie it en stil. Dochs wie er der wis fan dat se tichteby wiene en him opwachten, dat se net wivelje soene om te sjitten.
Mar ûnbekend as er hjir wie, hie er gjin idee hokker rjochting him de bêste kâns joech.
Wylst er oer syn seare bonke wreau barste ratteljend it gewearfjoer los.

16

by-tekst-16-2007-12-15-20-08-14-1

Sokke dingen barre. Dêr kinst mar rekken mei hâlde. Do witst it fan tefoaren. Soks giet nea goed. Of it materiaal doocht net of it komt te let. Of de bestelde deskundigen komme net of in dei letter.
Elkenien hjir wit dat.
Mar hoe no?

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *