Josse de Haan

Eppie Dam syn oersetting fan trettjin fragminten fan Tempel en Kruis

logo.ensafh

Fragminten út Tempel en Kruis fan Marsman – skildere troch R.R.R. van der Leest, oerset troch Eppie Dam foar de Moanne fan it Fryske Boek yn 2011.


Jan Jacob Slauerhoff, Hendrik Marsman en Gerrit Achterberg ûntduts ik op myn santjinde op de Rykskweek yn Ljouwert. Oer Achterberg haw ik in skripsje skreaun foar de haadakte (’62) en oer Tempel en Kruis fan Marsman haw ik by myn stúdzje Middelber Nederlânsk (’78) essays skreaun.
De fitalist Hendrik Marsman hat yn 1939 de bondel Tempel en Kruis publisearre, in prachtige fitalistyske (ekspresjonistyske) bondel oer heidenske, humanistyske en kristlike libbenspaden fan juster en hjoed – oer it Apollinyske en it Dionysyske aspekt yn minsken. Reinder van der Leest hat in rige fan 13 skilderijen makke dy’t basearre binne op in part fan de gedichten.
Yn it ramt fan de Moanne fan it Fryske Boek waarden se tentoansteld yn Tresoar. Dizze literatuerfabryk hat Eppie Dam frege 13 fragminten dy’t troch Van der Leest brûkt binne om de skilderijen te meitsjen oer te setten yn it Frysk. Acht fan dy skilderijen binne mei it orizjineel en de oersetting fan Dam op printkaartformaat reprodusearre.

Wurkwize en it wêrom
Ik haw de kaarten besjoen, doe de fersen fan Marsman (wer)lêzen en dêrnei de oersettings fan Dam. Nei dat ferlykjen haw ik sels de fragminten fan Marsman oersetten. Yn in close-reading operaasje haw ik beskreaun wat de ferskillen binne tusken myn oersetting en dy fan Dam.
Eppie Dam hat besocht in rymjende, metryske en ritmyske oersetting te meitsjen. Dat is yn it gefal fan Marsman hast net mooglik. Der ferdwynt tefolle – nuânses en metafoaren wurde ferfongen troch wurden en útdrukkings dy’t de sfear en de poëtyske sizzenskrêft oantaaste. Krekt in fitalistysk dichter as Marsman ferneart gjin yngrepen yn de betsjutting, yngrepen dy’t nedich binne om te rymjen, en it metrum en ritme te behâlden.
Meidat Marsman yn dizze bondel ferbiningen leit mei lânskippen – konkreet ferwiist nei doarpkes, stêden, rivieren en bergen yn it suden fan Europa – is it net mooglik abstrakte taal te brûken, ek net taalmetafoaren dy’t al ieuwen tsjinst dogge. Ik wol oanjaan mei it ferlykjen fan de trije ferzys, dat yn de rymjende, metryske en ritmyske oersetting tefolle konsesjes dien wurde oan it poëtysk gehalte. Marsman wurdt net om ‘e nocht in fitalist neamd. Fitalisten libje en skriuwe op it skerpst fan de taal, fier fan klisjees.
It ferlykjen fan it orizjineel fan Marsman mei de ‘rymjende –metryske – ritmyske’ oersetting fan Dam yn it Frysk is faaks net helendal earlik. Mar as de oersetting tefolle ferliest oan krêft sa’t hjir bard is, dan tink ik dat je kieze moatte foar de poëtyske wearde ynstee foar de twangmjittige rymskema’s. Dêr komt dan noch by dat myn opfetting en begripen fan it Nederlânsk fan Marsman (it Nederlânsk überhaupt faaks) in oarenien is as dy fan Dam.
Ik hoopje dat dit ferlykjen oanjaan kin hoe gefaarlik it is om rymjend en metrysk oer te setten. By guon dichters is soks hast net mooglik.

De ferzys
Ik set de trije ferzys njonken elkoar en dan beskriuw ik de ferskillen tusken Dam en my – ik jou oan wat Marsman neffens my yn it Nederlânsk skriuwt, en bedoeld hat. Myn oersetting bliuwt ticht by it orizjineel, hoewol’t soms in wat frijere fertaling mooglik is. Ik jou oan wêr’t in te frije oersetting fan Dam it orizjineel skeint.

Gedicht 1, Nachtloop:

(Marsman)
liep hij in het nachtelijk donker
door de delta der Rhônemonden
naar Saintes-Maries-de-la-Mer;
en hoezeer ook verweerd en geschonden,
zijn hart was gedrenkt in azuur

(Dam)
rûn er yn djipnachtlik tsjuster
troch de delta fan Rhônetongen
nei Saintes-Maries-de-la-Mer;
en hoe slim ek skeind en fergongen,
it hert rûn him oer fan azuer

(De Haan)
rûn er yn it nachtlik tsjuster
troch de delta fan de Rhônemûnings
nei Saintes-Maries-de-la-Mer;
en hoe slim ek ferware en skeind,
syn hert wie drinzge yn azuer

Dam feroaret ‘nachtelijk’/nachtlik yn ‘djipnachtlik’. Der is gjin reden foar, ek net kwa wurdlidden – ‘nachtelijk’ wurdt útsprutsen as nachtlijk. Ik haw ferskate kearen yn Les trois Saintes-Maries-de-la-Mer de nacht trochbrocht doe’t ik oer Van Gogh skreau yn Nanette, mar de nachten wiene fakentiids ljocht. It djipblau fan de himel oerdei bliuwt yn jo as je by nacht troch de Camargue nei dat doarpke rinne of fytse. Boppedat, it wurdt nea pikkenacht dêre.
‘Rhônemonden’ rimet op ‘geschonden’, mar dat hâldt net yn dat jo yn in oersetting troch dat rym betsjuttings feroarje kinne. De ‘monden’/mûnings binne bewust keazen, want de Rhône einiget yn ûnderskate streamen – sjoch ek fan Rimbaud Le bateau ivre – it wetter is hjir wichtiger as it lân (de ‘tongen’ fan Dam). Yn ‘delta der’ (van de) is delta superieur oan Rhônemonden, ‘delta fan’ (Dam) is ûndergeskikt oan Rhônemonden.
‘Verweerd en geschonden’ yn rigel 4 rint net lykop mei ‘skeind en fergongen’. ‘Verweerd’ is oantaast en net ‘fergongen’ sa’t Dam skriuwt. As in persoan of in hert ‘fergongen’ is, kin net mear konkludearre wurde dat it ‘gedrenkt was’/oerrûn’/drinzge wie/‘in azuur’.
It hert bestiet noch, hy (ferburgen subjekt) bestiet noch. Fierder is in hert dat drinzge is yn azuer net itselde as ien dy’t ‘oerrint fan azuer’ (rigel 5) – yn it earste gefal is azuer it wichtichste, yn it twadde it hert. It ljocht (de himel) yn Les Saintes-Maries is azuerblau – Van Gogh wie der wyld fan.
Marsman skriuwt ‘zijn hart’, Dam feroaret dat yn it ûnpersoanlike ‘it hert’ fan him. Neffens my is it ‘zijn hart’ dêr’t it hjir om draait.

Gedicht 2, Frankryk:

(Marsman)
de schemer draalt.
na maanden reizen
zonder dat het hart
veel van zijn bitterheid en vrees verloor,
zat hij een avond in den paarsen gloor
van een ruim, schaduwrijk bourgondisch plein

(Dam)
de skimer talmet.
nei moannen reizgjen
sûnder dat it paad
in soad feroare oan syn bang en bitter moed,
siet er in jûnskoft yn ‘e pearse gloed
fan in rom boergondysk plein fol skaad

(De Haan)
de skimer skytskoarret.
nei moannen reizgjen
sûnder dat it hert
in soad ferlear oan bitterens en eangst,
siet hy op in jûn yn it pearske skynsel
fan in rom en skadich boergondysk plein

De earste rigel jout oan dat de skimer ‘stilstiet’, want de nacht begjint yn dit gedicht noch net – de ‘hij’ sit ‘in den paarsen gloor’. ‘Dralen’ giet net oer yn in aksje fan de nacht. Skytskoarret kin dy symboalyske stilstân oanjaan, want dat tiidwurd duorret langer as ‘talmjen’ – de skimer hinget tsjin de nacht oan, mar jout romte en tiid om nei te tinken op ‘een bourgondisch plein’ oer bgl. syn ‘bitterheid en vrees’ – heal yn ’t skaad op in terras, net opfallend.
De hy is de haadpersoan yn dit gedicht, hy reizge mei in soad bitterens en eangst – dat is foar it grutste part yn syn hert bleaun. Dy faaks eksistinsjele eangst is troch de reis net ferdwûn.
Dam jout de foarkar oan ‘moed’ – it gefoel – mar neffens my giet it brûken fan it wurd hert fierder, djipper. De dichter hat it oer ‘verloor’ en dat is mear as it ‘feroare’ fan Dam. Eksistinsjele eangst (en bitterens) bestiet, en kin net in bytsje feroarje.
‘Gloor’ is hjir in swak skynsel sûnder waarmte, it is mear in glâns. It is wol in boergondysk plein, mar it leit yn it skaad. ‘Gloed’ fan Dam is te waarm, te fûl. ‘Schaduwrijk’ betsjut net helendal yn it skaad, net ‘fol skaad’, der is noch romte foar ljochtere plakken. It aksint leit hjir op it wurd boergondysk as tsjinstelling mei syn bitter en eangstich hert. Sels dat boergondysk plein kin dat hert net feroarje.

Gedicht 3, Oan de Rijn:

(Marsman)
druipend, daarna, van licht en planten in het haar,
lag hij des avonds weer in’t wuivende gewas;
van melk en honing zat, verdronken in de bloemen,
een scheemrend kruis in ’t roode avondgras

(Dam)
dripkjend, dêrnei, fan ljocht en planten yn it hier,
fûn er te jûn yn ’t wiuwende gewaaks wer rêst;
fan molk’ en huning sêd, ferdronken yn de blommen,
in skymrich krús yn ’t reade jûntiidsgers

(De Haan)
kletstroch, dêrnei, fan ljocht en planten yn it hier,
lei hy jûns wer yn it wiuwende gewaaks;
fan molke en huning sêd, ferdronken yn de blommen,
in skymrjend krús yn ’t reade jûntiidsgers

‘Druipend’ is yn it Nederlânsk dweiltrochwiet, mar yn dit gefal is it gjin wetter mar binne it ljocht en planten. Syn hier rint oer fan ljocht en planten. It wurd ‘dripkjend’ (Dam) is hjir te swak, omdat de útdrukking fan Marsman gjin drippen bedoelt. It ljocht en de planten nimme it hier hielendal yn beslach, it hier wurdt dêryn wei.
‘Des avonds’ is hoe’t je it ek keare of draaie gewoan jûns. ‘Te jûn’ fan Dam betsjut sokssawat as ‘op ‘e jûn’, as soe der noch tiid sitte tusken it hier dat kletstroch is fan ljocht en planten en it momint dat er yn it gers (‘it wiuwende gewaaks’) leit.
Marsman beskriuwt hjir in sitewaasje, in net aktive steat – de hy leit. Nearne wurdt praat yn it gedicht oer de tsjinstelling gjin rêst en rêst sa’t Dam wol. De hele wurdgroep ‘fûn er wer rêst’ is in ynterpretaasje fan Dam.
De ‘blommen’ yn de tredde rigel kinne ferbûn wurde mei it ‘licht’ en de ‘planten’, mei ljocht en planten. It gewaaks wiuwt hin en wer, en dêr liket it dat de hy ferdronken wurdt troch de blommen, de planten en it ljocht, omdat allinne syn hier noch te sjen is tusken dy pracht oan ljocht, planten en blommen.
Dam brûkt foar ‘scheemrend’ it wurd ‘skymrich’. Dat is in passyf gebrûk wylst Marsman in feroarjende sitewaasje beskriuwt. Mei oare wurden, soms sjogge jo it krús, in oare kear is it ferdwûn – troch it wiuwend gewaaks en it skimerjend ljocht. Faaks leit de haadpersoan langút mei sprate earmen ‘yn it gewaaks’, sadat it krús troch it skimerjen út en troch te sjen is, dan wer ferdwynt. Jo soene hjir ek it wurd twiljochtsjend brûke kinne, mar it fenomeen ljocht is al brûkt.
It gewaaks krijt yn de lêste rigel in ferdúdliking – de jûnssinne kleuret de gersraaien read. Troch it wurd skymrjend kin ‘jûntiidsgers’ brûkt wurde, omdat it tiidsaspekt yn skymrjend de jûntiid langer makket. ‘Skymrich’ fan Dam is yn in kombinaasje mei jûntiid te koart. By ‘skymrich’ heart jûns, mar dan rint de rigel net mear parallel kwa wurdlidden oan it orizjineel.

Gedicht 4, Oanropping:

(Marsman)
verleen, o geest, aan deze smalle hand
de rust en stille vastberadenheid
het schip te sturen naar het morgenland
dat sluimrend wacht in elken horizon

(Dam)
ferlien, o geast, oan dizze smelle hân
de rêst en stille fêstberettenheid
om ’t skip te stjoeren nei it moarntiidslân
dat slomjend wach yn eltse einder leit

(De Haan)
skink, o geast, oan dizze smelle hân
de rêst en stille wisse berettens
it skip te stjoeren nei it eastlik ljocht
dat slomjend wachtet yn elke hoarizon

‘Verleen’ kin tastimming betsjutte, en dan soe ‘ferlien’ (Dam) kinne, mar it is hjir dochs yn earste oanlis in geskink fan de geast fan de Middellânske See. De skipper moat rêst hawwe, útrêst wêze, sadat er foaral beret reagearje kin, en wis yn syn beslissings is. Oars bedarret er earne bûten it kompas dat it skip de goeie rjochting oanwiist.
In geskink kin men hâlde, is men wiis mei, sadat der tiid is om rêstich in rûte te kiezen. Berettens is in goed Frysk wurd en jo hoege gjin streekrjochte oersetting út it Nederlânsk te brûken.
‘Morgenland’ is it easten by it opgean fan de sinne. Morgen hat neat te krijen mei ‘moarntiid’ of ‘moarntiidslân’ sa’t Dam mient. Moarntiid is beheind ta de moarns wylst hjir troch Marsman it lân yn it easten bedoeld wurdt, it poëtyske lân dêr’t ek it skip fan Rimbaud nei op syk wie.
Dat poëtyske lân wachtet ‘slomjend’ yn elke hoarizon – dat is net pleatsbepalend mar earder in lân dêr’t jo jo thúsfiele. ‘Slomjend wachtsjen’ betsjut it wachtsjen op it wekker meitsjen. ‘Wach lizze’ sa’t Dam skriuwt is yn ‘e gaten hâlde wat der barre kin, is op syn minst wat agressyf, in bytsje erchtinkend.
Marsman hat it hjir út soarte net oer, ‘slomjend’ hat neat te krijen mei wach wêzen of op skerp stean. It moarnslân wurdt libben, komt foar it ljocht, wachtet op de sinne dy’t elk wekker makket. It ferskil tusken Dam’s ‘moarntiidslân’ en moarnslân is it ferskil tusken it temporale tiidsaspekt en it ivichduorjende lân fan de moarn, it ljocht dat elke dei opnij wer opkomt yn it easten. Ik haw hjir de foarkar jûn oan it eastlik ljocht, mar moarnslân hie ek kinnen.

Gedicht 5, Stedskuier:

(Marsman)
zonder dat hij het wist
heeft een magneet zijn pas gericht
naar ’t golvend bolwerk
waar het oude huis
op den beschoeiden heuvel ligt.
de singel vormt een lasso om ’t plantsoen

(Dam)
sûnder dat er it wist
hat in magneet syn fuotstap rjochte
nei ’t weagjend bolwurk
dêr’t it âlde hûs
op ‘e beskoeide hichte leit.
de singel lûkt in lasso om ’t plantsoen

(De Haan)
sûnder dat er it wist
hat in magneet syn paad bepaald
nei it barich bolwurk
dêr’t it âlde hûs
op de ompealle heuvel leit.
de grêftsingel foarmet in lasso om it plantsoen

‘Magneet’ en ‘pas’ binne streekrjocht ôflaat fan kompas, dat it magnetysk noarden oanjaan kin. In kompas is in betrouber middel foar reizgjen nei en yn frjemde oarden. It wurd ‘pas’ hat hjir mei ‘fuotstap’ (Nederlânsk ‘pas’) net in soad te krijen, it is ommers de rjochting fan it paad dat de magneet oanjout.
Ik jou de foarkar oan barich bolwurk, omdat it in terrein is – in heuvel yn dit gefal – dat ‘golvend’ oandocht. ‘Weagjend’ (Dam) hat tefolle mei wetter te krijen, en is net in foar de hân lizzende metafoar.
It bolwurk beskermet alles wat der binnen leit, de heuvel is nochris ekstra beskerme troch peallen dy’t de beskoeiïng útmeitsje. En dêr op dy heuvel leit it âlde hûs.
De grêft fan de singel is de tredde beskerming. Dy singel is net aktyf, dy singel leit dêre permanint, is ea groeven en leit as in soarte fan lasso om it plantsoen hinne. Foarmet in lasso haw ik oersetten. Dit is in passive konstruksje en ‘lûkt’ sa’t Dam brûkt is in aktivenien. De singel kin sels ek nea in lasso yn beweging krije, de singel is de lasso.
It brûken fan it wurd singel foar grêft komt yn it Frysk minder foar as yn it Nederlânsk nei myn idee. De singel as dyk of wei soms. Meidat hjir út soarte it wetter bedoeld is soe de oersetting grêft adekwater wêze. Singelgrêft is in mooglikheid, mar dan leit de klam op singel dy’t hjir as paad net bestiet. Dan is grêftsingel de iennige oplossing yn it Frysk foar Marsmans ‘singel’ yn it Nederlânsk.

Gedicht 6, De ein besyld:

(Marsman)
de zon hing laag.
tusschen de witte muren
verbloedde goud en zwart
het avondrood.
hij, van zijn hoog terras,
volgde de lange strepen,
het vluchtig zog
van nooit geziene
nooit gedroomde schepen
door het gemarmerd
zilver van de zee

(Dam)
de sinne hong leech.
tusken de wite muorren
ferblette goud en swart
it jûntiidsrea.
hy, fan syn heech terras,
folge de lange streken,
it flechtich sok
fan nea noch sjoene
nea bedreamde skippen
yn sulverkleurich
moarmer troch de see

(De Haan)
de sinne hong leech.
tusken de wite muorren
ferblette goud en swart
it jûnerea.
hy, fanôf syn heech terras,
folge de lange streken,
it flechtich sok
fan nea net sjoene
nea net dreamde skippen
troch it moarmeren
sulver fan de see

Dam brûkt graach wurden as moarntiid en jûntiid, wylst moarns en jûns al genôch tiid oanjouwe. Om it oarspronklik ritme te hâlden jou ik de foarkar oan jûne yn rigel fjouwer. It giet om de jûn en net om de tiid. Foar myn gefoel beslacht jûne in langere tiid as ‘jûntiid’.
Yn rigel fiif stiet de hy fan boppen te sjen nei de rivier of de Middellânske See. Dan is fanôf better as allinne ‘fan’. It Nederlânske ‘van’ bedoelt dat hjir ek. ‘Fan’ jout tefolle oan dat de hy by syn terras heart.
Yn rigel acht brûkt Marsman mei it wurd ‘nooit’ in absolute betsjutting – it is foar it earst dat sokke skippen ferskine, der is net iens oer dreamd. Ik haw ‘nooit geziene’ (4 wurdlidden) oerset mei nea net sjoene (ek 4 wurdlidden, nea is fersterke troch net).
Dam foeget oan ‘nea’ it wurdsje ‘noch’ ta. Dat makket it orizjinele ‘nooit’ fan Marsman minder absolút. Ik jou de foarkar oan in fersterking fan ‘nooit’ mei net. It brûken fan ‘noch’ suggerearret dat der op wachte is, ek tefolle as stopwurd fungearret en dan gjin funksje hat.
‘Nooit gedroomde schepen’ wurdt troch Dam oerset yn ‘nea bedreamde skippen’. It ferskil tusken dreame en bedreame kin net negearre wurde – ik haw dreamd is heel wat oars as ik haw bedreamd. Jo kinne de betsjutting net ûndergeskikt meitsje oan it ritme, sterker, der binne oare mooglikheden.
Ik haw de werhelling tapast fan nea net. In dreamd skip is in folslein nij skip dat bestiet yn de ferbylding. In bedreamd skip bestie al en wurdt op ‘e nij bewurke yn de dream – der is ôfstân. Dat hat Marsman net skreaun yn syn gedicht – alles is nij, ek de skippen.
De skippen fan Marsman farre troch it moarmeren sulver fan de see, sa’t hjir yn Súd-Frankryk de Atlantyske Oseaan Côte d’argent (sulverkust) neamd wurdt – troch it sulveren ljocht. Ik haw dat sa ek oersetten. Dam lit syn skippen yn sulverkleurich moarmer – as soene de skippen makke wêze fan moarmer – troch de see farre. De see is hjir it wichtichste, en ljochtet sulvermoarmeren op, wurdt hast moarmer. Dat is it tsjinoerstelde fan wat Dam skriuwt.
Meidat de Middellânske See kalmer is as de oseaan kin dêre de metafoar moarmeren brûkt wurde. De Atlantyske Oséaan beweecht tefolle, dêr is sulver al foldwaande.

Gedicht 7, Berchtocht:

(Marsman)
de tocht door de kloven was steil;
hij had langzaam den morgen bestegen
langs witte verpulverde wegen,
den rug gekromd naar de zee

(Dam)
de tocht troch de kleauwen wie steil;
hy hie stadich de stap fûn omheech nei de dage
geande oer wite ferpolvere paden,
de rêchbonke krom nei de see

(De Haan)
de tocht troch de kleauwen wie steil;
hy hie stadich de moarn beklommen
lâns wite ferpolvere diken,
de rêch kromme nei de see

Yn it Nederlânsk skriuwt Marsman dat de haadpersoan de moarn beklimt – in moaie metafoar foar it stadich opgean fan de sinne op in berch, dêr’t de hy by oprint (sjoch titel). Hy wist al wêr’t it paad lei, hoegde de dyk net mear te finen.
Earder al brûkte Dam ‘fuotstap’ foar ‘pas’ (fers 5) en no ferskynt ‘stap’ hjir ynienen, dêr’t it logysk is dat jo rinne as jo in berch, c.q. de moarn beklimme. Te fier socht dus. Ek it ynwikseljen fan ‘den morgen’ (objekt) foar ‘nei de dage’ (foarwurp) is oerdreaun en besiden de poëtyske wierheid fan Marsman. Boppedat, ‘morgen’ rint net parallel oan ‘dage’, ‘morgen’ is in langere tiid.
‘Langs’ yn rigel 3 kin gewoan ‘lâns’ bliuwe, we witte al dat de man rint en in tocht makket. It ‘geande’ fan Dam is oerboadich. It wurd ‘wegen’ fan Marsman is yn de oersetting net ‘paden’ sa’t Dam mient, Marsmans ‘wegen’ binne grutter as ‘paden’, want al ieuwen troch de kleauwen bepaald en fêstlein troch de minsken dy’t se al rinnende skepen hawwe. Ik ha dan ek as oersetting ‘diken’ brûkt.
‘Den rug’ (objekt) yn rigel 4 wurdt troch Dam oersetten yn ‘rêchbonke’ (subjekt). Nearne wurdt oanjûn yn it gedicht dat it in swiere tocht is. De hanneling by Marsman skûlet yn de bewegende rêch dy’t krom keard is nei de see. In rêchbonke dy’t krom stiet nei de see is hoekiger en minder fleksibel, en dan rint it swierder. Dam oerdriuwt hjir – as jo de moarn beklimme dan binne jo net dwaande mei in swiere tocht. Myn oersetting fan Marsmans ‘gekromd’ is dan ek ôflaat fan it tiidwurd ‘kromje’ (kromme).

Gedicht 8, Skriuwer:

(Marsman)
de kamer waar hij werkt is als een cel.
geen schilderij, geen bloemen, geen portret.
niets dat verteedring of herinnering wekt
aan dood of liefde

(Dam)
as in sel de keamer dêr’t er wurket.
gjin skilderij, gjin blommen, gjin portret.
neat dat in glim of oantinken opropt
oan dea of leafde

(De Haan)
de keamer dêr’t er wurket is as in sel.
gjin skilderij, gjin blommen, gjin portret.
neat dat it gemoed of in oantinken rekket
oangeande dea of leafde

De keamer dêr’t de skriuwer wurket – net de keamer dêr’t er yn wurket – is as in sel, mar bliuwt in keamer, it wurdt gjin sel. It is de wurkromte. Dy sel krijt gjin ekstra aksint yn it orizjineel fan Marsman. Dam jout dat aksint wol, want hy begjint mei ‘as in sel’.
Dam feroaret de ynhâld fan de rigel. Sa sterk dat er it tiidwurd ‘is’ skrast hat. Yn syn optyk wurdt de keamer in sel. Marsman hat dat net skreaun. De dichter jout oan dat der gjin skilderij hinget, gjin blommen stean, gjin portret oanwêzich is, en dêrtroch is it as in sel gelyk.
Yn de tredde rigel brûkt Marsman it wurd ‘verteedring’, dat folle mear betsjutting en ynhâld hat as it oerflakkige en dizenige ‘glim’ fan Dam. ‘Verteedring’ rekket it hert. De dichter Marsman skriuwt oangeande dy ‘verteedring’ en ‘herinnering’ dat se net ‘wek-ker makke binne of libben wurde. Se sliepe.
Dam set ‘wekt’ oer mei ‘opropt’. Dat is te aktyf, net subtyl genôch. Hy keppelet dat oan ‘glim’ dat yn it orizjineel net foarkomt. In ‘glim’ kin net oproppen wurde, mar ûntstiet troch de sitewaasje sûnder forsearjen. Ek in ‘oantinken’ kin net oproppen wurde, ek dat ferskynt troch assosjaasjes of moetings yn it ûnthâld.
It tiidwurd ‘oproppe’ hat wat magysk, en jout net oan dat de ‘verteedring’ of ‘herinnering’ te slomjen lizze kinne, al yn statu nascendy oanwêzich binne. Wekker meitsje giet stadich, oproppen is abrupter.
De begripen ‘verteedring’ en ‘herinnering’ kinne streekrjocht ferbûn wurd mei it subjekt, it begryp ‘oproppe’ kin oeral mei ferbûn wurde, net spesifyk mei dizze skriuwer mei dit fers, en foaral net mei dit gedicht. Dam feroaret hjir it gedicht yn essinsje. It giet hjir om dea en leafde, en dat binne wol hiel persoanlike metafoaren foar in minske.

De konklúzje is dat de oersetting fan dizze trettjin fragminten fan Marsman út Tempel en Kruis troch Eppie Dam net sterk is. It is soms te flak, te fier socht en faak besiden de poëtyske sfear fan Marsman. Dam hat it oersetten ûnderskat, hie op syn minst de bondel fan Marsman goed bestudearje kinnen om te besluten gjin rymjende oersetting te meitsjen. De skilderijen fan Van der Leest binne it wurdich – se binne heel nijsgjirrich, rinne parallel mei de fragminten fan Marsman. Dêr hie minder nonsjalant mei omsprongen wurde moatten.