
Op ien of oare manier hawwe Willem en ik de jefte om yn frjemde situaasjes te belânjen. Op it momint sels faak net sa aardich, it soarget bytiden wol foar moaie brike ferhalen. Nim no in pear wike ferlyn: Der waard skille, Willem die iepen. Der stie in man by de doar mei de fraach oft er ús bus eefkes liene koe. Hy hie in kastje op Markplaats kocht mar hie gjin ferfier want de freon dy’t it dwaan soe lei yn it sikehús. Willem antwurde dat it net koe, want wy meie fan ús fersekering allinnich sels ride. No, dan koe ik miskyn wol eefkes mei. Ik de trep del om te sjen hokker frjemde fûgel oft it wie. Fansels hie ik fuortdaliks sizze moatten dat ús bus in kemper is, net in bestelbus, mar dat die ik net. Ik lústere nei it begrutlike ferhaal.
It kaam der op del dat ik úteinlik mei de man ynstapte om it kastje op te heljen. Underweis gong it daliks mis. Hy begûn oer ‘de hege hearen yn Den Haach dy’t fan ús sinten…’ Ik sei dat ik dat soarte fan praat net hearre woe. Oar ûnderwerp. Hy: ‘Moaie bus, as ik in rydbewiis hie soe ik ek wol in kemperke ha woll.’ Ik siet hast tsjin in beam fan lilkens. ‘Gjin rydbewiis? Do woest ferdomme ús bus liene!’ Gelokkich wienen wy gau by it goeie adres, want de man hie der al west om it kastje te besjen. Hy nei binnen. Eefkes letter komt er mei de ferkeaper wer bûten mei in enoarm gefaarte. Se koenen it meiïnoar hast net huffe. Ik wie ferbjustere en, sa die bliken, it wie noch mar in part fan it ‘kastje’. It kastje wie in kompleet wandmeubel. Mei in boppekast, in ûnderkast en dêrtusken noch twa lytsere kastjes. De tafel yn ús bus moast demontearre wurde. En ik mar skelle. De ferkeaper, dy’t tocht dat ik by de man hearde, sei dat ik dochs wol wist wat ik kocht hie. Ik raasde dat ik de man net iens koe, dat ik út goedwilligens wol eefkes ride soe en no yn Bananasplit belâne wie. ‘Wêr hingje ferdomme de kamera’s?’ Ferkeaper slop fan it laitsjen. Mei de bus oan ’e harsens ta fol foarsichtich werom, want it meubel hie ek twa grutte glêzen doarren. De man hie wol yn ’e smizen dat er it goed ferpest hie. ‘Ik wist net dat it sa grut wie.’ ‘Dat liichst,’ sei ik, ‘want do hast it kring juster besjoen.’ Hy besocht wat oars: ‘Is tsien euro genôch?’ My bêst, as dy brut mar út myn bus wie en hy derby. Doe’t wy by syn flat bedarren die bliken dat der nimmen wie om te helpen om it nei boppe te bringen. Allinnich syn sneue frou mar dy mocht net tille fan dokter. De dochter ferdomde it om te helpen en it buorfamke woe ek net. In lift wie der net. Mei in protte muoite en in bytsje help fan my, want ik wie bang dat hy oars de bus skansearje soe, krige er de boel op strjitte. Jild hie er net by him, ik woe fuort. ‘Bring dat tientsje aanst mar.’ Ferdomd, in pear oere letter stie er oan ’e doar, mei in tientsje. Ik hoegde it net. ‘Mar ast nochris wat hast hoechst hjir net mear del te kommen.’ Ik fûn it dochs wol in bytsje begrutlik foar him.
In dei letter net mear, want troch alle geskuor wie it heakje fan de doar fan ús kuolkast los rekke. In bocht om en ja hear, in grutte pot swietsoere augurken dwers troch de bus. Stjonke as de hel en de hiele flier plakkerich. Doe haw ik wér flokt.