
Ik stean foar it rút en sjoch dy foar my út in wrâld oer stekken. Shirt fan krekt meand grien, wyn yn ‘e rôk, giest foar grânzjend ûngeduld fan auto’s lâns nei wêr’t men inkeld krûpend komme kin en bekoarre wei komt. Ik wol dy roppe, leau myn eigen stimme net, mar likemin de trage reedlikheid dy’t seit dy gean te litten. Ferdwynst, ferkear lûkt op. Ik sms in feale blyk fan wêr’t it hjir om giet.