A.IJ. van den Berg

Knalbonbons en kliemske brij

logo.ensafh

De twadde roman fan Willem Schoorstra hat in tema dêr’t ik no altiten al graach ris in Frysk skriuwer oer lêze woe. Om’t it sa ’n grut tema is foar in soad minsken fan myn generaasje. Us ferbanning. Fansels dat wy te studearjen gongen, al hiene ús heit en mem faaks net mear as legere skoalle. Mar om kolleezjes te folgjen oan in universiteit moasten wy Fryslân út. Dat betsjutte meastentiids ek dat we er allinne op besite werom komme soene. Wurk op ús nivo is der yn ’e provinsje hast net. Dus kin der maklik op mear as ien manier in ôfstân groeie mei thús.

De haadpersoan yn De ôfrekken is fan myn generaasje. En hy, Ake, gong nei Brussel om skiednis te studearjen. Sa fier fuort as mar koe by syn famylje wei út it Fryske Fiskersdoarp. Mar Schoorstra jout in dúdlik partikuliere reden foar dy ôfstân. Ake is fan de heareleafde, en syn heit kin dêr net oer.

Soks mei. Fansels. In skriuwer hat alle rjocht om in stap dy’t in soad minsken nimme moatte noch swierder te meitsjen en bring der in konflikt yn tusken âlderein en bern. Dy kar is allinne net botte subtyl. En miskien ek net iens nedich om in dramatysk ynteressant ferhaal fertelle te kinnen. Mar spitigernôch tekenet dy beslissing Schoorstra al. Hy liket net te sjen wêr’t de omstannichheden yn syn ferhaal as fansels al konfliktstof oanrikke. Schoorstra betinkt syn drama leaver sels, sûnder soks dan troch te tinken. Dat makket dat te folle ûntjouwings te tsjok oanset binne yn dizze roman, of nearne ta liede.

It grutste part fan dit boek spilet him ôf yn 1989; it jier fan de fatwa op Rushdie en de fal fan de muorre yn Berlyn. Schoorstra brûkt de ôfstân yn tiid ûnder oaren om syn haadpersoan Ake yntelliginter te meitsjen as dat er wêze kin. Dat is gefaarlik. En ik jou earlik ta, allinne al troch dy keunstgreep kriich ik wat in hekel oan sawol dy Ake as syn skepper.

Sa brûkt Schoorstra syn haadpersoan yn it begjin om krityk te uterjen op ’e radikale islam. Ofset tsjin dy tiid, mei syn oare politike korrektens, mei Ake eefkes in taal prate dy’t noch ekstremer rjochts is as wêr’t it Vlaams Blok doe mei kaam. En no krekt yn 1989 waard dy partij yn België sa grut dat de oare politisy ta it ‘cordon sanitaire’ besleaten, om de blokkers oeral bûten te litten. Dat feit brûkt Schoorstra net, nuver genôch. It Vlaams Blok is om rasisme ferbean. Makket dit Ake dan in rasist? Dat sille wy noait witte, want de skriuwer hat syn losse flodder ôfknald, en giet oer op wat oars.

Fierders neamt Schoorstra yn dy rite it pamflet De ondergang van Nederland. Allinne seit hy dêrfan dat it skreaun is troch in Rasoen, wylst dat gebeurde troch de artyst Mohammed Rasoel. Boppedat kaam dat boekje pas yn 1990 út, en net yn 1989. Dus koe dy Ake it hielendal noch net kenne.

Net dat dat lêste fersin hiel belangryk is, mar ik fyn it wol tekenjend foar dit boek. It falt hieltiten wer op dat mei klam neamde details bij eintsjebeslút neat te betsjutten hawwe. De skriuwer brûkt se allinne mar om op in ferkearde manier te ymponearjen. Ake syn freon, dy’t himsels de reynkarnaasje fan Dylan Thomas neamt? In knalbonbon is dat, in folslein oerstallich personaazje. Ake sels, dy’t as simpele letterestudint withoe heech opjout fan de takomst fan it primitive Usenet? Net ien fan it grutte tal kompjûternerds dat ik yn 1989 koe, is miljonêr wurden om’t se de bestsjutting fan Usenet of Internet al seagen. De kar om in motormerk BSE te neamen [gekkekowesykte], ynstee fan BSA, kin dan noch krekt humor wêze, miskien.

No is it sa dat ien dy’t it overstatement nedich hat om wat te sizzen, gauris oan it oerdriuwen bliuwt. Schoorstra is boppedat in útlizzer, ien dy’t der net op fertrout dat syn publyk lêze kin.

Dat mei ek, mar dy kar ferplichtet de skriuwer dan wol om hieltiten mei nije ferrassings te kommen. Oars wurdt it ferhaal gau te saai. En it slagget Schoorstra net om de foarsisberheid foar te bliuwen. Dat komt mei om’t it slotakkoard al foar de helte fan it boek ynset, as Ake mei ûnder oaren syn húsgenoate Rôt ûnferwachts út Brussel wei nei Fryslân ta reizget. De opbou fan de roman is dêrtroch nuver út evenwicht. Nei in flot skreaun en hast nerveus begjin wurdt dit boek nei de ein ta hieltiten stadiger. Hast ek wolris fan sok iten, dat by de earste happen hearlik krûdich liket, mar al gau net folle smaak mear hat, oant der noch in hiel board mei kliemske brij oerbleaun is.

Goed, de ein fan ‘e roman hat dan noch in aardige twist, foar safier’t de lêzer dy net oankommen seach. Boppedat wurdt it plot ek al wat yn ‘e titel oankundige. Ik begryp allinne net rjocht wêrom’t dit boek De ôfrekken hjitte moast. Rink van der Velde brocht yn 1982, by deselde útjouwer, alris in goed ferkochte roman út mei krekt deselde titel.

Dochs tink ik wol dat Schoorstra it earne yn him hat, hoe ferrassend dy konklúzje miskien ek wêze mei nei myn wurden hjirboppe. Dit boek hie mei net iens sa grutte yngrepen folle better wêze kind. Begelied de man in oare kear asjebleaft mei in strange einredakteur. Hichtepunten hat de roman nammentlik wol. Dat binne foar my de brieven dy’t de âlde heit oan syn soan skriuwt, om te fertellen wêrom’t er is sa’t er is. Net dat it brieven binne dy’t in âld slykwurker sa skriuwe soe, dêrfoar binne se te literêr. Mar dêryn gebeurt in pear kear yn mar in pear regels wat dat as folslein wier oandocht.

Nee, dizze twadde roman fan Willem Schoorstra hat in tema dat folle universeler is as de auteur oait beseft hat. De roman fan myn generaasje is it net, dy lakune bliuwt der. Spitigernôch liket it oft De ôfrekken te hastich útbrocht is. It is krekt oft skriuwer en útjouwer al bliid wiene mei in kladferzje, dêr’t sy fan tochten dat alles der yn grutte halen wol yn stie.

Willem Schoorstra, De ôfrekken.
Ljouwert: Friese Pers Boekerij, 2007.
192 siden.
ISBN 978 90 330 0630 2.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *