Anneke van Renssen

Noordelijk Film Festival

logo.ensafh

Wy binne op fakânsje en ik frege Willem oft wy dan wol stikjes meitsje soenen. ‘Fansels,’ sei Willem. No, dan woe ik het noch wol eefkes oer it net trochgean fan it Noordelijk Film Festival (NFF) en it alternatyf hawwe. Willem net. ‘Dan kin ik allinich mar skelle.’ Willem is noch altyd poerlilk oer op de wize wêrop’t ik der wei rekke bin.
Hawar, dan mar aparte stikjes. Willem woe it ha oer it Paradys, ik oer in foar my ferlern Paradys: it festival. Ik wol my eins net mear bemuoie mei Film in Friesland, mar wat meitsje se der in soadsje fan. Wa hellet it no yn ‘e holle om in festival dat bûtenút sa ferneamd is de nekke om te draaien en dan te sizzen dat de iepening fan it nije filmhûs yn it Fries Museum in grut barren wurdt mei in prachtich Frysk-Nederlansk-Flaamsk festival wylst de grutste subsydzjejouwer, de provinsje, ek noch ‘s fan neat wit? En dat wilens de provinsje wrakselet om Kulturele Haadstêd 2018 te wurden.
It programma fan in nei te iepenjen filmhûs moat yn myn eagen in ‘statement’ wêze. Dit kin it publyk yn de takomst ferwachtsje.
No, net safolle bin ik bang. Neffens my is de organisaasje fan Film in Friesland it spoar in bytsje bjuster. Ik kin my net foarstelle dat it filmhûspublyk (en oaren) op in Frysk-Hollânsk-Flaamsk festival sitte te wachtsjen. Pieter Verhoef is de iennige Fryske filmmakker dy’t de muoite wurdich is as it om spylfilms giet. Verhoef moat mei De Dream, Fjoertoer en Nynke de karre dan lûke, want Steven de Jong kin it mei De Gouden Swipe, De Fûke en De Hel van 1963 wis net. Wat Hollânske films oanbelanget: ek dat hâldt net oer en wat it Flaamske elemint der by moat begryp ik ek net. Moat der dochs in ynternasjonaal tintsje komme of is it omdat tsjintwurdich yn Flaanderen gewoan bettere films makke wurde?
Boppedat: yn Utrecht wurdt alle jierren it Nederlands Film Festival ( ek NFF…) hâlden mei, jawol, Hollânske, Flaamske en, as se de muoite wurdich binne, Fryske films. It foarnimmen fan de organisaasje fan Film in Friesland is neffens my de dea yn de pot. No sille se wol lilk wurde en sizze dat harren festival folle mear betsjut as allinnich Verhoef en De Jong. Der sil wis omtinken wêze foar de nije media, fideokeunst ensfh.
Lit it no sa wêze dat ûnder oare de keunstners dy’t dwaande binne mei dizze foarmen van film yn it gat dûkt binne dat slein is troch it annulearjen fan it Noordelijk Film Festival. Se prate meiïnoar oer in alternatyf festival.
Ynkoarten komt it der op del dat hast elkenien lilk is: it filmhûs- en Noordelijk Film Festival publyk, de provinsje en earlik sein ik ek.
Ik sit ûnderwyls hearlik yn de Frânske sinne.
Skelle sil ik net, mar kommentaar haw ik wol.