Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

No is it bytiden sa dat elke keutel dy’t lein wurdt fuortdaliks kard wurdt. Hat er de goede lingte en dikte. Is de tekstuer en struktuer goed, net te hurd, mar foaral net te sêft (bah!). En fansels, it wichtichste mei in keutel, hoe is de geur.
Yn alle lytse herntsjes fan ’t ynternet wurdt wol in keutel lein. As dat no op in ferneamd bloch is of as it mar in neatsizzend persoan op Twitter of Facebook (bestiet Hyves noch?) is. Der is altyd wol ien dy’t mient reagearje te moatten op sa’n leine keutel. Dat is ek krekt de bedoeling fan de sosjale media en krekt de bedoeling fan ’e minsken dy’t der op sitte en dingen poste.
Lykwols is dit herntsje echt as in smoarch húske, dêr komt net ien. Ik kin hjir dus mei in gerêst hert de grutste keutel dellizze dy’t der mar te finen is. Net ien dy’t de noas der mei folje sil. As ik hjir no sis dat de Fryske literatuer gjin drol foarstelt; der wurdt mar kwalik lêzen. Skriuwers skriuwe foar harren eigen rûntsje en dat wurdt ek al minder. Der wurde noch wakker prizen útrikt, mar ek dat is foar de pommeranten dy’t sa út en troch graach in provinsjaal feestje wolle. Net ien dy’t dit rûke sil.
Is dat om’t myn stikken sa ûnynteressant binne of om’t al dat oare moais op de edysje de lêzers mear as sêdet? Of wurde foaropwurden yn ’t algemien it leafst oerslein en oergien nei de tekst dêr’t it om draait? Wy sille it andert nea witte, want hjir sil net op reagearre wurde.