
Wy binne yn it gelokkige besit fan in kemperke. Net sa grut, krapoan seis meter mar mei alles derop en deroan. It iennige wat ûntbrekt is in dûs. Dat dogge wy wol op in kemping en oars mar net, want wy sykje trochgeans dochs de rimboe op en nimmen dy’t ús dan rûkt.
Mar no woe Willem nei Montpellier, om te sjen oft der ek in stânbyld of sa van August Comte wie, ien fan de grûnlizzers fan de sosjology. Boppedat moast Montpellier in moaie âlde stêd wêze. Willem bestudearre de plattegrûn fan de binnenstêd en kaam ta de konklúzje dat it in fluitsje fan in sint wêze soe, wis mei help fan Tante Betje, ús TomTom. Dus ûnder de dûs, skjinne klean oan, in kaam troch it hier en op ’en paad.
Montpellier ynride wie gjin probleem, mar yn de binnenstêd krigen wy yn ’e rekken dat it goed mis wie. De strjitten waarden hieltiten smeller en bochtiger, alles ienrjochtingsferkear en gjin parkearplak te finen. Wy koenen gjin kant mear út. It iennige wie dwers troch in fuotgongersgebiet en in smel strjitsje mei izeren pealtsjes oan wjerskanten. Dan is krapoan seis meter kemper in hiele protte. Gelokkich wie der in minipleintsje. Allinnich, dêr stie in grutte draaimole. Dan mar wer in smel strjitsje yn. It wie ferbean, mar ja, wy moasten wol. Achterút koe ek net. Montpellier hoegde ûnderwylst net mear fan ús en August Comte al hielendal net. Tante Betje waard ynskeakele om de stêd út te kommen. Soe se ús ek noch eefkes troch in tunnel jeie fan krapoan 2,30 meter, wylst wy 2,50 heech binne. Wy hawwe it úteinlik oprêden, mar wol mei it swit op ’e rêch. Werom op de kemping moasten wy gelyk wer ûnder de dûs.
‘No ja,’ sei Willem eefkers letter. ‘As der al in stanbyld fan Comte yn Montpellier stiet, sil der grif wol in foto fan op it ynternet stean.’