
Wa’t sa’n titel betocht hat mei om my fuortendaliks de heechst beskikbere literêre priis wol ha. It alliterearret oan alle einen en kanten. Literêrder kinne jo it hast net krije.
Ik kaam by Koen Kampioen telâne nei oanlieding fan in tweet fan buorfrou. Har âldste woe nei Koen Kampioen sjen, dat sa. Ha’k earst mar ris op Koen Kampioen googele. Blykt in nochal ferneamd figuerke te wêzen mei in hiele merchandise-line en benammen boeken.
Koen fuotballet. Dat is wat my oanbelanget gjin goed teken. Fuotbal is de meast ûnnoazele en maatskippij-ûntregeljende sport dy’t jo betinke kinne. Unnoazel om’t se mei it spultsje begjinne as de natuer sawat oan sniejachten en oar ûngeriif ta is en ûntregeljend om’t lju jo begjinne út te segenjen as jo har ûnder in wedstriid belje om in wat kultureelder barren te regeljen. Sprekke jo har dêr letter op oan dan is it sizzen dat fuotbal ‘emoasje’ is.
Ien fan de teksten fan útjouwerij Kluitman oer Koen Kampioen giet sa: “We weten zeker dat jij het niet gedaan hebt,” zegt Renske tegen Koen. Koen zucht. Er is geld gepikt uit de kleedkamer van de voetbalclub. Koen was daar toen in zijn eentje. Nu mag hij niet meedoen met de wedstrijd van zaterdag. Koen heeft het geld niet gepikt. Maar wie dan wel? “Stijn!” zegt Koen opeens. “Die heeft net zo’n jack als de jongen die ik gisteren zag wegfietsen. Zou hij de dief zijn?” “We moeten bewijzen zoeken dat Stijn het heeft gedaan,” roept Niels. “Want dan kun jij weer voetballen, Koen!”
Ik wit net wat de trochsneed lêzer út sa’n tekst hellet mar by my komt it byld boppe fan in mislik bedoarn mantsje dat alles nei syn hân set. Sil dy boeken net lêze. Is de bedoeling ek net want it binne berneboeken.
Lykwols, jo dogge wat. Dat ik ha de útstjoering dy’t buorfamke sjen mocht en dêrnei dy dêr’t de tekst fan Kluitman oer giet ek efkes sjoen. Dat hie ik net dwaan moatten. Wurd der emosjoneel fan. It mantsje set op noch folle misliker wize as ik foar mooglik hold de saken nei syn hân. Lit oaren de kastanjes út it fjoer helje. Ja, as der gjin gefaar is stiet er foaroan. De spits.
Hy hat elk – dus ek de folwoeksenen – sa yn ’e besnijing dat alle frijheid yn spyljen it near op lein wurdt en se net fierder komme as blykber troch him diktearre teksten sa toanleas en ynspiraasjesleas mooglik út de boksen komme te litten sadat hy as iennichste himsels bliuwe kin en net hoecht te spyljen.
En sokke ûnhuere searjes moatte ús bern mei opbrocht wurde?
Jou se asjeblyft in fatsoenlik boek yn de hannen. ‘Krústocht yn spikerbroek’ fan Thea Beckman of wat fan Eppie Dam of sa. En set se oars op kuorbal, volleybal, basketbal of wit ik wat. Keatsen kin ek. Mar beleaven net op fuotbal. Want mei sokke Koen Kampioenen krije se in hiel ferkeard byld fan wat tiimsport heart te wêzen.
Dy heechst literêr beskikbere priis? Dêr moat ik dochs noch efkes oer neitinke.