
Klaas Bruinsma sette masterwurken út de klassike literatuer oer: de Ilias en de Odyssee fan Homerus (‘Odusseia’ en ‘Homêros’ skriuwt Bruinsma) út it Gryksk en út it Latyn Ovidius syn Metamorfosen, ûnder de titel Feroarings fan stal. De Divina Commedia, it midsieuske masterwurk fan Dante, waard troch P.W. Brouwer út it Italiaansk wei ferfryske en no is wer in midsieusk ikoan út ’e wrâldliteratuer yn it Frysk oerbrocht, it Midingelske The Canterbury Tales fan Geoffrey Chaucer, yn it Frysk De Canterbury ferhalen. De oersetter fan dit wurk is Klaas Hoekstra.
It is prachtich dat sokke boeken yn it Frysk oerset wurde. Soks gewoan yn it Frysk lêze kinne, wat is der moaier? En dat oersetten is leafdewurk en it útjaan derfan ek, noch moaier, want lit ús ússels neat wiismeitsje, in part fan de Fryske literatuer kin foar betelle wurde, mar in oar part – en in protte dêrfan heart literêr sjoen ta it bêste part – net. Dêr moatte eigen tiid en eigen jild oan te pas komme. Dat it oersetten fan dy masterwurken mooglik is komt fansels om’t der yn twa ieuwen tiid in Fryske literatuer ûntstien is, dêr’t it Frysk yn opwurke is ta in folweardige literêre taal sadat ek de grutste wurken út ’e wrâldliteratuer der yn getten wurde kinne.
The Canterbury Tales is in ramtfertelling, op rym, sa’t dat yn ’e Midsieuwen wizânsje wie (op in pear stikken nei, dêr’t ik aanst noch op kom). Chaucer hat as ramt de pylgerreis nei Canterbury nommen, dy’t er sels meitsje sil. Dat is de earste trúk, de twadde is dat er de weard fan de herberch dêr’t hy en oare pylgers tsjin ’e jûn ûnderdak sykje, it útstel oan harren dwaan lit om inoar – om de tiid te deadzjen – ûnderweis ferhalen te fertellen. Dan hat Chaucer it foarinoar en folget in lange rige ferhalen. It ramtferhaal hat yn ’e literatuer altyd in tankbere foarm west. It meast fantastyske foarbyld is fansels De fertellingen fan tûzen-en-ien-nacht dat út de Arabyske literatuer wei by ús bekend wurden is. Yn de Fryske literatuer bestean ek twa moaie ramtferhalen, ‘Miswier’ en ‘De twadde jûn’, dy’t stean yn de Rimen en Teltsjes fan de bruorren Halbertsma.
Om hoefolle ferhalen giet it yn Chaucer syn boek? Om 23 plus in prolooch fan ’e pastoar, seit Klaas Hoekstra. Chaucer hie folle mear yn ’e holle, want lit er de weard yn ’e ‘Algemiene Prolooch’ sizze (s. 40):
Elk fan jim moat twa ferhalen betinke,
dat sil perfoarst de reis in ein bekrinke
’k bedoel twa nei Canterbury, en dan
twa op ’e thúsreis, fjouwer dus de man,
En om’t it mei Chaucer (de haadferteller) derby om 30 pylgers giet, soe dat útdraaie op 120 ferhalen. Dat tal fan 30 komt oars wûnderlik ta stân, want yn de prolooch giet it mei Chaucer derby om 28 pylgers. By de ferhalefertellers dêrnei binne lykwols twa dy’t yn ’e prolooch net neamd wurde. It boek telt no al goed 560 siden. As Chaucer syn plan hielendal útfiere kind hie, hie it boek sa’n 2200 siden beslaan kinnen. Dat hie moai west, want de ferhalen dy’t der no yn stean binne sa ûnderhâldend en sa ferskillend, dat it boek noait ferfeeld hie, hoefolle ferhalen der troch Chaucer ek foar skreaun wiene. Chaucer hat nei alle gedachten fan likernôch 1386 ôf oant syn dea yn 1400 ta oan The Canterbury Tales wurke. Hy wie doe goed 55 jier.
Wat it tal ferhalen oangiet, is it oars eigenaardich dat Ernst van Altena yn de ynlieding by syn Nederlânske oersetting fan The Canterbury Tales, De Canterbury-verhalen, skriuwt dat der eins 58 komme soene yn stee fan de 24 dy’t der binne.
Dat stimt oerien mei syn ferzje fan de hjirboppe sitearre rigels:
Laat elk van u op deze pelgrimsreis
Tweemaal vertellen naar zijn eigen wijs,
’t Eerste verhaal naar Canterbury heen
En ’t tweede op de terugreis, één is geen,
Berêste de oersetting fan Hoekstra en dy fan Van Altena dan op ferskillende ferzjes fan Chaucer syn kreaasje? Van Altena hat him basearre op de Ingelske tekst yn de The Riverside Chaucer-edysje. Ik koe op ynternet de tekst fan dy edysje net fine, mar yn alle gefallen wol oare ûnderskate edysjes en yn allegear stiet it sa as Klaas Hoekstra it oerset hat. Hjirûnder de rigels út ien fan dy edysjes:
Midingelsk:
791 That ech of yow, to shorte with oure weye,
792 In this viage shal telle tales tweye
793 To caunterbury-ward, I mene it so,
794 And homward he shal tellen othere two,
Modern Ingelsk:
791 That each of you, as if to shorten the day,
792 Shall tell two stories as you wend your way
793 To Canterbury town; and each of you
794 On coming home, shall tell another two,
Mar as men ien kear oan it plúzjen is, komt men hieltyd wer wat tsjin, dan is sa’t bliken docht de hikke fan ’e daam. It giet hjirboppe sa’t de Ingelske tekst oanjout om de fersrigels 791-794. Dy nûmers ha se yn de oersetting fan Van Altena ek. It soe ris oars wêze moatte! Mar yn de oersetting fan Klaas Hoekstra (dy’t oars gjin rigelnûmering jout, sadat ik sels telle moast) binne it de rigels 805-808.
Op hokker edysje berêst Hoekstra syn oersetting? Net op ien inkelde edysje, sa docht bliken út syn ynliedende wurden, mar op fjouwer en hy hat ek de niisneamde Nederlânske oersetting fan Van Altena út 1995 en dy fan A. Barnouw, De vertellingen van de pelgrims naar Kantelberg, út 1968 der by hân. Soe it dêrtroch komme dat er mear rigels hat as Van Altena? Yn in oare Ingelske edysje as dêr’t ik niis út sitearre binne de sitearre rigels nûmere fan 293-296:
793 That ech of yow, to shorte with oure weye,
794 In this viage shal telle tales tweye,
795 To Caunterburyward I mene it so,
796 And homward he shal tellen othere two,
Mar Hoekstra sit oan ’e ein fan de Algemiene Prolooch op 872 rigels en de ûnderskate edysjes ha of 858 of 860. Sawol de algemiene prolooch fan Van Altena as dy fan Barnauw telt 858 rigels. Hoekstra hat dus gewoan hjir en dêr smokkele om’t er by syn oersetting net ta koe mei it tal rigels dat it orizjineel hat.
Ik moat noch even weromkomme op it tal ferhalen. Hoekstra hat it oer 23 ferhalen plus in prolooch fan de pastoar en Van Altena oer 24 ferhalen. Hoe sit dat dan? It docht bliken dat Hoekstra in ferhaal weilitten hat. Dat giet om ien fan de twa ferhalen dy’t Chaucer fertelt, ‘Het verhaal van Mebileüs’, dat Van Altena wol hat. Dêrnêst folget yn Van Altena syn oersetting nei de ‘De proloog van de pastoor’ noch ‘Het verhaal van de pastoor’, dat by Hoekstra ek mist. Barnauw, de earst Nederlânske oersetter hat dy twa ferhalen likemin oerset, en se stiene ek net yn de moderne Ingelske oersetting út 1951 fan Nevill Coghill. Beide ferhalen binne yn proaza skreaun en sa’t Van Altena oanjout ha de oersetters se om har moraalteologyske kant derfan weilitten. Gjin rymjende ferhalen, mar ferfeelsum proaza, net nijsgjirrich, net lêsber. Klaas Hoekstra hat Coghill en Barnauw dêryn folge.
De fertellers yn de De Canterbury ferhalen binne nêst Chaucer sels, in ridder, in mealder (moolner), in meier (rintmaster), in kok, in rjochtsgelearde, in skipper, in priores, in muonts, in nonnepryster, in frou út Bath, in biddelmuonts, in oanbringer (doarwarder), in studint, in keapman, in jonker, in heareboer, in dokter, in ôflaatkreamer, in non (de twadde), de feint fan in kanunnik, in húsbewarder en in pastoar (ik brûk de oantsjuttings fan Hoekstra). Hy lit in trochsneed fan de befolking út syn tiid opdrave (alhoewol’t de geastlikheid oerfertsjintwurdige liket, mar by in pylgerreis leit dat faaks ek foar de hân) en Chaucer syn masterwurk foarmet dêrtroch in ryk palet fan de doetiidske maatskippij en de doetiidske minske. Hy hat der ek om tocht om de minsken yn har eigen styl prate te litten. Yn de prolooch by it twadde ferhaal, dat fan de mealder, seit Chaucer wat dat oangiet:
Wat kin ’k sizze, de mealder wie oan ’t wurd
En hold net op, al rôp men noch sa hurd.
Op platte wize die hy syn ferhaal
En ’t spyt my dat ik werjaan moat dy taal.
Dêrom smeekje ’k dy’t goed opbrocht is,
Tink om Godswil net dat ik it sis.
Wat minsken sizze wurdt fan my werhelle,
Hoe moai as minder moai se ’t ek fertelle,
of ’k moat it ferfalskje oant it better skynt.
It giet yn alle ferhalen om moai en bryk, om goed en kwea. Mar benammen dochs om de mâle fratsen fan de minsken en de begearten dy’t harren yn ’e tange ha. Foaral it kwea op it mêd fan lust en leafde en dat fan it jild komt op alle mooglike wizen nei foaren tsjinoer seedlikens, frommens en earlikheid. Alle ferhalen binne op it stik ta, spannend, meinimmend en ynformatyf.
De ferhalen dy’t Chaucer syn personaazjes fertelle lit hat er op in stikmannich nei net (hielendal) fan himsels. Guon ferhalen hat er min of mear oernommen of hy hat him der troch ynspirearje litten. Yn ’e midsieuwen in gewoante. Klaas Hoekstra komt dêr yn syn ynlieding net op, mar Van Altena hat it allegear op in rychje set. Sa komt it earste ferhaal, ‘It ferhaal fan de ridder’ oer kening Theseus, syn frou en har moaie suster Emilia en de Thebaanske ridders Palomon en Arsita, dy’t beide fereale reitsje op it suske Emilia, út de Decamarone fan Boccaccio, hat ‘It ferhaal fan de meier’ twa boarnen, te witten in Frânske klucht en op ’en nij de Decamarone. In wichtige (ynspiraasje)boarne foar Chaucer wie ek de ferneamde Roman de la Rose (dat er út it Frânsk wei yn it Ingelsk oerset hie), dat wol sizze de ferzje fan Jean de Meung út de twadde helte fan de 13e ieu. De Meung wreide de earste ferzje fan it boek, om 1230 hinne skreaun troch Guilaume de Lorris en dat 6000 fersen telde, út ta 18000 rigels; in gong fan saken, dy’t wy ús net mear foarstelle kinne; de iennichste ‘net-hillige’ teksten binne hjoed de dei toanielteksten, mar wy ha tsjintwurdich fansels ek it ferskynsel fan it ta in stripferhaal ombouwen fan romans. Sa is ‘It ferhaal fan de frou út Bath’ dan wol net werom te fieren op ien of mear boarnen, mar yn de persoan fan de frou en har antymoraal sitte dúdlik trekken fan ‘it âlde wiif’ út it twadde diel fan Meung syn boek. De Roman de la Rose is oars ek oerset troch Ernst van Altena.
Om it ferskaat oan styl en taal sjen te litten jou ik út trije ferskillende ferhalen in sitaat:
(út ‘It ferhaal fan de rjochtsgelearde’, s. 153):
Mar fan alles fertelden sy it meast
Oer Konstanse, dat sy in dame wie
Sa eal, sa earnstich en sa grut fan geast,
Dat it de Sultan grutte freugde die
Oan har te tinken, en aloan mear hie
Hy nocht oan in houlik mei dy jongfaam
en har te minnen oant beider ein kaam.
(út ‘It ferhaal fan de frou út Bath’, s. 275-276):
Mei fiif man gong ’k it houliksboatsje yn:
Trije goeden wienen âld en ryk,
Mar ja, har pileman woe net om lyk
En tsjinoer my wie dat wol har plicht,
Elk begrypt wêr’t ik op doel allicht.
As ik werom tink, laitsje ik my in aap,
Hoe’t er op my bealgje moast, sa’n âlde knaap.
út: ‘It ferhaal fan de ôflaatkreamer’, s. 477):
Yn Flaanderen wie ris in frijfeinteploech,
Dy’t him as in stel healwizen hold en droech
by braspartij en spul yn kitte en kroegen,
Dêr’t se by lút en harp mei hoeren omsloegen.
Sy dobbelen en dûnsen by dei en nacht
En frieten en sûpten fier boppe har macht,
Dêr’t se de duvel mei offers brochten,
At se yn Satantimpels besochten
ei har groulike oerdiedichhheden.
Sa grut en skandlik binne har eden,
’t Is heislik as men dy lju swarren heart,
Krekt as Kristus’ liif teskuorre har net deart.
Hoe hat Klaas Hoekstra it der no as oersetter ôf brocht? Wy ha sjoen dat er yn alle gefallen yn ‘De algemiene prolooch’ net ta koe mei it tal rigels fan it orizjineel. As men jin oan it lêzen oerjout, kin men net oars as ta de konklúzje komme dat syn oersetting yn alle gefallen rint as in trein en dat syn Frysk ryk en linich is. Yn oarder dus, mar ik ha ek even krekter sjoen, dat wol sizze de oersetting op guon plakken mei it orizjineel en de beide Nederlânske oersettingen ferlike, want der foelen my ûnder it lêzen soms wol dingen op, ik stroffele wolris oer in rigel dy’t net goed Frysk wie om’t de oersetter it rym (en it metrum) oars net foarinoar krije koe en ek foel my soms op dat it rym net hielendal doogde, soms inkelde rigels achterinoar net, dan beholp Hoekstra him mei healrym (klinkerrym of bylûdrym). Mar ik lies dêr ek wol gewoan oerhinne om’t de rigels goed rûnen en benammen klinkerrym dan net opfoel. Hoekstra nimt ek wol eachrym te baat en, sa’t ik it mar neam, hast-rym en forsearre rym.
Ik jou in tal foarbylden.
Op side 38 (twa spantsjes achterinoar):
Hy tsjinne in grut ferskaat oan iten op
Mei hjitte sterke wyn, elk krige in kop.
In kante man ús weard, mei brede skouders,
in ear foar ’t gild fan tafersjochhâlders.
Op side 52 (mishipt rym):
En der as de brân mei oan ’e haal gie,
Sa is ’t oan kenings hof, goebroer fan my
Dan it gedoch mei de i- en de ij-klank en de stavering derfan:
Op side 54 giet it om it y-lûd:
Want sûnt ik dy net mear sjen mei, Emely,
Lis ik foar dea, en der is gjin help foar my.
Op side 55 om it ij-lûd:
Want sa’n kear kin ’t lot nimme foar dij.
No’tst net finzen mear bist mar wer frij.
Op side 55-56 ek om it ij-lûd hoewol’t dan ien fan de beide rymwurden wol mei in y skreaun wurdt:
By de dea is foar ’t bist de ellinde foarby,
Mar foar in minske begjint dy op ’e nij.
Klaas Hoekstra komt net út ’e Wâlden. Syn eigen taal is net [hi], [mi] en [di], mar [hij], [mij] en [sij]. Yn ferbân mei it rym brûkt er de Wâldske [i] yn dy wurden by need.
Op side 55 (net goed Frysk yn de twadde rigel):
Want ik moat gûle en lije yn ’t bestean,
Alle eangst en dy’t de sel my jout útstean
In trits achterinoar op side 75:
Wêrom net fierder te fertellen gean
oer de tafrielen dy’t ik seach stean
Yn machtige reade Mars syn timpel?
Hy wie beskilder fan plafond oant drompel
Krekt as dy timpel fan grouwélichheid
Yn it ryk Trasië oan grutte Mars wijd.
By it earste spantsje giet it om net goed Frysk, by it twadde om bylûdrym en by it tredde is it rym winliken forsearre, om’t men gewoanwei net -[heid] seit, mar -[hyt]; boppedat wurdt klankrym suggerearre wylst it letterbyld net gelyk is.
It is oars net sa dat Chaucer it hiele boek troch pearrym brûkt, hy brûkt ek oare skema’s, de oanhalen hjirboppe út ‘It ferhaal fan de rjochtsgelearde’ en ‘It ferhaal fan de frou út Bath’ litte dat sjen.
Oer de beide Nederlânske oersettingen seit Hoekstra it folgjende: ‘Nettsjinsteande it gebrûk fan ferâldere wurden as ‘babberguil’, ‘keuvel’ en ‘bierhoep’, fertsjinnet Dr. Barnouw respekt foar syn oersetting yn it Nederlânsk, fanwege syn kreativiteit en it feit dat er sa ticht mooglik by it orizjineel bliuwt (ynhâldlik bedoelt Hoekstra. P.B.) Van Altena hat in nijere oersetting makke, tige lêsber, al giet er frijer mei Chaucers hânskrift om as Barnouw. It lêste wurk falt op troch it grutte tal noaten.’ Van Altena seit sels oer syn oersetting: ‘Zoals ik dat gewoon ben, heb ik ook bij de vertaling van de Canterbury Tales het origineel ‘op de voet gevolgd’. ‘Aantallen regels, rijmschema’s en ritmiek wijken nergens af van het origineel, indachtig mijn principe dat vorm en inhoud in dit soort werken niet van elkaar te scheiden zijn.’ Van Altena leit yn dit sitaat de klam op ’e technyske kant, de foarmkant. Wat de ynhâld oangiet docht er, is Hoekstra syn konstatearring, om dy reden konsesjes.
Ik ferlykje de oersettingen fan Barnouw, Van Altena en Hoekstra fan de earste fjouwer rigels fan it boek mei inoar en mei de orizjinele rigels.
It orizjineel:
Whan that Aprille, with hise shoures soote,
The droghte of March hath perced to the roote
And bathed every veyne in swich licour,
Of which vertu engendred is the flour;
Modern Ingelsk:
When April with his showers sweet with fruit
The drought of March has pierced unto the root
And bathed each vein with liquor that has power
To generate therein and sire the flower;
Barnauw:
Wanneer April zijn zoete buien stort,
En Maartse droogte tot in de wortel port,
En zo met sappen ierdere ader baadt
Dat door hun kracht ’t gebloemt weer tieren gaat,
Van Altena:
Toen dan April met vele milde buien
De maartse droogte weg had laten kruien
En ruimschoots sap deed stijgen in de stelen
Die daardoor bloesemden in de struwelen;
Hoekstra:
Wannear’t april syn swiete buien jit
En maart droechte út ’e woartel stjit
En sa mei soppen eltse ier besproeit,
Dat troch har krêft it blomte tierich groeit.
Wat Hoekstra oer Barnauw en Van Altena seit is yn oerienstimming mei harren oersetting fan dizze fjouwer rigels en it is ek dúdlik dat Hoekstra Barnauw syn wize fan oersetten folget.
Ta beslút set ik de oersettingen fan noch twa rigels en it orizjineel nêst inoar. Op side 73 kaam ik by Hoekstra it wurd ‘drankminge’ tsjin, dat wie de oanlieding, want ik tocht, drankminge?
Fidels, hymnen, feest, dûns, drankminge,
Feestnocht, útstallings en alle oare dingen
It orizjineel hat:
Festes, instrumentz, caroles, daunces,
Lust and array, and alle the circumstaunces
Modern Ingelsk:
Carols and instruments and feasts and dances,
Lust and array, and all the circumstances
Barnauw hat der fan makke:
Van feesten en muziek en dans en rei
En leute en klederpracht, al het gerei
En Van Altena:
Feesten, muziek, liedjes en dansjes mede
Lust en kledij en al de’omstandigheden
By dizze rigels hat Hoeksta it der net sa bêst ôfbrocht: ‘drankminge’ (moai betocht, mar…) en twa kear it wurd ‘feest’; Barnauw ek net; Van Altena folle better.
Oersette is in tormint fan in bezichheid. Hoekstra hat The Canterbury Tales tige lêsber oerset, hy jout lêsgeniet – ik bin him tankber dat er dizze put wurk foar us út ’e wei set hat – mar syn wurkstik is net sûnder wryt of slyt, it hat skawankjes, ek slimme.
Geoffrey Chaucer
De Canterbury ferhalen
Oersetting: Klaas Hoekstra
Utjouwerij Elikser B.V., Ljouwert 2010
Ferkeappriis: € 35,00