Hidde Boersma

Ta rêst komme by de Sinees

logo.ensafh

By de Sinees sit ik oan in glêdlakte tafel achter in sierlik glês bier op in filtsje te wachtsjen op myn Nasi Indonesia Kip. De tafel is ôfnommen, glânzget en is útsein it glês, it filtsje en myn earms leech. Hearlik. Ik ha my yn skoften net sa rêstich en sereen fielt. Ik soe wol in krystferhaal skriuwe wolle dat him ôfspilet yn dizze setting. Op in dei, sa nim ik my foar, sil ik de lju hjirre myn idee foarlizze en hearre oft der yn harren saak of libben ris eat bard is dat him foar myn ferhaal lient. Sa kaam de skriuwer út de film Smoke ek oan syn materiaal.

Ik ha it tige stean op Sinezen, al ha ’k no ek wer net in hiel soad mei harren. It is dat ik my yn selskip fan Sinezen altyd tige op myn gemak fiel. Se komme op my rêstich oer, wat mooglik inkeld in symptoom is fan harren heechsteande foarkommendheid, mar hawar. Miskien binne it harren healtichtknypte eagen wol. Ek as katten de eagen heal tichtknipe ûntspan ik. Boppedat kin ik harren net ferstean as se mei-inoar prate. Je hearre dat minsken yn harren kleien oer bûtenlanners wolris it argumint brûke dat se der senuweftich fan wurde dat se net ferstean kinne wat der sein wurdt. Ik ha dêr nea lêst fan. Sa mei ik middeis ek graach allinne op in terras sitte. Dan bin ik altyd hiel tankber dat ik net diel hoech te nimmen oan it geëamel oan de tafels om my hinne. Yn ’t gefal fan in taal dy’t ik sels net machtich bin, hoech ik my net iens te ergerjen oan of te ferwûnderjen oer wat der sein wurdt. Dat muoit my nea.

De tafel stiet heaks op ’e muorre en skiedt it restaurant fan de ôfhelhoeke. It is dúdlik dat de tafel net mear by it restaurant heart, al soene iters der yn in needgefal wol in plak oan krije kinne, liket my. Minder dúdlik is it oft de tafel heart by de ôfhelhoeke. Mooglik hawwe de útbaters it net sa bedoeld, mar klanten dy’t op harren iten wachtsje ha ’k der wolris sitten sjoen as by drokte it rychje stuollen lâns de wand beset is. Op ’e salontafel foar de rige stuollen lizze kranten en tydskriften en foaral krantelêze wol it bêste oan in tafel. Meast is it dan dizze of jinge man dy’t mei de krante oan de tafel sit.
Ien kear sieten de Sinezen sels oan de tafel. Se wiene oan it iten. Oan de iene kant fan ’e tafel siet in stokâld echtpear, grif de heit en mem fan de útbater, dy’t it restaurant op in stuit oan him oerdroegen hawwe. Ik hie se dêr noch net earder sjoen. Se moasten troch de krimp suver fan ûnder it tafelblêd wei it iten op de foarke prikke. Ite mei stokjes hiene se blykber farwol sein. Oer de kromme rêch fan de man loerde ik even nei wat der op ’e tafel stie. It iten seach der krekt sa út as de hearlike gerjochten dy’t se je yn de plestik bakjes meijouwe.
Oan de oare kant fan ’e tafel sieten in jonge en in famke dy’t ik werkoe as de obers fan it restaurant. Se ieten harren board leech en makken plak foar in oar famke út de betsjinning en ien fan de koks. Faaks dat de tafel yn prinsipe bedoeld is foar it personiel.

Goed besjoen is it noch mar de sechde of sande kears dat ik by dizze Sinees, Nieuw China, oan de Biltstrjitte myn iten helje. It is noch mar in goed jier lyn dat ik him ûntdûts, en it hat in skoftke duorre foar’t ik him nei de earste kear foar de twadde kear oandie. It moat útstel fan geniet west ha, want nei de primeur wie ’k fuort oertsjûge fan de kwaliteit. No is de hikke lykwols wol fan ’e daam.
De sfear by dizze Sinees is – it kin eufory wêze – mooglik de bêste dy’t ik oant no ta troffen ha. Fan myn plak ôf efter de tafel ha ’k sicht op de sydkant fan de bar en kin ik sawol de útbater as de klanten yn folle lingte sjen. In lyts jonkje dat mei syn mem om Sinees iten út is, is ek fassinearre troch dat gegeven. Hieltyd sjocht er even om it hoekje om efter de bar te sjen. Spitich dat er net sa ûnbefongen is dat er in kuier de keuken yn makket. Mei’t er bern is, kin er soks no noch meitsje. Ik moat sitten bliuwe. Dat konstatearje ik allinne mar, want op it stuit wol ik hielendal net yn de keuken sjen. Hjir sitte oan dizze tafel is alles wat ik wol, en wilens in bytsje gluorkje nei hoe’t it der hjir om en ta giet. Eins makket my dat ek neat út, want ik fiel hjir in rêst dy’t sûn is foar lichem en geast. Ik fernim dat ik de pine yn myn linkerearm, -skonk en ûnderrêch no net fiel. Myn hân leit flak op it tafelblêd en is sa rêstich as in makke hûn. Tajûn, it is freed en ik bin wurch en foldien fan de hiele wike wurkjen, mar dan noch. Dit plak is in oaze.
In goeie moanne lyn kaam ik hjir ek ris om iten, ek op in freed wol ’k leauwe, en doe wie ik wol sa alderferskriklikste hongerich en sa deawurch dat ik net kieze koe út alle gerjochten op ’e kaart.
‘Ik ben moe en ik heb honger,’ sei ik tsjin de Sinees doe’t er wat tichterby kaam te stean, ‘Ik kom er niet uit. Zoveel keus.’
‘O,’ sei de Sinees, ‘zal ik een keuze voor u maken?’
‘Graag,’ suchte ik.
Hy wiisde my it Yndonesyske gerjocht Babi Ridja oan en ik stimde yn. It wie drok, drokker as hjoed, mar nimmen fan de klanten wie oan de tafel sitten gien dêr’t ik no oan sit. Ik rûn der op ta en joech my del op krekt itselde plak as no. Guon minsken seagen even koart út harren lêsmapbledsje op nei hoe’t ik dêr siet. In wike earder hie ’k oan de tafel in fint sitten sjoen mei in glês bier op in filtsje, en op it momint dat ik oerwage om dêr ek foar te gean, klonk it: ‘Babi Ridja is klaar.’
Ik seach dat de Sinees de holle nei my útrekte en it plestik pûdsje mei it bakje iten noch in lyts bytsje heger hâlde. It wie foar my.
‘Ah,’ sei ik en doe’t ik oerein kaam seagen de oare klanten wat ferwûndere op. Hoe koe it no dat dy jonge no al syn iten meikrige?