Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Earder dit jier hat Ruurdtsje de Haan alris inkelde gedichten bydroegen dy’t se skreaun hat nei oanlieding fan keunstwurken fan M.C. Escher. Op dizze ôflevering in folgjend gedicht yn dy rige.

Skermer syn kollum giet oer ‘opite’. De oanlieding leit yn de tiid fan it jier: de ierdbeien binne ryp.

Jouke Hylkema syn ferhaal giet frjemdgenôch net oer ‘fytse ‘op pinkstermoandei:  ‘Wy fiele ús as keningen yn ’e loft op dizze peaskemoandei fan 2009, de earste Alvestêdetocht foar  oldtimer-sweeffleantugen.

Op dizze ensafh ek de tredde ôflevering fan Willem Winters syn ‘Swarte Waaksens’: ‘Mar ûnbekend as er hjir wie, hie er gjin idee hokker rjochting him de bêste kâns joech. Wylst er oer syn seare bonke wreau barste ratteljend it gewearfjoer los.’

Rieuwert Krol reagearret yn it stik ‘Hokker doel tsjinnet de tradysje? – Oer de wurdearring fan de Fryske poëzij’ op Abe de Vries syn stik in skoft lyn op Poadium: ‘De wurdearring fan poëzij fynt plak yn ’e diskusje – oer De spegel en Het goud‘: ‘Abe de Vries sjocht syn blomlêzing Het goud op de weg – sa as al opmurken – neffens syn ferantwurding as in polemyske reaksje en korreksje fan de kanon. Ik wit net oft dat wol sa is. Yn it foarste plak suggerearret de titel en de ûndertitel hiel wat oars, nammentlik gewoan in kanonyk wurk fan in wichtige hjoeddeiske Fryske dichter.’

Wy kondigje it alfêst oan. Dit is de ien nei lêste ôflevering fan ensafh foar de simmer.  Op 27 juny  ferskynt noch nûmer 12 en dêrnei is it pas op 12 septimber oan nûmer 13 ta.

De rubriken ‘Teleks’, ‘Poadium’ ensafuorthinne wurde wol gewoan ferfarske.  

Yn de rubryk ‘Oersetting / Translation’ it gedicht ‘Ik droomde…’ yn in oersetting fan Minke Dooper, dy’t har op ensafh foar it earst as oersetster hearre lit.

 

  

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *