Rieuwert Krol

Hokker doel tsjinnet de tradysje? – Oer de wurdearring fan de Fryske poëzij

logo.ensafh

Op rubryk ‘Poadium’ fan ensafh (‘De wurdearring fan poëzij fynt plak yn ’e diskusje – oer De spegel en Het goud’op 31 maart 2009; sjoch ûnder Auteurs) skreau Abe de Vries in polemysk stik oer de diskusje oer de twade, útwreide printinge fan De Spiegel van de Friese poezie. De Vries syn krityk op de gearstallers fan ‘De Spiegel’ is dat se gjin ferantwurding fan har kar yn de bondel opnommen hawwe en dat de diskusje oer de Fryske poezij dêrtroch net stimulearre wurdt.�
In diskusje sa as Abe de Vries dy wol is moai en nedich. Dat der troch de gearstallers net iens besocht is om in fatsoenlike ynlieding by har kar te skriuwen seit eins al genôch. Dat der no ek al net reagearre wurdt op it stik fan De Vries seit it nochris: guon wolle gjin literatuerkiednis, mar Fryske dichters, leafst safolle as mooglik.

In skiednis yn gronologyske folchoarder presintearje wol sizze dat der miskien in liniêre ûntjouwing yn literatuer sit dy’tst op dizze wize sjen litte kinst. It ien komt nei it oar. De jongere dichter lêst de âlde en sa kinst moai de tried folgje troch de tiid hinne oant de dei fan hjoed. Alle blomlêzings yn Fryslân dogge dat. Kinst fansels ek in oare bondeling meitsje. In protte dichters binne hielendal net beynfloede troch in dichter dy’t in ieu earder wichtich wie. In tematyske blomlêzing soe bestean kinne út motiven of stylkenmerken fan beskate dichters. De oardering dy’t no yn bygelyks ‘De Spiegel’ hantearre wurdt hat fansels in hiel oar sekundêr doel, nammentlik de Fryske literatuer in histoarysk ramt jaan. Har skiednis is in argumint foar it bestean fan de subsydzje dêr’t de Fryske literatuer fan libbet. Dat is net slim. Sa is it en it is moai dat der noch subsydzje foar is. Myn beswier is dat it net útlein wurdt.

De blomlêzing fan Abe de Vries, Het goud op de weg, hat –sa as er sels ek seit- gjin promosjonele doelen. Oars as it sjen litten fan in alternatyf foar de kanon sa as dy yn 1994 al yn ‘De Spiegel’ presintearre waard, wol er net. Ek De Vries hat in gronologyske oardering brûkt wylst er him foaral dwaande hâldt mei de fraach wat it ferline foar de poëzij dy’t no skreaun wurdt betsjutte kin. Mei sa’n opfetting – de tradysje as in ynspiraasjeboarne – kin ik net rjocht sjen wêrom’t de oardering gronologysk wêze moatte soe. It is ek hielendal net wichtich foar dizze poëzijopfetting. De tiid, it ûntstien, it libben fan in dichter en syn sosjale wurklikheid; it docht der allegear net ta. Wêr’t it De Vries om giet is de poëzij en dy poëzij moat de dichter fan no oansprekke. Piter Boersma hat yn ‘Abe syn missy’ (Hjir , nr. 4, 2008) ek sjen litten dat dit in hiel persoanlike kar wurden is, dy’t foaral troch De Vries syn poëtika beskaat is.

Yn syn krityk en pleit De Leugen op de wei reagearret Eeltsje Hettinga op de ynlieding en kar fan Het goud op de weg. Hy hat in bulte krityk dy’t neffens my delkomt op in te beheinde en by einbeslút ideologyske bedoeling fan de blomlêzing. Der hat er wol gelyk oan. De opfetting oer wêr’t it mei de poëzij hinne moat en hokker foarbylden der yn it hjoeddeiske poëzijlânskip te finen binne is in útsprutsen ideologyske opfetting. Dat De Vries no yn syn stik op ‘Poadium’  seit dat syn blomlêzing en ynlieding allinnich mar in polemysk stik is, wol der by my net yn. Syn eigen poëtika is liedend yn syn foarming fan in kanon fan de Fryske poëzij. Ast goed lêst, sjochst dat de poëzij fan Eeltsje Hettinga -dy’t beswier hie tsjin it opnimmen fan syn gedichten yn de blomlêzing- eins de poëzij is dy’t Abe de Vries as in goed foarbyld sjocht fan wat hjoeddeiske poëzij. Nammentlik as in ferbylding fan de opposysje tusken tradysje en fernijing. Terjochte makket Hettinga beswier tsjin de anneksaasje fan syn poëzij yn sa’n bondel. De tradysje, de regionale identiteit, der hienen we as literatuer dochs mei ôfweefd?

As’t de diskusjes fan it ôfrûne jier lêst sjochst dat de diskusje oer de kanon fan Fryslân en de kanon fan de Fryske literatuer trochinoar rinne. Goffe Jensma skreau in stik yn It Beaken oer de needsaak fan sa’n kanon fan de Fryske skiednis. Dat kin nedich wêze, mar it punt dat er makket dat de spanning tusken autintisiteit, tradysje en ynnovaasje of modernisearring it hert fan it hjoeddeiske Frysk útmakket snijt te min hout. Dy spanning jildt de hiele westerske wrâld fanôf it momint dat de yndustrialisaasje opkomt. Dat der no eksplisyt reagearre wurdt út dizze spanning wei makket net dat dy der earder net al wie en eins de katalysator fan in feroarjende identiteit is. Ek De Vries hat it al in pear jier oer in moderne poëzij dy’t werom gripe moat op syn skiednis. Sûnder dy skiednis soe de poëzij fan no neat wurden wêze. Mar is der sa’n grut ferskil tusken de ferskate blomlêzings as De Vries ús leauwe litte wol? Ast nei de listkes sjocht dan makket it net safolle út oftst de iene of de oare blomlêzing lêst. Yn beide komst dochs in protte deselde dichters en gedcihten tsjin. Miskien moatst ek net blyn stoareagjen op in pear skriuwers dy’t der net yn stean of ûnterjochte wol yn stean. In kwantitative ferliking smyt ek net genôch op. Faaks is it nijsgjirrich en besjoch ien dichter dy’t yn alle twa de blomlêzings in plak hat en ferlykje de kar sels. Hokker fersen wurde opnommen en wat seit dat oer de kanon.

Abe de Vries sjocht syn blomlêzing Het goud op de weg – sa as al opmurken – neffens syn ferantwurding as in polemyske reaksje en korreksje fan de kanon. Ik wit net oft dat wol sa is. Yn it foarste plak suggerearet de titel en de ûndertitel hiel wat oars, nammentlik gewoan in kanonyk wurk fan in wichtige hjoeddeiske Fryske dichter. Boppedat: wurdt sa’n blomlêzing troch de Nederlânske lêzer -foar wa’t it dochs ornearre is- wier as in polemyske reaksje op it autoritêre hânboek lêzen? Of is it sa dat beide boeken nêst inoar as kanon funksjonearje sille?. Beide blomlêzings binne ornearre foar de Nederlânske merk. Se litte oan de grutte broer sjen hoe’t har tradysje dêrút sjocht en sizze dêrmei dat der net samar in dialektsje bestiet yn it noarden fan Nederlân, mar in wiere taal mei in tradysje fan skriuwers dy’t it ek noch âlder is as dy fan wa ek, en dy’t no ek noch libbet. Der is eins neat slims oan. Ast gjin lêzers hast yn eigen lân, besikest fansels yn in oar lân erkenning te krijen.

De Vries docht as wie it mooglik en besjoch de tradysje út in punt bûten de skiednis om en beslút ta de kar foar de tradysje. Mar der is eins hielendal gjin kar mooglik. De tradysje, it ferline, is oeral, foaral yn de Fryske wrâld en dan foaral yn de Fryske literatuer. Kinst wol dwaan as wie der gjin tradysje mar dan sil in oar dy wol efkes wize op de tradysje dêrst yn stiest. De iennichste kar dyst meitsje kinst is de kar foar de hâlding tsjinoer dy tradysje. Kinst it bestean fan in tradysje in betsjutting jaan of kinst de tradysje sels ûndersykje en opnij in betsjutting jaan. De Vries wol net it bestean fan in kulturele tradysje of in poëzijtradysje betsjutting jaan, mar de tradysje akseptearje en dan in nije ferhâlding ta dy tradysje ynnimme. Net troch it fersloeren en negearjen fan dy tradysje, mar troch it fenomeen sels te besjen. Dat liket mei gâns better foar de ‘folwoeksenwurding’ fan de Fryske kultuer as mar wer ris nei de kanon fan ferhalen, foaroardielen en feitsjes te sjen.

In identiteit is in konstruksje. Dy konstruksje wurdt troch ferskate meganismen yn stân holden en foarme. It liket my ta dat in skriuwer, esseeïst of in wittenskipper him net dwaande halde moat mei de tradysje en wat dêrfan wol en wat dêrfan net wier of jildich is. It liket my better as se har ôffreegje wêrom’t der in tradysje is en hokker oarsaken der oanwiisd wurde kinne foar it bestean derfan. Mei oare wurden: hokker doel tsjinnet in tradysje en ek it besprekken fan dy tradysje? Jildingsdrang, erkenning of identiteit? Soe allegear kinne mar wat is identiteit en wêrom wol immen sa graach in identiteit? Mei oare wurden: lês it proefskrift fan Liesbeth Brouwer en de eagen sille dy iepengean. Der is noch safolle net dúdlik, der is noch safolle net ûndersocht yn de Fryske letteren.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *