Anneke van Renssen

It digitale tiidrek

logo.ensafh

Der binne in pear ûnderwerpen dy’t in grutte rol yn ús libben spylje: Willems aardichheid oan it sammeljen fan de meast frjemde saken en ús beider probleemkes mei it digitale tiidrek. Willem wie dan ek as in bern sa bliid mei it rekkenwûnder dat in freondinne oan him joech. In fierstente djoer kado, it gefal is in antykje. Fan my mocht it eigentlik net, mar ja. Se woe net fan weromjaan witte en Willem boartet der ûnderwilens graach mei. Dat soe ik ek wol wolle, maar ik haw ik drok mei in oare soarte fan rekkenjen. Better sein: in tekoart oan rekkenjen. Ik bin yn oarloch mei de SNS-Bank. Yn in fleach fan sljochtsinnigens is útjouwerij Perio, in oare aardichheid fan Willem, sa’n fjouwer moanne ferlyn oerstapt fan de ING nei de SNS-Bank. Wy tochten handich te wêzen en de SNS soe helpe mei it oerstappen. De ellinde begûn doe’t de digipas, dy’tst nedich hast foar it ynternetbankieren, kaam. De knopkes fierstente lyts foar Willem. It akivearjen mislearre, digipas blokkearre. Wy krigen in nijen. Wer mis… Ik mar ’s skilje en it probleem útlizze oan in aardich jonkje. Hy hie in fantastyske oplossing: in grutte digipas mei grutte knoppen, foar minsken mei eachproblemen. It gefal kaam, ik soe it aktivearje. Ik sette him oan. ‘FAIL 1’ stie der mei grutte letters. Noch in kear probearje. Wér ‘FAIL 1’. Ik de bank mar wer skilje. Dizze kear in net sa aardich famke. It koe net, ik hie wat ferkeard dien. Moai net. Wy krigen wer in nijen. Mei it swit yn ’e hannen oan ’e gong. It kring die hielendal neat, sels gjin ‘FAIL 1’. Poerlilk mar wer de tillefoan pakt. Alwer in aardich jonkje dy’t my útlizze woe wêr’t de oanknop siet. Dat hoegde net, dy hie ik al fûn. Der moast mar wer in nijen komme. Dat hoegde earst net. Earst mar op fakânsje. Eefkes gjin banksaken. Ferline wike moast it heve. Ik moast wér in nije digipas oanfreegje. Ik neamde it rekkennûmmer en de man sei ‘U belt zeker over de digipas?’ Ik smoarde der hast yn. Yndie. No leit der wer in nijen op tafel. Ik doar it doaske net iepen te meitsjen. It moat wol, want ûnderwylst hat Willem gjin idee hoefolle der op ’e rekken stiet en wa’t noch betelje moat. Wat in ellinde, en dat allinnich út reden fan frjemde sunigens. Wy tochten in pear euro mear oan rinte te krijen. Wylst der hast neat op dy rekken stiet. Ik bin folle mear kwyt oan de tillefoan. Noch eefkes en Willem moat syn moaie rekkenwûnder op it ynternet pleatse. Tusken de twahûndert en fjouwerhûndert euro kin it opbringe…