Willem Winters

Trinks Brunswiga

logo.ensafh

Myn eagen stienen op stâltsjes, sa’n moai apparaat. Net sa grut, mar wol aardich swier, 3,5 kg, 10 sm heech en 20 sm breed op in grûnplaat fan 17×32. It deksel – dêr’t it apparaat yn meinaam wurde kin, in ier mobyltsje – rint der yn in prachtige bôge oerhinne. It is de Trinks Brunswiga – in rekkenmasine fan krapoan 100 jier, yn ’e hannel brocht troch Adr. Köller en fan Os (Rotterdam).

Oantúgd troch in famyljelid dy’t om 1900 hinne wurke by de Nederlânske Bank en hat 10 skiven, dêr’t de nedige sifers op stean. Fan 1 oant 9 + de 0. Dy skiven binne mei nippeltsjes te betsjinjen.
Stel it earste nippeltsje op 1, dan it hânsel – rjochts – losmeitsje en in slach draaie. No dûke alle nippels nei binnen, en driuwe dêr it meganyk oan.
Op de rigel ûnderoan ferskynt de yntoetste 1. Doch noch in slach en der komt in twa foar it ljocht (1+1=2).
Sa kinne jo mei dy 10 sifers alle optellingen meitsje dy’t mei 9 sifers makke wurde kinne.
Is de berekkening klear dan kin alles wer op 0 set wurde mei twa fleugelmoeren. Ien slach draaie en ’t is klear.
Sa haw ik my de ôfrûne dagen fermakke mei de Trink Brunswiga. Optelle giet best, mar ôflûke, fermannichfâldigje en diele haw ik noch net útfûn.

Om 1900 hinne kamen der mear en mear fan sokke masines. De Arabieren hiene yn de 13e ieu al meganyske masines, mar rekkenmasines yn de wat letterliker betsjutting, binne fan begjin 19e ieu. Pioniers wienen Marie Jacquard en Charles Babage. (Nico Baaijens skreau der in boek oer, ynformaasje is ek te finen op syn webside.)
It ferskil mei in typmasine is dat dêrby te sjen is hoe’t it funksjonearret, wylst by de rekkenmasine de kearn efter in omklaaisel ferstoppe sit; men sjocht wol it draaien fan it earste stel skiven, mar net hoe’t it apparaat it optellen klearspilet.
Dit eksimplaar (produksjenûmer: 3793) waard om 1929 hinne makke en is tige seldsum. Samlers jouwe der grif 400 euro foar, mar tink mar net dat ik ’m fuortdoch, it is in kado fan Y. dy’t ’m wol út ’e wei hawwe woe. Earst aksele ik noch tsjin – in bytsje – en doe’t Annek my strang oanseach sei ik dat se, Y., sokke moaie dingen dochs net fuortjaan koe.
Jawol dat koe wol.
It einige dêrmei dat Annek it ding nei de auto sjoude. No stiet er op in planke neist in reistypmasine, ‘Continental 340’. Men is samler of net! Boppedat, de estetyk fan sokke meganyske apparaten is net te ferlykjen mei digitale. De moaiste kompjûter kin net konkurrearje mei sa’n analoge prestearder.