Jelma Knol

Edelkitsj as stikeme lêshobby

logo.ensafh

Ik bin ferslave oan Downton Abbey sa’t ik dat ea oan Brideshead revisited wie. Ja, minsken, ik kom der no mar even earlik foar út. Edelkitsj fan de slimste soarte. Om jin dea te skamjen.
De dvd fan diel twa is noch mar krekt ferskynd en ik haw him alwer hielendal besjoen. Yn de tuskentiid moast ik my behelpe mei in oare aadlike húshâlding mei allegear probleemdochters: de beruchte Mitfordsisters. Dêrby ferlike binne de dochters fan Earl Grantham hiele nuete types.

Earst begûn ik mar werris mei de hast stikken lêzen paperbacks Hons and rebels en A fine old conflict fan myn favoryt, left wing Jessica. Sy rûn fan hûs mei har neef Esmond om de Spaanske Boargeroarloch te ferslaan en waard letter yn de USA ûnder mear bekend as boargerrjochte-aktiviste en bestrider fan de superkommersjele útfeartyndustry. Jessica fytst yn har faak hilaryske beskriuwingen bekwaam oer har eigen fertriet hinne (twa fan de fjouwer bern stoaren en Esmond is as oarlochsfleander ferûngelokke en noait weromfûn). De twa nazisusters Diana en Unity komme yn de ferskate boeken dy’t oer de famylje skreaun binne, royaal oan bod.
De mânske literatuer oer de Mitfords is ferrike mei in nije autobiografy, troch Deborah Devonshire, de jongste en iennichste dy’t noch yn libben is, Wait for me.
Deborah seach ik wolris op de BBC: in pittige âlde en geastlik bysûnder sterke dame, dy’t fan it rêden fan Chatsworth har libbenstaak makke hat. De autobiografy is op bepaalde punten noch hiel ferrassend. Se giet yn op it ûnderwiis dat de Mitfordfamkes oan hûs krigen, fan harren eigen mem, Muv. Dêr siet wol deeglik in goed trochtocht pedagogysk konsept achter. Nancy, de ferneamde âldere suster dy’t skriuwster waard, hat – miskien wol út oergeunst op har moaie suster – in pear kear Diana oanjûn as in steatsgefaarlik type. Dat hoegde eins net: elkenien wist wol dat Diana mei de Ingelske Mussert troud wie en se koe har sels ek net stil hâlde oer har politike sympatyen. Deborah giet ek frijmoedich yn op de dranksucht fan har man, the Duke of Devonshire. En har foarleafde foar de jacht, benammen it ôfsjitten fan grouse. Lit natuerbehâld mar oer oan de âlde Ingelske adel! Mar hoe konservatyf Deborah ek is, foar in hartoginne dy’t sels noch kij melke kin, bliuw ik in swak hâlden.

Julian Fellowes, de betinker fan Downton Abbey, hat as baron in soad inside information út aadlike rûnten ferwurke yn de rige, mar it is – ast it de twadde kear besjochst – benammen in goed makke soap. Ik haw my op ’e nij ôffrege wat no de reade tried yn de searje is. It giet fansels om de fraach wa’t Downton Abbey yn besit krijt. Dy striid giet yn diel 3 grif fierder. Ik gok derop dat Sir Richard Carlisle, de ûnskrupulueze krantemagnaat, keihurd de striid oangiet mei Matthew en Lady Mary, dy’t beiden fansels altiten jildpine hawwe. Mar de rige giet fral oer yntegriteit en honesty. De Earl is noch wol leauweardich as man fan ear, mar Bates is fan in hillichheid en martelderskip wêr’tst hast net mear yn leauwe kinst.
De Mitfordsisters litte dêrfoaroer sjen dat it echte libben altiten spektakulêrder is, as wat in skriuwer betinke kin.