Geart Tigchelaar

Sinjalemint ‘Dat it streamt’ fan Wilco Berga

logo.ensafh

Wilco Berga soarget foar ûnder oare ‘ferrassende ûntknopingen’ sa ûnthjit ús, as lêzer, de achterflaptekst. En neat is minder wier.
Ik kin no al wol sizze dat de ferhalen stik foar stik mei in soad soarch en belied konstruearre binne. Dat hat der foar soarge dat se foarst goed yninoar stekke en oard dat it yn kreaze styl en opbou skreaun is.
De ferhalen hawwe allegear mienskiplik dat it haadtema ferhâldings tusken minsken binne. Oeral spilet wol wat en meast yn it negative, of sit der alteast in negative diminsje oan. Is dat lykwols yn it echte libben ek net it gefal?
It falt op dat de measte personaazjes yn ’e ferhalen keunstners binne. Dat kin mei in pensiel en farve wêze, mar ek mei in trompet of piano. In man kin fan berop taksysjauffeur wêze, mar dan sil er net fan skaken, mar fan tekenjen hâlde.
De auteur dosearret de ynformaasje kundich sadat men jin hieltyd ôffreget hoe’t no krekt de foarke yn ’e stâl sit. Sa wurket er rêstich en op syn tiid nei de ûntknoping ta dy’t yndied fakernôch ferrassend is. Mar ek gauris kwalik nei te kommen, sadat de lêzer – alteast ik – wat teloarsteld is, om’t men noch net krekt wit hoe’t it sit. Mar dêr gean ik op in oar plak graach wiidweidiger op yn.

Meikoarten sil der of yn de papieren ensafh of hjir op ynternet in grutter besprek komme.

Wilco Berga
Dat it streamt (ferhalen)
Afûk, Ljouwert 2011
ISBN: 978-90-6273-886-1
Ferkeappriis: € 14,95