Eric Hoekstra

Midfrysk Goud i. | 13. Deiboek en reis fan Jan van Vliet

logo.ensafh

It byhâlden fan deiboeken is fan alle tiden, al hjit it tsjintwurdich dan ek wol blog of weblog. Jan van Vliet (1620-1666) reizge yn 1643 troch Fryslân hinne en hy docht ferslach dêrfan yn in deiboek. Hy wie in abbekaat dy’t foar in bestjoerlike karriëre keas. Mar hy hie in grutte niget oan wittenskip en benammen ek oan taal, al lei syn betûftens mear yn ’e bridte as yn ’e djipte. Hy wie sels gjin Fries mar in Sieuw, dy’t himsels Frysk learde.

It deiboek is spitigernôch mar in pear siden. It is skreaun yn ûnderskate talen: Latyn, Frânsk, Hollânsk, Italiaansk, Frysk en Ingelsk. De iene dei skreau er yn de iene taal, de oare dei yn de oare. Hy wie in echte leafhawwer fan talen, dy’t er himsels foar in part út âlde boeken learde. Syn Frânsk bygelyks is dêrom fol fan argaïsmen. Syn entûsjasme wie grutter as syn krektens want der sitte frijwat flaters yn syn stikken. Nei syn reis troch Fryslân bleau it Frysk ien fan syn favorite ûnderwerpen. Hy hie ek kontakt mei de grutte taallearde Junius.

Yn syn deiboek hat Van Vliet twa dagen yn it Frysk (stienkoallefrysk) beskreaun. Ut syn wurdfoarrie kinne wy ôfliede dat er Piter Baardt syn Boerepractica bestudearre hat om Frysk te learen. Van Vliet hat ek fan oaren Fryske gedichten of sankjes optekene. Dat wiist derop dat der yn de 17e ieu wol Fryske lietsjes en gedichten ûnder it folk om giene. Yn de 19e ieu wie dat net sa, dêr’t de Halbertsma’s yn Rimen en Teltsjes ommers oer kleiden. Al kinne de lietsjes ek oersettingen wêze.

De optekene sankjes binne frijwat obskuer bytiden mei’t it Frysk fan Van Vliet sa min is (hoewol goed, sjoen it feit dat er in Sieuw is). Opmerklik is dat Van Vliet rapportearret dat der yn de Frjentsjerter Akademy yn it Frysk preke waard, mar neffens de wittenskippers Brouwer en Campbell (‘The early Frisian studies of Jan van Vliet’) is dat in fersin omdat it yn gjin inkelde oare boarne rapportearre wurdt. Ta it deiboek en de gedichten dan!

Sneon, de njoggende maaie.

Bin ik gien fan Boalsert moarns te tsien oeren yn ‘e pream, mei goed selskip fan sân lju, en ien âld famke fan Seisbierrum. Mar it waard wer kâld, en de wyn wie tsjin ús, sa dat wy earst te fjouwer oeren nei jûns te Frjentsjer kamen; en ik teach yn “De Fergulde Falck” thús, yn it grut, treftich hûs steande op ‘e merk. Frjentsjer is in lyts, mar swiet en moai stee, net folle grutter as Boalsert, en hat mar ien tsjerke. Dan preekt der ek ien yn ‘e Akademy alle sneinen sawol yn it Latyn as yn it Frysk. Der binne mar trije poarten.

Woansdei, de trettjinde maaie,

of tirde, nei de âlde en Fryske styl, rieden wy mei de wein te stêd te Snits op ‘e merk, dy’t fol wie fan alderhanne lju, en famkes, guon mei Molkwarder kappen optoaid. Wy seagen in hûn mei twa fuotten, en ien dy’t fiif otters hie, en in laam sûnder holle, yn in doarpswente berne, en in fisk mei 10 hoarnen. Snits is in lyts, moai stedsje, sa grut as Frjentsjer, hat in hege tsjerke mar in sljocht stedhûs. Wy ieten yn “De Wytte” earte lyk as op in brulloft, seis-en-tritich stoer it miel. Snits is mar trije myl fan Frjentsjer mar de wei is wûnderlik krom sa dat wy Tsjom wol oardel oere neiby bleaunen alles meiinoar.

Saterday, the 16 of May.

Went I from Franeker in a frosty morning and came in three hours at Leeuwart. Is a very pleasant town, and round about with good strong broad walls, and dikes well defended. Is somewhat bigger than Fraeneker, but twice as peoplefull: and brave buildings and streets … (en sa giet it fierder, de oare deis yn it Latyn fan Ljouwert nei Grins).

Sankjes optekene troch Van Vliet

1.

Lolke soe út sichtsjen gean
yn ien fan buormans achten.
Dêr seach er Nies de frijfaam stean,
dy’t op har frijer wachte.
It famke woe doe pea om pea.
“Wy binne hjir allinne
dat kom mei my allinne yn it hea
te skûljen foar de sinne.”

2.

Doe’t Nies yn it hea by Lolke kaam,
hie it stoeien gjin gelikens.
Hy wie bedreaun as in Tsjommer raam
yn it paaien en it striken.
Tûzen patsjes en peaen rjocht
en alle nocht op ierde,
hie Lolke mei syn famke sljocht
eardat it him beswierde.

Transeat Cempo

(Keimpe sette oer? Keimpe giet fuort? Keimpe wie ek de namme fan de hotelbaas fan it hotel yn Frjentsjer dêr’t Van Vliet benachte.)

“Moarns ier foar de dage”

Moarns ier foar de dei
fûn ik in famke sliepend by de wei.
Hja hie har boezem iepen
mei titten rûn, moai los, net bûn.
Dat swiete dier wie fan ‘e dauwe sa fochtich.
Ik naam har hier, goudfervich en krombochtich,
ik droech har mei, ik droech en droech
har titten foar en nei
sa dat der mei acht moanne en tsien dagen
giene ûnderweis, dat it famke har noas en eagen,
yn it lêst fan dat jier, myn famke belieken it bêst.

1.

Jonge frijer, ik skôgje dy oan,
ik ha sa’n sin oan dyn persoan
en ik soe dy wol begearje.
Kom derby
en harkje nei my
wat ik dy sil petearje.

2.

Jonge frijer, it is in mâl petear.
Hast my leaf? Der binne wol mear.
En hoe komt it dy yn ‘e holle?
By dy te sitten?
Soe ik dat net litte,
dan flousto my tefolle.

3.

De jonge frijers binne jong en dom
en sizze wol in wurd en tinke der net om.
Hja speldzje ús wat op ‘e mouw.
De iene seit dit
de oare dat,
sa ferkwakkelje se ús trouw.

4.

Dy’t ús dit nij liet dicht’
wie in frijer fan herte licht.
By Wurdum kaam hy fandinne,
by it konvint
of dêromtrint,
dêr ha syn âlden lang wenne.

*

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *