Gûle
‘Silst dat no wol dwaan, dat is foar my in skot foar iepen doel,’ sei ik doe’t Willem oankundige dat hy in stikje oer muzyk en bern skriuwe woe. Hy sette troch en dan wol ik myn ferhaal ek wol kwyt.
Ik wie lêst in pear dagen op ’e flitter, nei in freondinne. Willem skille middeis mei fersmoarde stimme: ik moast fuortdaliks it ynternet op, nei Youtube en dan André Rieu en Akim Camara sykje. Ik wie drok yn petear mei myn freondinne, ûnderwylst Yatzeeënd. Sa giet it altyd as ik by har bin.
Dochs de kompjûter mar eefkes oan want ik wie in bytsje ûngerêst. Rieu? Ik haw ferskriklik de pest oan Rieu en Willem noch folle mear. It moast ferkearde boel wêze.
Rieu en Akim hiene wy gau fûn. Ik seach de earste bylden en hie fuort yn ’e smiezen wat der oan ’e hân wie. ‘Net bêst,’ sei ik. Willem kin it nammentlik net droech hâlde as it om lytse bern giet. Ik haw der sterke stikken fan meimakke. In berneboek kin er noch krekt sûnder triennen yn ’e eagen lêze, mar as der bylden oan te pas komme lykas yn in bernefilm en dy bern dan ek noch moai aktearje giet it hielendal mis. No is hy net de iennige. Filmresinsint Mark Duursma kin der ek net oer. Mark wie te gast op it Noordelijk Film Festival en hie nei in bernefilm west. Willem ek. Ik frege de manlju wat se derfan fûnen. Dat hie ik net dwaan moatten. Twa folwoeksen manlju stiene middenyn de foyer fan de Harmonie te snotterjen. En har skamje, ho mar.
Slimmer wie wat der yn Kollum barde. Us soan Marten hat er ea hast in trauma oan oerhâlden. Hy wie in jier of fiif. Yn de Colle wie Dik Trom te sjen. Willem mei Marten der hinne. Werom fan de film frege ik hoe’t er wie. Marten sei allinnich: ‘Willem mag nooit meer mee.’ Hy woe der earst net oer prate. Willem wie sa’n bytsje de iennige folwoeksene tusken in pear hûndert bern. En mar lûdop gûle, de hiele film troch.
Willem en muzyk meitsjende of aktearjende bern: de hûn fan Pavlov is der neat by. Ik koe rêstich fierder Yatzeeë. Neat oan ’e hân, ik bin der oan wend.
Anneke van Renssen
Fan Nyman oant Akim
Fan ’e wike seach ik in prachtige dokumintêre oer komponist Michael Nyman. Ik hie nea fan him heard, wat gjin wûnder is want ik sit alhiel net goed yn ’e muzykskiednis. Under oare makke hy muzyk by de film The piano. Al nei in pear maten wie ik alhiel yn ’e besnijing. It is de see dy’tst hearst; de weagen rôlje it strân op. Ik moat tinke oan ‘De zee, de zee klotst voort in eindeloze deining’ fan Kloos. Hoewol’t guon sizze dat de see net klotst, binne oaren fan tinken dat Kloos de meast yngeande dichtrigels ea oer de see op papier setten hat.
Op it oersjoch fan YouTube fyn ik tichteby Nyman’s wurk hiel oare muzyk – prachtich! Jonge Noard-Koreaanse bern fan noch mar in jier as 5, 6, 7 jier âld, mar wat dy prestearje op in gitaar en drums. Net te leauwen. Mar de kadaverdissipline strielt der fanôf. It lykje wol fan dy meganyske blikken boartersguod figuerkes.
Fassinearjend is it Sineeske famke fan in jier as 14 dy’t oan de rjochterhân gjin fingers hat en dochs de stjerren fan de himel spilet op de piano.
Mar it meast oandwaanlik fûn ik Akim Camara, dy’t op syn twadde al les op ’e fioele krige. In wûnderbern!
Hy wie twa jier doe’t er André Rieu en syn orkest foar it earst hearde. Hy wie oerémus; ‘Akim ook fiool hebbe.’
En hy krige in fioele! In jier letter woe er mei Rieu optrede; hy wie al safier dat er hiele komposysjes meispile en alles út ’e holle.
Dus giet it oan. Foardat der spile wurdt – sa kundiget Rieu oan – sil Akim noch in trúk mei wetter sjen litte. Dy trúk wurdt by my de drip… De triennen rinne my oer de wangen, ik snotterje der fan, de kiel knypt my ticht. By sokke aksjes fan bern wurd ik hielendal weak. (Oer dy trúk sis ik neat.
Sjoch sels mar even.)
Dan de muzyk. Akim spilet, net ymponearre troch in tûzenkoppich publyk en likemin troch it grutte orkest. It giet wol ris in bytsje bryk as in noat net hielendal suver is, of as de fioele ûnder it kin wei sjit. Mar wat spilet dat jonkje.
Dagenlang dêrnei trún ik der by elk dy’t ik tsjinkom op oan it optreden fan André Rieu en Akim Camara op te sykjen. ‘En lit my dan even witte oftst it droech hâlde koest of net.’
Willem Winters