Beart Oosterhaven

Aaipop-acts útdoppe

logo.ensafh

Peaskemoandei 9 april 2012 waard te Nijlân de feestlike 25ste edysje fan it Aaipopfestival hâlden. Oft der in oarsaaklik ferbân is, wit ik net, mar fan mar leafst fiif acts dy’t de lêste jierren suksesfol wiene op it festival, nammentlik it Kombo Bauke van der Woude, Souldada, Ljoubjr de Band, dEROELS en NNB, ferskynden koartlyn nije cd’s. Dy fan ’e jonge band NNB, Bjusterbaarlik hurd, waard sels op it lêste Aaipop presintearre. Hjirûnder ‘dopje’ ik al dat nije wurk – dêr’t wol út bliken docht, dat de Frysktalige popmuzyk bloeit as nea tefoaren! – eefkes út.

Wûndermoaie wizen
Bauke van der Woude en syn komboleden Campbell Forbes (basgitaar), John Eskes (gitaar, akkordeon) en Hans Sambrink (drums), wiene de nestors op it lêsthâlden Aaipopfestival. Van der Woude neamde syn formaasje sels in ‘bejaardengroep’. Dy kwalifikaasje kearde net op, dat ek it (wat) jongere publyk wurdearring opbringe koe foar de nûmers dy’t Van der Woude-en-dy spilen fan harren jongste ‘2-cd’ Moed en Nocht. Op dy skiven stean mei-inoar 28 nûmers. Guon, lykas ‘Basje’, ‘Noch ien kear by dy lizze’, ‘It slyt mar net’ en ‘Marike’, stiene ek al op eardere albums fan Van der Woude, mar hawwe no in oar arranzjemint.
Muzikaal ûnderskiede de losse cd’s har fan inoar, trochdat Van der Woude op Moed foaral op akoestyske gitaar spilet en op Nocht mear op elektryske gitaar (in Gretsch). It binne gjin himelbestoarmjende, moderne, arranzjeminten dêr’t de nûmers yn útfierd wurde, mar se hawwe stik foar stik wat tige plezierichs. Bauke van der Woude ferstiet dêrby de keunst om wûndermoaie wizen betinke te kinnen (sa’t syn ‘kollega’s’ yn Fryslân, Nanne Kalma, Wim Beckers en Gurbe Douwstra dat ek kinne). Dêrtroch binne syn lieten, mei ‘Lit nea de hope farre’, ‘It slyt mar net’, ‘Marike’ en ‘Mear as genôch’ foarop, yn ’e regel in segen foar jins trommefluezen.
Tekstueel jout de cd Moed lieten oer, sa’t Van der Woude it sels formulearre hat, ‘langstme, leafde, trou en treast’ en is op Nocht ‘fertroud fjoer’ te hearren. Dat fertroude fjoer is dan in mjuks fan earnst en koartswyl, sa’t Van der Woude dy live steefêst bringt. Krekt as syn ‘taleveransiers’ Jurjen van der Meer (‘Skoalle’) en Meindert Bylsma (‘Lytse Kufu’), stiet Van der Woude as liettekstskriuwer net frijbliuwend yn it libben. Dizze rigels út it nûmer yn it Harnzersk ‘Gripe en graaie’ meie dat yllustrearje:

De jatters, de snaaiers, de gripers, de graaiers,
se kenne gien boaium in hun maach noch hun sak.
Ut geld fan de wrotters fersuipe, fernaaie
en noait komt der ien fan dat tuig in de bak.

Fassinaasje foar Súd-Afrika
Is Bauke van der Woude as artyst dus twatalich, de goep Souldada, besteande út Maeike Sijtsma (sang), Herman Woltman (gitaar, sang), Carel van Leeuwen (sello), Bart Soeters (basgitaar) en Willem Smid (drums, perkusje), sjongt op harren nijste (tredde) cd Oer de grins sels yn fjouwer talen. Seis nûmers binne yn it Frysk, trije yn it Súd-Afrikaansk, ien yn it Ingelsk en ien yn it Frânsk. In ynstrumintaal stik mei wat fokalize, ‘Voorkamerfest’, makket it totaal fan tolve nûmers folslein.
De ynspiraasje foar nûmers yn it Súd-Afrikaansk is opdien by in toernee dy’t Souldada yn 2008 troch Súd-Afrika makke hat. De jonge dichteres Carina Stander hat trije teksten yn har memmetaal oanlevere en ’e ‘grutte menear’ fan Souldada, Herman Woltman, hat dy op muzyk set. Sa’t Woltman ek alle oare nûmers fan Oer de grins komponearre en/of arranzjearre hat. Wat de Frysktalige stikken oanbelanget, falle de twa dêr’t Baukje Wytsma de tekst fan skreaun hat, op. It prachtige leafdesliet ‘Blau fan dagen’ is in hiel moai duet tusken Woltman en Maeike Sijtsma en sit ritmysk fernimstich yninoar. Yn ‘Dowen fan Darling’ hat Wytsma har ynspirearje litten troch it lânskip fan Súd-Afrika.
Muzikaal kin op Oer de grins faaks mar it bêste it etiket (op Súdeast-Europa en Súd-Amearika ynspirearre) ‘wrâldmuzyk’ plakt wurde, mei foaral in soad romte foar akoestyske ynstruminten. Harry Zwerver wit krekt hoe’t sokke muzyk produksjoneel oanpakt wurde moat. Hy lit Oer de grins klinke, helder as glês, as sieten de (treflike) muzikanten by dy yn ’e húskeamer te spyljen.

Muzyk-teatrale ideeën
De groep dEROELS bestiet al in pear jier en makket Frysktalige (retro)rock mei de wrâld oan oare ynfloeden. Winlik is/binne dEROELS foaral it fehikel foar de muzyk-teatrale ideeën fan âld-Wiegels Wjukkelmasine- en Xigatze-foaroanman (én Aaipoporganisator fan ’e earste oere!), sjonger-slachgitarist Gerben Gerbrandy. Syn teksten geane oer saken as pearse doaskes en âlde rituelen, mar ek oer sokssawat idioats as de ‘digitale roelrevolúsje’.Om’t it teatrale aspekt, kompleet mei powerpoint-presintaasjes, sa’n grutte rol spilet by dEROELS, kin men jin ôffreegje oft in nûmer as ‘Ritueel’ wol goed ta syn rjocht komt op in audio-(miny-)cd. Foar it oare befettet de fjouwer nûmers tellende titelleaze debút-skiif fan dEROELS lykwols allinne mar noflike ferrassings.

Fan duo nei band
De ferbinende faktor tusken dEROELS en Ljoubjr de Band, is sjonger-gitarist Hedser Jan Tijtsma, dy’t trouwens ek bestjoerslid is fan ’e Stifting Aaipop. Dat lêste sil der mei te krijen hawwe, dat Ljoubjr de Band ynearsten oprjochte is as projektband foar in optreden op it Aaipopfestival fan 2011. Ljoubjr, as duo fan Tijtsma en gitarist Eelke Wiegersma, bestiet nammentlik al moai wat jierren en hat sûnt 2005 ek al trije cd’s útbrocht. Hoe’t Ljoubjr ‘as band’, mei Anna de Vries (sang, toetsen), Wâtte Leenstra (basgitaar) en Arnold Strikwerda (drums), klinkt, is te hearren op ’e fjouwer nûmers en twa fideoklips tellende cd Folle moanne. Dan docht bliken, dat de akoestyske miniatuerkes fan it duo Ljoubjr yn ’e bandsetting op syn minst goed oerein bliuwe. Ljoubjr de Band hat nammentlik in moai laid back, poppy lûd, dat bysûnder gaadlik is om ’e lietsjes fan Hedser Jan Tijtsma en Eelke Wiegersma ‘breder’ te meitsjen, en by in grutter publyk ‘yngong’ fine te litten. Foegje dêrby dan noch de fakkundige neat-mis-mei produksje fan Jan Switters, en Folle moanne wurdt in echte oanrieder!

Opfolger fan Bombarje
In echte oanrieder is wat my oanbelanget ek, de, wat de ‘ferpakking’ oanbelanget (troch Pieter Hoekstra), prachtich foarmjûne twadde album-cd Bjusterbaarlik hurd fan NNB út Dronryp en omkriten. Dat album jout, mei mar leafst 24 nûmers, gâns waar foar syn jild!
NNB waard oprjochte yn 2007 en bestiet út trije man: Wilco Kingma (sang, gitaren, banjo, mandoline), Gosse-Pieter de Vries (sang, basgitaar, akoestyske gitaar) en Brend Kingma (sang, drums). De groep debutearre yn 2009 mei de cd Rock & Beuke!. Dy titel hâlde al in foech muzikaal program yn, nammentlik fan-dek-op punky rockmuzyk meitsje. As men in selde heftige ‘ynhâld’ ûnderstelle soe nei oanlieding fan ’e jongste cd-titel Bjusterbaarlik hurd, krijt men lykwols in ferkearde foarstelling fan saken.
Sa ‘jong’ oft de ûnderskate bandleden binne, hawwe se har nammentlik de lêste twa jier artistyk en muzikaal in hiel ein ûntwikkele. Opfallend dêrby, is it ferskowen fan it aksint nei in mear folkie oanpak. Dat is foaral goed te hearren yn nûmers as ‘Spoekrider fan ’e klaai’ en ‘It âlde mantsje’, dêr’t de banjo letterlik in wichtige rol yn spilet, en ‘De strjittemuzikant’, dêr’t in mandoline en sels in lûkpude yn te hearren binne. En fierder is op Bjusterbaarlik hurd net om ’e nocht in komposysje fan ’e Dropkick Murphys brûkt foar it nûmer ‘Bier moat d’r komme’. Dy Celtic Rock spyljende groep is in boarne fan ynspiraasje foar NNB!
Tekstueel falt op, dat NNB graach saken en persoanen op in fuotstik set en dy dan ‘tasjongt’. Op sa’n wize bringt de groep op har jongste cd oades oan bygelyks it ‘Heitelân’, (Johnny) ‘Cash is myn held’, ‘Teunis-Jan jr.’, ‘Gutte Pier’ en (Tseard) ‘De strjittemuzikant’.
Lykas sein, waard Bjusterbaarlik hurd presintearre op it lêsthâlden Aaipopfestival. Dat plak wie in prima kar! NNB is nammentlik it skoalfoarbyld fan in act dy’t op Aaipop alhielendal ta syn rjocht komt. De groep strielet enerzjy en entûsjasme út, makket hearlik oansteklike, punky (en no dus ek folky) rockmuzyk, en brûkt dêrby teksten, dêr’t de trochsneed Aaipopgonger har/him mei identifisearje kin. Dêrmei is NNB de ultime opfolger fan ’e groep dy’t sûnt 1994 yn sawat itselde muzikale sjenre warber wie en op Aaipop-2012 har lêste (reuny)optreden joech: Bombarje!

Kombo Bauke van der Woude: Moed en Nocht (2-cd); Voerman Producties; Ljouwert 2011.
Souldada: Oer de Grins (cd); Marista; Dronryp 2011.
dEROELS (miny-cd); Eigen behear; Winsum 2011 (www.deroels.nl).
Ljoubjr de Band: Folle moanne (cd); Eigen behear; Winsum 2012 (tel. 06 – 24 27 82 78).
NNB: Bjusterbaarlik hurd (cd); Marista; Dronryp 2012.